Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
98 datasets found
Dutch Keywords: sterk Place of Narration: Drachten
Sterke Hearke wenne yn Kimswerd. Hy wie fan birop jilddrager. Froeger hienen se gjin papierjild, mar allegearre sulverjild. As jy in soad byelkoar hienen woech dat der nochal hwat yn. Mar Hearke wie in sterke keardel. Op in kear wied er oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him, dy't frege: Hwer wennet Sterke Hearke? Hearke krige de ploech yn 'e hân en...
nl.verhalenbank.36649
Op in kear wie Sterke Hearke oan it ploeijen. Doe kom der in man by him, dy woe wolris wite hwer't Sterke Hearke wenne. Doe krige Hearke de ploech beet en tilde him by de sturt omheech. Hy wiisde der mei nei syn hûs en sei: "Sjoch, dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.36701
Greate Anders Jelle, dat wie myn pake, die wie ek tige sterk. Hy loek achtsjin koer ierappels troch 't lân. Op in sneinemiddei sieten wy yn 't hôf. Doe sei pake tsjin heit: "Sjoch us, Jelle, ik gean op 'e knibbels lizzen. Nou mastû sjen datst my achteroer krije kinste." Heit hie in nij learen festje oan. Doe't heit it prebearre, krige er heit yn 'e siden...
nl.verhalenbank.23495
Myn pake, greate Kobus (= K. v.d. Heide, mem har heit) wie tige sterk. Sy skoaiden froeger in protte. Dat die pake ek. Op in kear hied er mei oaren to skoaijen west nei Aldegea. De giften bistienen faek út ierpels (= aardappelen) of twa sinten ofsa. Al mei al hie pake dy kear in mudde ierpels opskoaid. Dy ierpels hied er yn in sek op 'e nekke lizzen. In...
nl.verhalenbank.33335
Sterke Ynse fan Bakkefean kaem op in kear by de Drachtster slûs. Dêr lei in heiblok, dat wie 600 poun swier. Dat heiblok tilde Ynse om 'e slûs hinne en lei it doe op 't selde plak wer del.
nl.verhalenbank.37147
Sterke Ynse helle in kroadfol sân by de slûs fan Bakkefean wei. Underweis trof er in man dy bleau by him stean to praten. Dat duorre langer as in healûre. Al dy tiid hâldde Ynse de folle kroade beet ynpleats fan dat er him delsette. Doe't it gesprek dien wie kroade er mei 't sân nei hûs.
nl.verhalenbank.37146
Hy hie in dochter Rixt, dy wie ek tige sterk. Sy hienen us in fracht hea yn 't lân, doe briek de ronge fan 'e wein. "Lit it hynder mar rinne," sei Rixt, "ik kear it wol." Doe hâldde se de heafoarke tsjin 't hea oan en sa kearde se it hea twa stikken lân del oan hûs ta. De daem wie hwat oan 'e nauwe kant. Doe't se dêr wienen, sei se: "Wacht even, 'k sil 't...
nl.verhalenbank.23494
Feitse Witteveen fortelde my de folgjende trije teltsjes oer syn pake: Sterke Hearke: Sterke Hearke hâldde wol fan in grapke. Hy hat it ambyld dat 700 poun swier wie, wol us út 'e smidte helle, wylst de smit der even út wie. As dy dêr dan wer kaem, wied er skjin forlegen. Dan sette Hearke it der wer foar him yn.
nl.verhalenbank.19697
Sterke Hearke: it forhael fan 'e ploege. It wie in âlderwetske sturtploech. Hy krige de ploege by de sturt beet en sa tilde er him op.
nl.verhalenbank.19683
Sterke Ynse wenne yn Bakkefean. Ik ha wolris heard, as Ynse baeltsjes rogge losse moest fan 'e wein, op in skip, dan krige er se mei ien hân by de tûfe beet en sette se sa op 't skip.
nl.verhalenbank.27520
Elke wike farde de boat fan Surhústerfean nei Grins. De boat rekke altyd swier ôfladen mei fé en balen moal fan 'e Grinzer klaei. Dat kaem yn skûten njonken de boat, sa waerd it oanbrocht neidat de keaplju it kocht hienen. Op in kear moest dat wer allegearre oerladen wurde op 'e Feanster boat. De kaptein moast der foar soargje dat dat moal yn evenwicht...
nl.verhalenbank.32307
Hy hie sokke greate hannen, dat hy koe mei ien hân twa stientsjes (= tegeltjes) biklamje.
nl.verhalenbank.22882
Op in kear doe wie 't merke yn Drachten. Doe kom Ynse dêr om in healmudde griene earten. Hy nom de sek mei earten ûnder 'e earm en stapte der mei nei Bakkefean ta. Dat wie tolve k.m.
nl.verhalenbank.24820
Kees Leensma wie ek tige sterk. Op in kear soe er mei in stik of hwat oare mannen in mennich swiere grouwe beammen op in wein lade. Wylst de oare mannen om kofje gongen laedde Kees al dy beammen pûr allinne op 'e wein. Doe't de mannen wer kommen wie de wein laden.
nl.verhalenbank.24821
Sterke Ynse wenne yn Bakkefean. Hy wie us op stap doe kom er fjouwer man foarby, dy moesten in dikke beam op in wein lade. Mar sy koenen 't mei har fjouweren net rêdde. Doe't se Ynse oankommen seagen fregen se him oft er har even helpe woe. Ynse sei: "Gean der mar even wei. Ik sil 't allinne wol dwaen." En hy tilde dy swiere beam pûrallinne op 'e wein....
nl.verhalenbank.23633
Sterke Hearke hie in weinfol hea laden. Dy wein kom mei de fjilden fêst to sitten yn 'e daem. Doe heakke hy 't hynder út en hy pakte sels it tiksel. En sa skoude hy stadich de wein út 'e daem wei. Doe heakke hy 't hynder wer yn en ried op hûs ta.
nl.verhalenbank.22883
Dikke Feike (Wouda) fan Surhústerfean wie o sa sterk. Hy hie in fearskip. Twa sekken fan elk 100 poun naem er samar beet mei de mûle en brocht se by de planke op nei 't skip. Feike hie allinne mar kiezzen. Alle tosken wienen by him kiezzen.
nl.verhalenbank.32312
Jan Hepkes fortelde ek: "Sterke Hearke wie ek in baes op 't iis. Ride, net ien dy't him foarby koe. Yndertiid wie Arend Poepjes fan de Lemmer de man yn Fryslân. Syn konkurrinten dat wienen Gosse Reindersma en Kooistra. Letter waerd Reindersma kampioen. Letter kamen hjir guon út it bûtenlân wei. Dêr moasten de Friezen it tsjin ôflizze Mar doe kaem Sterke...
nl.verhalenbank.32306
Greate Ynse wie ris yn Drachten op 'e merke. Dêr sloech er mei ien slach de krachtmeter yn grús. "Kollossael," sei de man fan 'e krachtmeter, "hwer komt dy slach wei?" "Fan Bakkefean", sei Ynse deabidaerd.
nl.verhalenbank.27521
Yn Droegeham hat in man wenne dy wie ôfgryslike sterk. Dat wie Sterke Hearke. Hy woarde faek as jilddrager brûkt. Dan moest er freeds jild foar de lju nei stêd ta bringe. Greate Pier wenne yn Kimswerd. Der kom ris ien by him doe wied er op 't lân oan 't ploeijen. Dy frege him hwer't greate Pier wenne. Pier tilde de ploech op mei ien hân. "Dêr wennet er",...
nl.verhalenbank.33224
35