Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Myn broer Kees soe us op in joun nei de faem ta. Dy wenne yn Feansterheide oan 'e Fjouwer Roede.
"As der in duvel is, dan wol 'k him wol us sjen", sei er. Mar doe hied er tofolle sein.
De jouns healwei achten gong er nei de faem ta. Hy wie ûnderweis. Doe kom der him ien op side.
"Goeije navend", sei Kees.
Mar hy krige gjin antwurd.
"Goeije navend", sei...
nl.verhalenbank.22174
Der kom us in man út 'e kroech. Doe't er op 'e wei wie, draeide der in kat om him hinne. Hy jage dy kat fuort. Mar doe't er in pear stappen fierder wie, doe wie dy kat dêr wèr. En dat gebeurde ek foar de trêdde kear.
"Nou noch us in kear, dû duvel," hie dy man sein, "dan sil ik mei dy ôfweve!"
Mar doe hie dy kat him pakt en oer de sleat smiten. 't Wie de...
nl.verhalenbank.25236
It gebeurde wol dat der lju út 'e kroech kommen, dy 't it raer en ûnfoech opsein hienen. Sokken joegen nergens om. Dan pakte de duvel har en dan woarden se in ein fuortsmiten.
nl.verhalenbank.25233
Ik bin twakear troud west. Myn twadde man hie in soan, dy joech om God noch syn gebot.
Op in saterdeijoun gongen ik en myn keardel to jounpraten.
Doe gong hy op stap nei Harkema, nei de kroech fan Ruerd en Baeije.
Doe't er heal de reed del wie, woarde er keard. En der wie net ien, tominsten hy seach net ien.
"Duvel," sei er, "krij my net fan achteren, mar...
nl.verhalenbank.22173
Yn Feansterheide op 'e hoeke by de Trije Roede hie Haring Land in café. Dêr plichte Greate Germ (Germ Smous) faek to kommen. Germ Smous soop as in mûs. Faek wied er dronken. Sneins gong it altyd op in kaerten en dan wie 't snijen en fechtsjen. Op in kear wied er wer dronken. Doe't hy der útsmiten woarde, sei er: "Ik bin foar de duvel net binaud."
Mar...
nl.verhalenbank.22067
Hindrik Holthuis wenne yn 'e Harkema. Dat mat froeger in raer man west ha. Op in kear wied er wer dronken. Hy gong sjongendewei de heidepaden lâns. Hy song de tsien geboaden op in drank- en flokwize.
Doe hied er in moeting mei de duvel. Dy hat him oer in hekke hinne smiten. Hy is sa raer tolânne kom, dat hy hat der in stive foet fan oerhâlden.
Doe is er...
nl.verhalenbank.22068