Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Rinse de Wind wie in hiele raren. Hy wenne yn 'e Harkema.
It wie in earsten fjochtersbaes en hy flokte as in ketter.
Doe't er it ris wer in kear raer dien hie, wie der in grouwe houn dy't him thús brochte. Dat wie de duvel sels.
nl.verhalenbank.29378
Doe't Hindrik Holthuis noch jong wie joech er om God noch syn gebot. Hy hie de gek mei alle godstsjinst.
As feint soed er us nei de froulju ta. Hy roan de Bopperein fan 't Wytfean del. Se hienen tsjin him sein dat it dêr spoeke. Mar Hindrik hie sein: "Ik bin foar gjin sawn duvels bang!"
Der stienen roggehokken op it lân, dêr't er lâns moast. Hindrik seach...
nl.verhalenbank.21233
To Surhuzum ha se yndertiid it heilich avondmaal fierd yn 'e kroech. It gong hiel bot op in spotten. Der wie ek in man by, dêr hat Albert Buma in dochter fan troud. Dy hat der doe sa fan lâns krige, doe't er út 'e kroech weikom, dat hy doarst letter net heal wer allinne de lannen yn. Dan moest der altyd ien mei him rinne. Sa bot is er doe smiten woarn.
nl.verhalenbank.21230
Bôkke Noordman wie in hiele raren ien. Hy flokte en swearde en sûpte hiel bot. Hy kom us fan Feanster merke. Hy hie dêr net in faem krije kind en hy woe dòch ien ha.
"Ik wòl in faem ha," sei er, "al mat ik mei in ezel yn 'e hûs sitte."
Doe stapte der him samar in ezel op side. Doe woarde Bôkke sa binaud, dat hy kloppe âlde Willem Hofstede fan bêd. Hy...
nl.verhalenbank.21235
Yn 't hûske, dêr't nou Wiger Koaning wennet (oan 'e Lange Wyk) wenne froeger Jelle van der Wiel mei syn mem. (Jelle wennet nou yn Droegeham) Doe't syn mem noch leefde hat dy my us forteld, dat Jelle hie us hiel bot flokt.
Doe wied er tsjin 'e groun oan smiten woarn.
Dat wie it wurk fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.22714
Rinse-om hie us in kear spul hawn mei Auk-moai (syn wiif). Hy hat it my sels al us forteld.
De moarns hie Auk-moai strûkmoes ite sild. 't Siet al yn in greate panne. Doe hied er út lulkens boven oer de boerekoal hinne pisse.
Doe gong er nei 't lân ta to Readskuorre. Dêr moest er skoffelje. Doe't er ien rige skoffele hie gong er nei de oare ein fan 't lân...
nl.verhalenbank.22270
Alde Wibe Alma is ek alris smiten woarn. Dy makke it der sels nei, 't wie in goddeloazen-ien.
nl.verhalenbank.29331
Ruerd v.d. Veen wie in raer man. Hy wie nergens bang foar, sei er. Op in joun kom er fan 't Bomkleaster.
Dêr hied er timmere. Doe hat de duvel him mei 't bakje mei timmergereedskip en al yn 'e sleat goaid.
Dit gebeurde op 'e Skalkepaden.
nl.verhalenbank.29330
Sytse Jager wie us tichte by de staetsskoalle. Dêr mat er bot flokt ha en spot. Hy sei doe, hy woe de duvel wol us sjen. Doe kom der in hiel lyts mantsje oan, dy smiet him boven oer de hagen hinne.
nl.verhalenbank.22269
Tsjip van der Bij wie in goddeloas man. Hy wie us in kear oan 't houtkappen. It wie stellen hout. Hindrik van der Veen wie der ek by. Se wennen beide yn 'e Harkema.
Doe wie der in fremde kat oankom en dat dier dat streake Tsjip hyltyd mar by de fuotten lâns.
Tsjip sei: "Gean wei, kat." Mar doe't er dat net oprêdde koe, hat er de bile nei de kat smiten....
nl.verhalenbank.21388