Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Doe kommen der guon by him, dy fregen him hwer't Hearke wenne.
Doe tilde er de ploege op en hy stuts him mei syn iene hân rjochtút en hy wiisde der mei en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.23137
Der wie in boer, dy wie oan 't heamennen mei in hynder foar de wein. Sy moesten by de Foarwurker brêge op. Dêr liet it hynder it foerke hea foar stean, hy koe 't net lûke.
Doe sei dy boer tsjin syn jonge: "Gean dû even nei Hearke ta (Sterke Hearke) en freegje of dy even mei skouwe wol.
Dy jonge helle Hearke op.
"Kin 't hynder it net dwaen?" frege Hearke....
nl.verhalenbank.25899
Ek in kear doe siet de kroech fol jongfolk. Dat folkje woarde balstjûrich. De kroechbaes koe net mei har rêdde. Sy woarden sa oerhearrich dat hy helle de plysje der by. Mar dy koe ek neat mei 't folkje wurde. Doe rôp er Einte der by. Einte kom. Hy klaeide him spierneaken út en pakte de iene nei de oare en jage se der allegear út.
Einte-om wenne yn de Pein.
nl.verhalenbank.27308
Einte-om hie forkearing, doe siet er op in kear mei de faem yn 't café. Dêr nom er syn faem op 'e flakke hân en tilde har sa oer de tafel hinne.
nl.verhalenbank.27307
Einte Postma wie myn omke. It wie in broer fan Jehannes Postma fan Eastemar. Hy wie sa sterk, dat hy forsette samar in boerewein. Hy fortilde him gewoan nei in oar plak.
nl.verhalenbank.27306
Op in kear wie Hearke nei de faem ta. Mar dy wist net hwa't er wie. Doe liet dy faem har ûntfalle: "Ik soe net graech mei Sterke Hearke wolle, hwant dy is sa ôfgryslike sterk, dy koe jin wol deaknipe. Ik bin bang foar him."
Doe't Hearke dy nachts by har wei gong, sei er tsjin har: "Nou, nou kinst mar sizze dat Sterke Hearke fan 'e jouns by dy opsitten hat."
nl.verhalenbank.38009
Sterke Hearke moest us foar ien nei de stêd ta mei in sekfol ryksdaelders op 'e nekke.
Doe kom dêr in manselsoan oan. Dy sei: "Jo ha dêr ek in swiere fracht, net?"
"Ja", sei Hearke.
Dy man, dat wie in rover, dy hie it op dy sek mei jild forsjoen.
"Dêr moest ik ek hwat fan ha", sei er.
"Kinst de hiele sek wol krije", sei Hearke en hy smiet him de sek mei...
nl.verhalenbank.19498
It forhael fan 'e ploege; nou net sterke Hearke, mar sterke Ynse fan Bakkefean.
nl.verhalenbank.21099
(ek it forhael mei de ploege woarde forteld)
nl.verhalenbank.19499
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Doe bleau der in man by him stean, dy sei, hy moest dêr en dêr wêze. As Hearke him ek oanwize koe hwer't dat wie.
Doe sei Hearke: "Sjoch, dêrre. Dêr wennet dy man dy't jo ha matte." Hy krige de ploech yn 'e iene hân en wiisde dêr it plak mei oan.
nl.verhalenbank.38680