Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: staan Narrator Gender: male Place of Narration: Surhuisterveen
't Wie yn 'e oarloch. Greate Pier wie op it lân oan 't ploegjen. Doe kom der in man by him op 't lân, dy moest by Greate Pier wêze. "Witte jo hwer't er wennet?" frege er. Doe nom Pier de ploech fan 'e groun en sei: "Dêr wennet er, hjir stiet er."
nl.verhalenbank.37977
Wybren Wouda fan 't Surhústerfean wie ek omrake sterk. Dy wie frachtrider. Herman Bylsma, de smid, fortelde, dat hy hie ris in kear in nij aembeeld kocht. Wybren sei: "Hwer wolst it ha?" "Nou," sei Herman, "op it blok yn 'e smidderij." Doe hie er it aembeeld yn beide hannen nom en foar him úttild en op it blok delset. Hielendal allinne.
nl.verhalenbank.38371
Sterke Hearke wie oan 't ploeijen op it lân. Doe kom der in man oan, dy frege: "Wite jo hwer't Sterke Hearke wennet?" Hearke tilde de ploech op en wiisde dêr mei. Doe sei er: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.29136
Wy hawwe hjir in buorman hawn, dat wie Jelle Bouma. Doe wennen wy noch op 'e Hoek. Syn heit lei yn it sikenhûs. Doe sei er: "Hy giet dea, hwant ik ha syn kiste hjir al by ús yn 'e hûs stean sjoen." Hy hat gelyk krige. De âld man is yn 't sikenhûs stoarn.
nl.verhalenbank.38360
Myn skoanheit Wibe Alma en syn omke Knjillis Hut wienen us op in kear op in nacht op it hiem fan Jille Antsje om moes (= boerekoal) to stellen. Doe sei skoanheit tsjin Knjillis sa: "Dat âld wiif is mei de helm geboaren. Dy sjocht alles." "Soe 't sa wêze?" sei Knjillis. En sy seagen beide tagelyk nei 't hûs. En dêr seagen se Antsje foar 't glês stean. Dêr...
nl.verhalenbank.27254
Yn Droegeham is 't gebeurd, dat Hearke op in kear oan 't dongladen wie. Doe't er de wein fol dong hie, koe 't hynder de wein net út it dongsteal krije. Doe gong Hearke sels oan 't tiksel stean en doe luts er sels pûr-allinne de wein ta 't skerngat út.
nl.verhalenbank.38363
Der kamen ris in pear soldaten by Greate Pier. Dy wie oan it ploeijen. Hja fregen him of er ek wiste hwer't Greate Pier wenne. Hja hienen yn dy tiid in houten ploech mei in sturt der oan. Greate Pier krige de ploege by de sturt beet mei ien hân en wiisde dêrmei nei syn hûs. "Ja," sei er, "dêr wennet er, en hjir stiet er." Doe hienen dy soldaten neat mear...
nl.verhalenbank.38369
Der kom us ien by Hearke op it lân. Dy frege him hwer't Sterke Hearke wenne. Hearke krige de ploech, tilde him op en stuts him rjochtút en sei: "Dêr wennet er." "En hjir stiet er", sei er.
nl.verhalenbank.27238
35