Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
In nachtmerje kin troch in hiel lyts gatsje.
Us Hindrikom en syn broer en noch in pear ha ris meielkoar to apelstellen west by in boer. Doe woarden se troch de plysje attrapearre en kommen yn 'e gefangenis.
Hindrikom hie dêr yn 'e sel alle nachten in nachtmerje. Doe ûntdekte er dat der in gatsje yn 't rútsje siet. Hy frege as dat ticht makke wurde mocht....
nl.verhalenbank.19320
Alde Tsjerk Wetterrôt en Atse Griper wienen rovers. Sy wennen yn Feansterheide oan 'e Trije Roede. Nachts gongen se der stil op út. Dan stielen se in hynder út it lân. Dêr gongen se op sitten en sa gongen se op roof út. Se stielen in skiep, om mar hwat to neamen, en dat nommen se mei op 't hynder. As se omtrint thús wienen, jagen se 't hynder wer fuort.
nl.verhalenbank.28248
Der wie in dief, dy hie stellen. In hiele bult minsken der achteroan. Sy kommen troch in doarp, dat noch gjin namme hie. "Hokker matte wy pakke?" rôpen dy minsken. "De earste mar!" woarde der weromroppen. Doe krige dat doarp de namme Eastemar.
Doe kommen se yn in oar plak, dat èk noch gjin namme hie. Dêr rôpen se: "Sy ha him samar!" Doe krige dat plak de...
nl.verhalenbank.33044
Twa doomnys en in joadske rabbi dy wienen by elkoar to praten. Doe sei de joadske rabbi: "As jimme kollekte hâlde, hwat hâlde jimme dêr sèls fan?"
Doe sei de iene doomny: "Dat sil 'k wol earlik sizze. Ik stek der sels tsien persint fan yn 'e bûs."
Doe sei de oare doomny: "Ik sil ek earlik sizze hoe't ik dat ha: ik hâld der sels twintich presint fan."
Doe...
nl.verhalenbank.28310
De doomny fan Boarnburgum en Koartehimmen (ds. van Es) hâldde der kninen op nei, mar der woarden altomets guon fan stellen.
Doe't doomny op in snein-to-moarn ris wer op 'e preekstoel stie, nei't se him dy wyks wèr kninen ûntstellen hienen, sei er:
Boeren en burgers van Boornbergum en Kortehemmen,
ik zeg niet, dat ge dieven zijt,
maar ik raak al mijn...
nl.verhalenbank.33386
Alle Sakes wie krekt sa'n man as Japik Ingberts. Hy hat yn Aldegea wenne. Hy wie in tige forneamde dief. Heit hat him wol kend. Hy gong wol us mei de bijen nei de heide fan Duerswâld en Bakkefean ta to bijkjen.
Op in kear gong er wer fuort mei in weinfol bijen. Doe't er oan 'e Kletten ta wie (ûnder Drachten), doe koe syn âld hynderke it net mear dwaen....
nl.verhalenbank.25057
Doe't ik 38 wie, haw ik nei in kaertlizter ta west yn Lukaswoude. Dêr wie it doe merke. Hja sei, ik wie to goed en dêr waerd wol misbrûk fan makke. Ik holp faek oaren en dêr waerd ik net nei bileanne. Ik soe 75 jier âld wurde. Ik bin nou 74.
Doe wie myn maet oan 'e beurt, dat wie Berend Bakker fan Roan. Hja sei tsjin him: "Foar jo ha 'k net sa'n moai...
nl.verhalenbank.19369
Der wie in boer, dy hie fé forkocht op 'e merk. Hy hie sadwaende in aerdich stik jild by him. Underweis kom der in rover op him ta, dy hie in revolver by him. Dat hâldde er de boer foar wylst er sei: "Je geld of je leven."
"Nou," sei de boer, "jo kinne myn jild wol krije. Mar, nou't jo toch in revolver ha, woe 'k wol graech, dat jo even troch myn hoed...
nl.verhalenbank.32936
Master Duursma fan Aldegea fortelde ús hoe't de doarpen Garyp, Sumar en Burgum oan har namme kom wienen.
Yn Aldegea wie in diefstal pleegd, mar de dief naeide út. Doe't er yn in oar doarp oankom wie, rôpen se: "Gryp him! Gryp him!" Sadwaende krige dat doarp de namme fan Garyp.
