Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn Warten hie in man kear op kear de wurden heard: De tijd is verschenen, de man is er niet.
De dûmny fan Warten woe 't net leauwe.
Op in kear farde er mei om 't mei eigen earen to hearren. Hy stie achter op 'e skou, op 't skouhúske om 't mar sa goed mooglik hearre to kinnen. Doe liet de skipper dy't skoude, de boat mei in skok foarútsjitte, dat dûmny...
nl.verhalenbank.20398
Op 'e Leijen wie ien oan 't riden. Doe hearde hy in lûd út in wek wei kommen. "De tijd is verschenen, de man is er niet." woarde der sein. Even letter kom der ien oan riden op redens. Dy ried lyk op it wek ta en is fordronken.
nl.verhalenbank.20073
Yn 'e Hamster Pein wenne in boer dy ried by winter op 'e Wide Pet op redens. Doe hearde er dêr út in wek in stim weikommen: De tijd is verschenen, de man is er niet. Gauachtich dêrnei kaem der in man oanriden dy't yn dat wek ried.
nl.verhalenbank.17546
De Popke-poel yn 'e Boelensloane is tige djip. Sy ha dêr froeger de klyn út helle. By 't winter hurdrieden wy dêr wol op. Sy ha der us in stem heard. De tijd is er en de man is er niet. Der moest ien forsûpe. Even leter forsûpte dêr ien.
nl.verhalenbank.24230
Der stienen op in moarne bitiid us trije man oan 'e kant fan 't wetter. Doe hearden se in stem: "De tijd is verschenen, de man is er niet." Doe is dêr dyselde deis ien forsûpt. Hwer't it gebeurde, wyt ik net mear.
nl.verhalenbank.20255
Op 'e Burgumermar is it gebeurd dat in reedrider by 't winter, doe't er by in wek lâns ried, in stem hearde: "De tijd is verschenen, maar de man is der nog niet." Krekt letter ried der doe ien yn it wek en is dêr fordronken.
nl.verhalenbank.19843
Der stienen us guon by de âlde feart (= de Feanster feart, dy't fan Surhústerfean nei 't prinses Margriet-kan. giet), flak by de Harkema. Doe hearden se in stem. Dy kom út it wetter:
"De tiid is der wòl, de man is der net."
Fuort dêrnei kom der in man oanriden op 't hynder. Dy ried pardoes yn 'e feart en is fordronken.
nl.verhalenbank.22237
Yn Eastemar wenne in beurtskipper. Dy moest freeds altyd nei Ljouwert ta. Dan farde hy oer de Burgumer mar. Doe fortelde hy us in kear yn 'e skearwinkel to Eastemar, dat hy hie, doe't er midden op 'e Mar wie, in stim heard, dy kom út it wetter wei: "De plaats is er, maar de man is er niet."
De skearbaes sei, dat woed er èk wol us hearre. De freeds dêr op...
nl.verhalenbank.22757