Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
14 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: staan Place of Narration: Nijega
Der wienen minsken, dy hienen in bern, dat tsjirme. Sy tochten: Hoe moat dat dochs komme? Njonken har wennen minsken sûnder bern. De heit fan it sike berntsje sei: It buorwiif kin ús bern wol ris bitsjoend ha. Dat sei er ek tsjin 'e buorman. Kin it wêze, sei er, dat dyn wiif ús bern bitsjoend hat? De buorman woe dêr neat fan wite. Hy sei: Myn wiif is sa...
nl.verhalenbank.11557
Der wie in man, dy hie syn siele forkocht oan 'e kweade. Mar hy hie de duvel to fiter hawn, dat doe't de duvel kom moest er sûnder siele wer fuort. Mar de duvel sei: "Ik wol dochs hwàt fan dy ha." En doe nom er de man syn skaed en dat rolle er op. Sûnt wie dy man altyd sûnder skaed. Dat wie miskien noait útkom, mar op in kear stie er mei in rychje folk op...
nl.verhalenbank.12538
Noait skilich sjen, hwant as de klok dan slacht, bliuwe de egen sa stean.
nl.verhalenbank.12303
As se froeger in wei oanlizze woenen, dan bounen se twa kij oan elkoar. Dêr't dy kij lânsroannen, dêr kom dy wei to lizzen. Dêr't se stean bleauwen, dêr kom de wei oan ta. Sloegen de kij dan wer in oare kant yn, dan naem de wei dy bocht ek wer. Sa komt it dat der soms fan dy brike wegen binne.
nl.verhalenbank.12200
Yn Oerterp wenne in boeredochter. Dy rekke der út to tsjinjen by in dûmnysmefrou yn Ljouwert. Sy hie dêr in bêst plak. Op in kear wie 't Ljouter merke. Doe stie dêr in tinte, dêr wie in toverspegel yn. Dêr koenen se de takomst yn sjen. Doe't dy boeredochter dêr foar kom to stean, seach se ien, dy koe se wol. Dat wie Ruerd Planting. Doe't se him seach,...
nl.verhalenbank.12210
To Aldegea, dêr't nou Sibbele Douma wennet, stie froeger in great foarnaem hûs mei in gracht en in brechje dat omheech lutsen wurde koe. De boer en de frou wienen fuort, mar it folk wie thús. Doe kom dêr in man mei in great pak oansetten. Dy handele yn doeken, lapkes en sok spul. Hy frege of er dêr it pak wol delsette mochte. Nou, dat koe wol. Moarn kom...
nl.verhalenbank.12196
Oerpake Jan (dat wie ús mem har pake Jan Willems) wenne yn Garyp. Hy mocht tige graech in slokje en dêr hie syn folk thús in hekel oan. Hy kaem dêrtroch foek let thús. Sy tochten: dat maate wy him ôfleare. Dat, doe 't er op in joun let us wer nei hûs ta soe mei in stik yn 'e kraech, woenen se him bang meitsje ûnderweis. Sy tochten: Dan doart er tonei...
nl.verhalenbank.17573
As ien in moard dien hie, stie it byld fan 'e moardner yn 'e aether. As de moardner der by helle waerd, koenen de minsken dus sjen of er it dien hie of net. [aether = lucht]
nl.verhalenbank.11507
Der wie jounpraterije by de boer. It gong der fleurich om ta en de praters woarden fol traktearre. De lytsfeint siet ek yn 't formidden. Dy woenen se bang meitsje. Se seinen tsjin him: "Dû krijst fan ús allegear in kwartsje, astû nou nei 't tsjerkhôf ta giest en in deabonke hellest út 'e bientsjekou." De lytsfeint nom it fuortdaliks oan en gong op stap....
nl.verhalenbank.17570
Us beppe hie har de maeijes yn Oerterp as faem forhierd by in boer. Pake Harm hie doe al forkearing mei har. Op in snein-to-joun soed er nei har ta. Hy moest oer in planke hinne. Mar de minsken warskôgen him. "Dêr matte jo noait oerhinne, hwant dan fordrinke jo," seinen se. Forskate lju binne dier al forsûpt. De kweade sit dêr en dy past op as der guon...
nl.verhalenbank.17571
Us mem wie widdou. Op in kear hienen wy as bern mei ús mem nei beppe ta op bisite west. 't Wie yn Aldegea. Doe't wy omtrint oan hûs ta wienen, sloech ús mem biede hanne foar de eagen. "Och heden," jammere se, "ús hûs is forbrând! Der stiet neat mear fan. De forbrânde flearbeammen stean der njonken." Hja koe net fierder en sakke op 'e groun del. Dêr bleau...
nl.verhalenbank.11538
Op 'e Sumarreheide wenne Antsje. Dy wie mei de helm geboaren. Dat wist in elk wol. Op in kear makke har buorjonge in praetsje mei har. Is der ek hwat nijs? frege der. Né, ik soe 't net wite, sei Antsje. Komt der ek hwat nijs? frege de jonge doe. Antsje sei: Ast it dan dochs wite wolst, ja. Der komt in sterfgefal. En dêr komme dû en ik beide by op...
nl.verhalenbank.11562
Der wie ris in fanke, dat wie o sa knap. It wie in beeld fan in fanke. Dat fanke soe op in kear nei tsjerke ta. Doe sei der ien tsjin har: "Hwat bistû moai en knap." "Ja," sei se, "it soe skande wêze, dat ik skielk yn 'e modder mat." "Hwat woestû dàn?" "Ik woe leaver foaroan yn 'e tsjerke stean", sei se. Mar doe't se yn 'e tsjerke kom, doe bleau se stean....
nl.verhalenbank.12533
Achter Ljouwert moat in boer west ha, dy't net in sint mear hie. Syn pleats wie oanein, en as der in stoarm kom, koe alles wol ynstoarte. De man wie syn rie to'n ein. Op in joune stied er op it hiem. Dêr kaem in mynhear oankuijerjen. Jo lykje wol mismoedich, sei dy. Dat bin ik ek andere de boer en doe fortelde hy hoe slim as hy der oan ta wie en dat er...
nl.verhalenbank.11575
1