Mar se hienen him noch net to pakken. Hy wie al wer yn in oar doarp. Dêr sieten...
nl.verhalenbank.33368
Markus Dalstra, byneamd Dolle, hat us in moart dien. Dêr hat er lang foar sitten. It wie in widdou, dy't er formoarde hat. Hy hat har gouden earizer, dat er stellen hie yn 'e Heuchfeansterwyk op 'e Boelensloane smiten by de Bethlehemsreed. Dêr mat nachts altyd noch in lûd komme út 'e wyk op datselde plak. Dan wurdt der 'help!' roppen.
nl.verhalenbank.23015
Hearke wie ek stille plysjes, Hy moest ris op in kear jild bringe fan Bûtenpost nei Ljouwert ta. Doe't er yn 'e buert fan Burgumerheide wie, kommen der twa manlju ta de wâl út. 't Wienen rovers.
Sy seinen: "Je geld of je leven."
"Dat kin wol", sei Hearke, en hy naem de ponge mei jild fan 't skouder en sette him op 'e groun del. Doe't de iene him bûgde om...
nl.verhalenbank.27501
Us heit wenne op 'e Skieding ûnder Grinzer Pein. Dêr wenne Rikele Myt ek. Rikele Myt wie in tsjoenster. Hja wenne yn in plaggehutte en sy hie in rest apelbeammen by hûs stean. Dêr sieten dikke apels oan.
Op in joun gong heit dêr mei syn swager hinne to hofkesjongen. Hja hienen twa sekken fol apels.
Ynienen fornimme se hwat. Krekt as kom der in stik fjûr...
nl.verhalenbank.32695
Der wie in man, dy stiel prûmen by nacht by in oar yn 't hôf. Hy iet se fuortdaliks op.
"Dat is al wer ien sûnder stien", sei er, doe iet er foar de twadde kear in slak op.
nl.verhalenbank.33164
Twa arbeiders dy wennen by in boer. Dy hienen dêr al jierren wenne.
Op in kear wie de boer nei stêd en doe bisluten se him to bistellen as er werom kom. Sy forburgen har ûnder 'e brêge en wachten him sa op. Hja hienen it moardark klear. Hja seagen him yn 'e fierte al oankommen. Mar doe't er tichter by har wie hied er oan elke kant ien rinnen. Doe doarsten...
nl.verhalenbank.21165
Der wenne alris in faem yn 'e Like. Dy tsjinne by in rike mynhear. Doe stiel dy faem dêr goud en sulver en jild by dy rike mynhear. Doe moest dy faem foar de rjochtbank forskine. Hja krige levenslange gefangenisstraf.
Sy sluten har op yn in grot yn 'e Like. Doe frege se of se wol hwat wurk ha mocht.
Jawol. Hwat se dan woe?
Skelpen woe se wol ha.
Doe...
nl.verhalenbank.26973
Der wie in frommes, dy wenne by de Skieding, dy sei: "Myt hat myn man bitsjoend. Hy hat it bistoarn."
"k Ha dêr sels in kear west," fortelde se, "doe seach ik by har ta 't glês yn. Ik hie noch in frommes by my. Wy seagen alles hwat der gebeurde. Hja hie allegear soldaetsjes foar har, dy marsjearden mar op 'e tafel om. En Myt lake mar!"
Doe ha wy sein: "De...
nl.verhalenbank.25407
Hinse Beest
Hinse rûn ris op 'e Swarte Wei ûnder Eastermar en hy hie in ponge mei jild by him. Doe kamen der oanpakkers en dy easken de jildponge fan him. Hinse sette de ponge op 'e wei en loek mei de stôk in sirkel om 'e ponge hinne. 'Krij him no mar!' sei er. Mar der wie net ien dy't der in hân nei útstekke doarst. Se doarsten net en se koenen net en...
nl.verhalenbank.13004
Tusken Boksum en Blessum wie in binnenpaed mei allegear houtsjes, dy't oer sleatten leinen. Dêr earne stie ek de plaets fan in sekere boer Miedema. Dy boer stie bikend as in from en rjochtskepen man.
Op in kear wie der skoalleforgadering fan 'e Kristlike skoalle yn Boksum. Miedema wie bistjûrslid en wie dêr ek oanwêzich. It woarde nochal let dy jouns...
nl.verhalenbank.33712
Hoe't de stjonkswam der kommen is
Der wie ris in fanke. dat waard grutbrocht by har beppe. Beppe wenne yn in hûske yn 'e bosk. Se wie tige earm en waard fan 'e tsjerke ûnderhâlden. Dat sadree't it fanke âld genôch wie, moast se der út en waard boerefaam. Beppe woe graach, dat se har ta deugd oanstelle soe en dêrom fertelde se har allerhanne ferhalen,...
nl.verhalenbank.14634