Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
21 datasets found
Dutch Keywords: sterk Narrator Gender: male Place of Narration: Jistrum
Sterke Hearke wenne yn 'e Ham. Trije man sochten him op, dy woenen wite hoe sterk hy wie. Doe fregen se in man dy wie op it lân oan 't ploegjen mei in pear hynders. Se fregen him of hy har ek fortelle koe hwer't sterke Hearke wenne. It wie in sturtploech dy't Hearke brûkte. Hy krige de ploege mei ien hantfet beet, tilde him op en sei: "Dêr wennet er, en...
nl.verhalenbank.24499
Sterke Hearke wenne to Droegeham. Hy wie op in kear mei de hynders op 't lân. Hy bistjûrde de ploech. Doe kom der ien by him, dy moest him ha, mar hy koe him net. Dy sei: Hwer wennet hjir Sterke Hearke? Doe hie Hearke de ploech mei ien hân optild en rjochtút stutsen. "Dêr wennet er", hied er sein.
nl.verhalenbank.33456
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Neffens de forhalen mat der noait ien leefd ha dy't sa sterk wie. It gebeurde alris, doe wie er op 't lân oan 't ploeijen. Doe kommen der guon by him, dy fregen him hwer't Hearke wenne. Doe krige Hearke de ploech beet en stuts him mei de iene hân rjocht foar him út en doe sei er: "Hjir stiet er en dêr wennet er." Hy...
nl.verhalenbank.34488
Hy hat arbeider west by in boer. Der mat it alris gebeurd wêze dat twa sterke hynders in foer dong dat op 'e wein laden wie, net út it skerngat wei krije koenen. Doe hat Hearke de wein der pûr-allinne útlutsen mei dong en al.
nl.verhalenbank.34489
Sterke Hearke wie ris op in kear oan 't ploeijen op it lân. Der kaem in man by him, dy frege him of er ek wiste hwer't Sterke Hearke wenne. Doe krige Hearke de ploege yn 'e hân, dy stuts er rjochtút en hy sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.33443
Der wenne nòch in sterke keardel yn Droegeham. Dat wie Germ de Vries. Dy mjokse mei in houten skytskoffel. Dy die er earst fol stront en dan stuts er him rjochtút.
nl.verhalenbank.33457
Greate Pier wenne to Kimswerd. Dy wie ris op in kear oan 't ploegjen. Doe kaem der ien by him op it lân, dy sei: "Ik mat by in man wêze, dy neame se Greate Pier. Kinne jo my ek sizze hwer't ik dy fine kin?" "Jawol", sei Pier. Hy krige it ploechizer mei ien hân beet. Hy wiisde der mei op syn plaets en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.37222
Jan van der Schors wie kastlein yn Jistrum. De herberch hiet 'De Linde', der stie in linebeam foar. Dêr wenne in faem dy hiet fan Hinke. Dy wie tige sterk. Sy tape dêr. Dêr kommen Westereinders yn 'e herberch. Dy woenen fechtsje. Hinke gong nei de twa ta. Sy krige earst de iene by de nekke, doe de oare en sloech se sa tsjin elkoar oan. "Jimme woenen...
nl.verhalenbank.24500
Hearke wie sà sterk, as it hynder it net dwaen koe, luts hy allinne de dongwein út it skerngat.
nl.verhalenbank.33444
Myn âldomke Atse dy wie ek tige sterk. Dy naem samar in kynsens koer fol jirappels (dêr koe sahwat 35 poun yn) tusken tûme en finger en sa droech er dy koer út it âld skuorke wei troch 't bûthús hinne yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.33445
Hinke hie earder wenne by in kastlein yn Surhústerfean yn 'e herberch, dêr't nou van der Scheer yn wennet. Doe wie dêr in dronken keardel, dy woarde forfelend. Sy sei tsjin Hindrik: "Gean dû dêr by de doar stean." Hja krige dy man by kop en kont en smiet him oer 't folk hinne nei har broer Hindrik ta en dy smiet him op 'e wei.
nl.verhalenbank.24501
Hearke wie o sa sterk. It gebeurde wol as er in hynder foar de wein hie en dat koe 't net lûke, dat er it hynder der foar wei spande en itsels luts. Hy wie sterker as in hynder.
nl.verhalenbank.23126
Op in kear ried Atse-om mei in wein mei fiskkoppen oer 't Wyldpaed. Dat wie doe noch in sânpaed. It hynder hie der in fracht oan. Doe rekke de wein by de wei del yn 'e wâl fan 'e sleat. It hynder rekke ûnder fuotten en kom mei de rêch yn 'e goatte to lizzen. It dier koe der út himsels net útkomme. Atse-om hie in âld huodtsje op, dat hie er op 'e wein...
nl.verhalenbank.33447
Omke Atse hat wenne oan 'e Swâdde yn Twizelerheide. It is al wer lang lyn dat er leefde. Op in kear doe hienen in stik of hwat feinten fan Twizelerheide hwat útheefd. De plysjes sieten har achternei. By dy feinten wie ek in sikere Eatse, dat wie de heit fan Kij Plantinga. It wie in fint as in reus en izersterk. Greate Eatse waerd er neamd. Doe't de...
nl.verhalenbank.33446
Sterke Hearke fan de Ham luts in foer stront samar mei de hân út it skerngat wei as er tochte dat de hynders it net dwaen koenen.
nl.verhalenbank.23746
Hearke wie oan 't ploegjen op it lân. Doe kom der in man by him. Dy frege: "Hwer wennet Sterke Hearke?" Hearke sei: "Hjir stiet er." Hy heakke de hynders út en krige de ploege beet. Dy tilde er op. Hy stuts him rjochtút yn 'e rjochterhân en sei: "Dêr wennet er."
nl.verhalenbank.36591
Sterke Hearke wie oan 't dongladen by de boer. It wie in ûnbidich dik foer dong dat er op 'e wein laden hie. De hynders koenen it net út it skerngat weikrije. Doe die Hearke de hynders der foar wei en luts de dong der pûr allinne út. Hy wie mear mâns as twa hynders.
nl.verhalenbank.20583
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Hy wie ris oan 't ploegjen op it lân. Doe kom der ien by him, dy frege: "Hwer wennet sterke Hearke?" Dy woed er wolris sjen. Hearke tilde de ploege op. Hy hâldde him foar him út en sei: "Hjir is er en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.37202
Sterke Fije Wagenaar fan Burgum wie ek bikend. Dy wie yn Ljouwert ûnder tsjinst. Hy hie in great hekel oan 'e tsjinst. Op in kear sei er tsjin 'e ofsier en de hegere mannen, dat hy woe 't ambyld fan 1700 poun om 'e hiele kaserne fan Ljouwert hinne drage, as er dan mar frij wie fan 'e tsjinst. Hy hat it dien en hy is ek frij kaem.
nl.verhalenbank.37203
As it hynder de dong net út it skerngat lûke koe, spande Hearke it út en loek de wein mei dong der sels út. Hearke wie ek stille plysje. Op in kear moest er in sekfol jild nei Ljouwert ta drage. Doe wienen der ûnderweis twa mannen dy pakten him oan. Dy woenen it jild ha. Hearke sei: "Hjir hawwe jim 't." Mar doe krige er dy beide mannen en hy treau se...
nl.verhalenbank.37204
35