Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
De dokters woenen froeger graech sa'n helm ha. Dy knoffelen se achterút en dan forkochten se him djûr. Dy't sa'n helm yn bisit hie, woarde der sein, wie kûgelfrij.
nl.verhalenbank.25779
By de Rotten op it Wytfean (de famylje Veenstra) woarden twa hynders forkocht foar f600,- oan in Burgumer.
De boer brocht de hynders nei Burgum ta en sette mei it jild werom op hûs ta. Op 'e Sumarre wei tusken Sumar en Eastemar - sjocht er twa man oankommen. Dat liket him net goed ta, dat hy krûpt ûnder in omkearde boat, dy't dêr tsjin in peal oan leit....
nl.verhalenbank.15533
Us beppe hie in kroechje yn 'e Ikebuorren yn Droegeham. Dat hûske stiet der nou net mear.
't Wie op in joun en al oer tsienen, doe kom der noch ien yn. Dat wie Japik Ingberts.
"Dû makkest my kjel", sei beppe. Hwant Japik Ingberts, dêr sieten de plysjes altyd achteroan.
"Dû hoechst net kjel to wurden," sei Japik Ingberts, "ik doch dy neat."
Hy kocht in...
nl.verhalenbank.16944
Imke de Jong wie us in kear op 'e kermis yn Surhústerfean.
Hy hie dêr in pear learzens kocht by de skuonmakker. Doe't de kermis oer wie hied er dy learzens noch net bitelle en hiele Imke wie net mear to sjen. De skuonmakker gong dêr net mei akkoart. Hy joech it oan en doe setten de plysjes op 'e hynders Imke achternei. Doe hellen se him yn, doe wied er al...
nl.verhalenbank.27035
Hearke wie ek stille plysje. Op in kear moest er mei in protte jild op 'e rêch nei Ljouwert ta.
Underweis kaem der in man by him, dat wie in rover. Dy woe it jild ha en oars soed er Hearke deahouwe. Mar Hearke rêdde mei him. En doe boun er dy rover ek noch it jild op 'e rêch.
"Draech dû dit mar foar my nei Ljouwert ta", sei er.
nl.verhalenbank.20834
Der wenne in boer yn 'e omkriten fan Drachten.
Japik Ingberts wie by him yn 'e tsjinst. De boer hie tsizen op 'e buorden stean.
Op in nacht hearde de boer hwat. Hy der ôf en mei de foarke om 't hûs hinne.
Dêr roan er Japik Ingberts tsjin 't liif. Dy hie al twa tsizen stellen.
"Hwat mastû?" frege de boer.
"Nei de faem", sei Japik Ingberts. "Man, hwat...
nl.verhalenbank.21241
Tsjerk Boonstra wenne oan 'e Mûzegroppewei. Dy syn wiif wie èk mei de helm geboaren. Wy kommen dêr ris in kear lâns, doe woarde it minske lulk op my. Sy sei: "Sy ha fannacht de apels by ús stellen." Sy hienen in apelhôf. Doe sei se: "Ik hie 't justernacht wol sjoen."
Ik sei: "Hwerom gongen jo der dan fannacht net hinne to sjen, as jo dat wol wisten, of...
nl.verhalenbank.28798
De greate minsken yn 'e Harkema leauden froeger oan berndieven. Sy lieten de bern jouns noait bûten, dat fortrouden se net.
nl.verhalenbank.15609
Heit en dy wienen us op in joun mei in ploechje jongfolk nei Eastemar ta to apelstellen. Mar it woe net. It wie noait liker as woarden se keard. Dat sy gongen mar werom. Mar sy woenen apels ha.
Dat doe soenen se it noch us bisykje by Goaitsen Rôt (= G. Veenstra).
Mar dêr komt in wite juffer oan op 'e fyts, dy't samar ynienen weiwurdt mei fyts en al. Dat...
nl.verhalenbank.22097
Ik wie ris mei in man of trije yn Ljouwert by in wiersizter. Dat wie yn 1944. Hja sei tsjin my: "Jou frou is yn forwachting." Dat wie sa. "'t Wurdt in dochter", sei se. Dat is ék útkom.
"Der sil jo earstdeis ek hwat ûntstellen wurde", sei se.
Dat kom ek út, der woarden my bonkaerten ûntstellen.
"De dieder wennet flak by jo", sei se, en dat kloppe ek. Wy...
nl.verhalenbank.26355
Myn omke Piter wie ris op in kear to hôfkesjongen (=apelstellen) op 't Bouwekleaster. Der wienen kameraden by him en sy hienen ek in pear hounen by har.
Doe gong omke Piter nei in parrebeam ta by in boer yn 't hôf.
Mar doe wie dy parrebeam samar út himsels bigong to skodzjen, sûnder dat ien der oan kom, en de parren foelen der allegear ôf. Dat wie it wurk...
nl.verhalenbank.25767
Yn 'e Like stiet in slot, dat ha de Moaren dêr boud. Letter is dat yn hannen kom fan rikelju. Dêr wienen ek ûnderierdske gongen by. En sy hienen ek in skatkeamer.
De faem moest wolris nei dy skatkeamer ta om 't spul dêr skjin to meitsjen. Dan biseach se 't spul altyd. Der wienen allerhande kostbere sieraden yn en sa.
It famke fan dy rike minsken gong...
nl.verhalenbank.25788
Frânse Hinke to Rottefalle wie duvelbanster. Der wie us in hynder bitsjoend. Doe joech hja de boer dizze rie: Hy moest hwat hjouwer stelle, dat siede en dat it bitsjoende hynder jaen.
nl.verhalenbank.20963