Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Greate Hearke wenne yn Aldegea. Hy wie ôfgryslike sterk. Syn eigenlike namme wie Hearke Douma.
Hy wie us in kear oan 't ploeijen. Hy roan achter de ploeg.
Doe kom der in man oan, dy frege hwer't greate Hearke wenne.
"Hjir stiet er", sei Hearke en sloech mei de fûst op 't boarst. "En dêr wennet er", sei er, en doe krige er de ploege mei de oare hân beet en...
nl.verhalenbank.23043
Sterke Feije wenne yn Burgum. Hy wie ôfgryslike sterk. Hy en syn hynderke dienen it wurk togearre. As de wein út it skerngat moest en it hynderke koe 't net dwaen, dan gong Feije der foar stean. Sa dienen se 't wurk beurt om beurt of togearre.
nl.verhalenbank.27812
Sterke Hearke trof us in kear in koopman. Sy fornommen dat se beide like sterk wienen. Sy gongen nei in herberch ta. Dêr bistelden se hwat.
Der sieten in stik of seis, sawn man to swetsen en sy bespotten Hearke en de koopman.
Earst seinen dy neat, mar doe't it oer de skroeven gong, sei de koopman tsjin Hearke: "Giestû even yn 'e doar stean?"
"Ja", sei...
nl.verhalenbank.22772
Der wienen us trije man, dy woenen mei Hearke fechtsje. Sy koenen him net en fregen ien dy't op 't lân oan 't ploegjen wie, hwer't sterke Hearke wenne.
Doe tilde dyselde de ploech mei silen en alles deroan op en sei: "Sjoch, dêr wennet er en hjir stiet er."
Doe naeiden se hurd út.
nl.verhalenbank.22773
Sjoerd van der Meer fan Sumar wie de sterkste keardel út 'e omkriten. Hy tilde in spoarstaef fan 800 poun samar in ein fan 'e groun.
nl.verhalenbank.32331
Sterke Hearke wie op it lân oan 't ploeijen. Doe kom der in man by him, dy sei: "Kinne jo my ek sizze hwer't Sterke Hearke wennet?"
Hy sei "Jawol."
"Hwer dan?"
Hearke krige de ploege mei de hân beet en tilde him op en wiisde der mei nei syn hûs.
"Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.22904
Hearke hat yn militaire tsjinst west yn Den Helder.
Dêr tilde er in anker fan 700 poun fan 'e groun. Hy bea oan, hy woe it om 'e kaserne hinne drage, of er dan fierder frij mocht fan 'e tsjinst, hwant dêr hie er in greaten hekel oan. Mar dat waerd him wegere.
nl.verhalenbank.31512
Us pake hat tsjinne by sterke Fije yn Burgum.
Dy hie in tige sterk hynder. It gebeurde wolris dat in wein dong hwat fêst siet en it hynder it net los krije koe. Dan luts Fije mei en dan wie 't samar klear.
nl.verhalenbank.31513
Sterke Hearke wie stille plysje yn Droegeham en letter gewoane plysje. Hy wie ek boerearbeider op it Bomkleaster. 't Wie op in joun op 'e Lange Wyk. Dêr wie hwat jongfolk dat tjirge him mâl. It gong der bot oan wei. Hja bidoaren dêr de saek goed. Doe pakte Hearke ien fan 'e greatste opporteurs by 't boarst en sei: "Bist nou hast lâns?" en sa tilde er him...
nl.verhalenbank.31511
Sterke Fije (Wagenaar) wenne yn Burgum. Hy wei us in kear oan 't ploegjen. Doe kommen der guon, dy fregen him, hwer't sterke Fije wenne. Fije nom de ploege yn 'e hân en wiisde der mei nei syn hûs.
"Sjoch," sei er, "dêr wennet er, en hy stiet foar jimme."
nl.verhalenbank.22975
Op in joun moesten der in mannich sekken fol hjouwer nei de siedsouder ta, en dat moest pake dwaen. Dy seach dêr bot tsjin oan, dy folle sekken by de leider op to sjouwen. Mar doe sei Fije: Ik sil dy wol helpe. Pake stie op 'e souder en hy tocht: Fije sil my de sekken wol tarikke, mar hy smiet se him ien foar ien ta.
nl.verhalenbank.31514
Fije hie in boerefeintsje, dat gong altyd allinne foar him to melken nei lân by de Swemmer. Dêr wie polderfolk oan 't wurk en dat folkje pleage 't feintsje altyd bot. Ien fan dy mannen wie och sa sterk, dy krige sa mar 2 keardels ûnder 'e earms en sjoude se fuort. Omdat dat feintsje dêr altyd sa pleage waerd troch dy mannen tocht Fije: ik mat der sèls mar...
nl.verhalenbank.31515