Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
De potskippers fan Sumar dy skreauwen har van der Meer; dy wienen ôfgryslike sterk. Ien fan dy mannen dat wie Sjoerd van der Meer.
It gebeurde mei Burgumer merke. Hy siet yn 'e kroech en dêr siet ek in sekere Freark de Vries, dat wie in slachter, dy kaem fan 'e Folgeren. Dy slachter dat wie in grouwe keardel, dy woech wol 200 poun. Dy slachter woe dêr it...
nl.verhalenbank.30348
Greate Pier wie ris op in kear oan 't ploegjen. Doe kaemen dêr in pear soldaten by him, dy fregen him hwer't greate Pier wenne. Doe krige Pier de ploech mei ien hân beet. Dêr wiisde er mei nei syn hûs wylst er him optilde. Hy sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.36463
Greate Pier wenne to Kimswerd. 't Wie yn 'e tiid, doe wie 't hjir biset gebiet. Greate Pier wie oan 't ploegjen. Der kaem ien by him op 't lân, dy frege him: "Hwer wennet greate Pier?" Doe sei Pier: "Hjir stiet er." Doe stiek er de ploech rjocht foar him út en sei: "Dêr wennet er."
nl.verhalenbank.36613
Jelke Binnes wie in boer, dy wenne hjir yn Mouneein yn in pleats. Hy wie ôfgryslike sterk. Hy helle wolris in grap út. Soms sette er 't ambyld fan 'e smid op 'e dyk. Baes Wop wie de smid. Dy moest dan it doarp yn om folk by elkoar to heljen om dat ambyld wer toplak to krijen. Sa'n ambyld woech 600 poun.
nl.verhalenbank.30303
Sterke Hearke wie op 'e marine yn Den Helder. Hy hie 't dêr min nei 't sin en woe tige graech wer nei hûs ta. Doe sei in ofsier tsjin him: "As jo dat swiere anker dêr it hiele skip lâns sjouwe, dan meije jo moarn nei hûs ta gean."
Doe dìe Hearke dat. Mar doe't er op 'e oare ein fan 't skip wie hied er gjin skuon mear oan. Dy wienen totael formoarzele...
nl.verhalenbank.30042
't Wie yn 'e tiid dat de Saksen tsjin 'e Friezen fochten. Greate Pier wenne doe yn Kimswerd. Op in kear wie er oan 't ploegjen, doe kamen de Saksen by him en dy fregen him of er wist hwer't greate Pier wenne.
"Jawol," sei er, "hjir stiet er." Doe hie er it ploechizer rjochtút stutsen en sein: "En dêr wennet er."
Doe waerden dy Saksen sa bang, dat se...
nl.verhalenbank.30043
Yn Sumar wenne in boer, dy hie in fanke, dat wie bitsjoend. Doe gong dy boer foar dat gefal nei greate Wopke fan Kûkherne, de duvelbander. Doe sei Wopke tsjin him. Dyn fanke sit ûnder in kweade macht, in hiele sterke macht. Dêrom jow ik dy nou gjin drankje mei, hwant dêr komstû dochs net mei thús. Dû mast nei hûs tagean en hjir wer komme mei in glêzen...
nl.verhalenbank.30318
Der wie in boer dy moest in weide hea ta de skuorre yn ha. Mar it hea krige kear by de yngong. De hynders koenen it der net yn krije. Doe hat Sterke Hearke hielendal allinne de wein yn 'e skuorre lutsen.
nl.verhalenbank.30340
Op in kear wie Sterke Hearke oan 't ploeijen op it lân. Doe kom der in man by him dy sei: "Ik mat nei Sterke Hearke ta. Hwer wennet dy?" Doe tilde Hearke de ploege op en stuts him foar him út en sei: "Sjoch, dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.30341