Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Sterke Fije fan Burgum wie ek wol hwat mâns. Hy ried mei in weinfol dong oer licht lân mei in âld hynderke der foar. Mar as se troch de gatten moesten, spande Fije 't hynder út en krige er sels it tiksel en luts de wein der allinne troch hinne. Hy hie mear kracht as 't hynder.
nl.verhalenbank.24861
Myn pake hat flak by Sterke Hearke yn 'e Ham wenne.
Hy wie yn Hamsherne op in kear oan 't ploeijen. Dêr roannen doe skeanpaden troch en dêr kommen guon oan dy moesten nei in seker persoan ta. Sy bleauwen by Hearke stean en sy fregen: "Kinne jo ús dy man ek oanwize?"
Doe sei Hearke tsjin dy mannen: "Ja, ik kin jim àl helpe."
Doe krige er de ploech yn 'e...
nl.verhalenbank.29388
Sterke Hearke wenne yn 'e Ham. Hy wie us op in kear oan 't ploegjen, sa wurdt der forteld. Doe gong dêr in man nei him ta. Dy frege him of er ek fortelle koe hwer't Sterke Hearke wenne.
"Né, mar ik kin him wol even oanwize", sei Hearke. Doe krige er de ploege by de sturt beet en tilde him in ein fan 'e groun. "Matte jo der mar even op oansjen," sei er,...
nl.verhalenbank.24860
Der wienen twa froulju. Dy hienen safolle fan Sterke Hearke heard, dat sy woenen him wolris sjen. Doe woarden se in man op 'e bou gewaer, dy wie oan 't ploegjen. (de rest is bikend)
nl.verhalenbank.19698
Ynse wie in grouwe, greate keardel. Hy wie noait hastich. Hy baggere by Klaes-om. In oar farde altyd mei de baggerbakken, mar hy nom se ûnder 'e earm en tilde se sa nei 't plak dêr't se wêze moesten. "Ik wol net farre", sei er.
nl.verhalenbank.19688
Alde Barchje-muoi wenne yn in kroech yn Beneden-Haulerwyk. Dy kroech stie hiel ticht oan 'e wei. Doe hie dêr in keardel by harren west, dy makke in freesliken lawaei, dêr hienen se forlegen mei west. Doe kom Ynse der oan. Dy gong dêr sitten om slokje. Mar Ynse krige syn nocht fan dat lawaei fan dy keardel. Dat op in stuit wied er nei him ta gong. Hy hie...
nl.verhalenbank.28247
Rixt wie in dochter fan Sterke Hearke. Dy tilde twa greate houten boarnamers fol sân oan it jok samar in kamp lân del nei hûs ta.
nl.verhalenbank.25207
Op in kear wie Hearke yn 'e Harkema oan 't ploeijen.
Doe kom der ien by him, dy sei: "Nou mat ik by in sterke Hearke wêze, witte jo hwer't dy wennet?"
Doe krige Hearke syn ploege beet, tilde him op en stiek him rjochtút mei ien hân en sei: "Sjoch, dêr wennet Sterke Hearke."
nl.verhalenbank.26054
Hearke hie in dochter, dat wie Rixt. Dat mat ek in ôfgryslik sterk frommes west ha. Dy tilde samar even it aembeeld by in smid út 'e smederij wei en sette it op 'e wei.
nl.verhalenbank.26055
Der kommen ris twa Grinslanners yn 'e Ham, dy woenen nei Sterke Hearke ta. Sy wienen sterk en woenen us mei Hearke wrakselje. Doe wie dêr ien op 't lân oan 't ploeijen. Sy fregen him hwer't Sterke Hearke wenne.
"Dêr wennet sterke Hearke", sei dyselde, en hy hie de ploege optild en dêr mei nei syn hûs wiisd. En doe sei er: "en hjir stiet er."
Doe wisten de...
nl.verhalenbank.25206
Sterke Ynse fan Bakkefean kom op Drachtster Merke. Dêr sloech er mei oare maten op 'e slajut. Mar doe hied er mei ien klap alles kapotslein. Doe hie de man fan 'e slajut sein:
"Och God, hwer komt dy klap wei?"
"Fan Bakkefean", hie Ynse sein.
Ynse mat hannen hawn ha as slaeijen.
nl.verhalenbank.28246
Yn 'e Wylgen hat in smid wenne, dat wie in sekere Halbe Jorna. Dy hie in feint, dy hiet Wytse v.d. Meulen. Dy feint wie ôfgryslike sterk. Op in moarn krige er rûzje mei de baes ûnder kofjedrinken. Hy gong der út en kom net wer. Doe't syn baes in skoftsje letter yn 'e smidte kom, wie 't ambyld fuort. Dat stie midden op 'e wei. De boeren ha de smid...
nl.verhalenbank.19312
Der wienen us trije man oan 't houtladen yn Bakkefean.
Der wie in kolossale swiere beam by, dy koenen se net op 'e wein krije. "Dit is bilachelik," seinen se, "dit rêdde wy net op."
Doe kom sterke Ynse der oan. Dy sei: "Ik doch de jas út, ik sil jimme wol even helpe, mannen."
Doe hienen se dy grouwe beam samar op 'e wein.
Doe gongen dy trije man yn 't...
nl.verhalenbank.26109
Greate Ynse fan Bakkefean wie bûtengewoan sterk. Hy siet folle yn 'e turf. Hy wurke tusken 't folk. Mar syn kroade wie krekt trije kear sa great as in oar sines en hy laedde dy fol turf mei noch in hege berch der boppe op loege.
nl.verhalenbank.19310
Hearke hie ris nei Grins ta matten. Underweis to Visvliet hienen guon beammen kapt. Dy beammen moesten op 'e wein laden wurde, mar de trije man dy't dêr oer gear wienen, koenen dat net rêdde.
Hearke sei: "Ik sil jim wol even helpe." Hy tilde mei gemak de beammen ien foar ien op 'e wein.
Doe wienen dy trije mannen nei de herberch gong om in slokje. Se...
nl.verhalenbank.25210
Greate Anders wie myn pake. Hy hie mear kracht as in hynder. Wy plichten de jirappels op 'e wein to dollen en lutsen de wein sels nei hûs ta. Op in kear wienen wy oan 't iten, doe bigong it to reinen. Doe moesten de jirappels gau nei hûs brocht wurde. Hy pakte 't tiksel fan 'e wein en luts se pûr allinne troch 't lân hinne nei hûs ta.
nl.verhalenbank.25204
Sweitse Gal fan Houtigehage hiet ek sterk to wêzen, mar hy koe 't lang net hâlde tsjin pake. Yn Sumar by in herberch stienen in pear okshoofden bier. Sweitse koe se net fan 'e groun krije, pake tilde in fet op en sette 't tsjin 't boarst oan.
nl.verhalenbank.25205
It is in kear gebeurd, doe roan Ynse troch de buorren fan Bakkefean. Doe wienen der trije mannen dwaende mei 't laden fan beammen op in wein. Ynse bleau der by stean. Der wie ien beam by dy wie folle grouwer as de oaren en dy koenen se net op 'e wein krije. Doe sei ien fan harren tsjin Ynse: "Kinne jo ús in hantsje helpe?"
Ynse wie tige stadich yn syn...
nl.verhalenbank.19311