Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Aen wie in âld man. Hy wenne yn 'e Harkema. Hy leaude oan God noch syn gebod en wie in greate spotter. It gong him noait to raer. Op in kear lei er op bêd, doe siet der in gedaente op 'e stoel foar syn bêd mei egen as itensboarden. Hy die neat en praette ek net tsjin him. Aen wie stjerrendbinaud. It wie de duvel. Aen is troch dit gefal bikeard en gong nei...
nl.verhalenbank.21324
Alde Bartele Pypke (= B. Bijma) wie mei noch trije man to fiskjen tichte by de Leijen. Sy sieten dêr by in âld dyk. De trije dy't by him wienen, dat wienen forkearden, dy dienen oars neat as spotten en wienen nergens binaud foar, biwearden se.
't Wie stil waer, mar doe bigong it ynienen bot to waeijen. Doe seagen Bartele syn trije maten ynienen hwat. Sy...
nl.verhalenbank.25744
Sytse Jager fan 'e Smoarhoeke hie op in snein hiel bot flokt.
"Ik wol mei de duvel fechtsje! Ik bin foar gjin duvel bang!"
en sokke dingen mear hied er mar roppen. Hy wie tusken oar jongfolk yn. Doe woarde er opnom en oer de dyk hinne smiten.
Letter wied er altyd binaud. Hy doarst by nacht net allinne to reizgjen.
nl.verhalenbank.29354
Sytse Jager wie ris mei in stik of hwat fan syn kammeraden op 'e Húsloane (de wei nei 't Bomkleaster ta). Hy wie in greate spotter. Dy jouns hied er ek wer forkeard praet hawn en dêrby wied er dronken. Hy woarde ynienen by syn maten weinom en oer de dyk smiten. Dat wie de duvel syn wurk.
Dy reis hat him net smakke. Hy hat letter noait wer allinne jouns by...
nl.verhalenbank.32984
It is ris yn myn tiden gebeurd dat Sytse Jager hwat bileefd hat. 't Gebeurde op in snein-to-joun. Sytse wie in man fan swearen en swetsen; en flokke dat it raer wie.
Op in joun wie er mei in ploechje jongfolk der op út, feinten sawol as fammen. 't Wie al hwat let.
Se wienen by in heidefjildtsje, dêr wienen sângatten.
Sytse sei: "As wie 't de duvel èk,...
nl.verhalenbank.33641
Der wenne ek in feint yn 'e Harkema, dy die 't altyd raer. Hy flokte as in ketter en hy song op in kear - 't wie op in joun - hyltyd: "O Heare, Jé, o heare Jé -" Der wie oar jongfolk by him.
Rinse de Wind syn hûs stie yn 'e brân. Dat ûntdekte dat jongfolk en dêr woenen se hinne. Ik wie der sels ek by. Wy wienen oan 'e Singel. Wy gongen der hinne. Hy soe...
nl.verhalenbank.28507
Mike Ruerd (= R. v.d Veen) wenne yn 'e Harkema. Hy wie timmerman. Op in kear wied er oan 't timmerjen by de earste plaets op it Bomkleaster. Dêr wenne doe Wyberen Hulshof.
't Wie winterdei en 't wie al bitiid tsjuster.
Der wie noch in man, dy holp Ruerd by it timmerjen.
Ruerd wie net in gewoanen ien. It wie in greate spotter. Hy biwearde by heech en by...
nl.verhalenbank.33642
Der siet op it Jachtfjild yn 'e kroech ien dy stie nergens foar. Hy wie noait bang. Hy wie tige oan 't opskeppen en sei: "Ik sil de duvel smite as in pod."
Mar doe't er bûten kom, smiet de duvel hìm.
Hy kom yn 'e Langewyk tolânne.
Syn maten ha noait ien sjoen.
nl.verhalenbank.21929
Ruerde Saekje Ruerd (= Mike Ruerd = R. v.d. Veen) is faek smiten woarn troch de duvel. Se hienen in winkeltsje. Soms gebeurde 't dat Ruerd yn 't achterhúske oan 't wurk wie en dan pakte de duvel him. Dan hearden se him wol kjirmjen.
nl.verhalenbank.25757
Mike Ruerd wie in raer man. Op in kear wied er oan 't timmerjen op it Bomkleaster. Doe sei er: "Ik bin foar gjin duvel bang."
De jouns soed er nei hûs ta. Hy hie 't ridskipsbakje op 't skouder. Hy roan de Skalkepaedtsjes del om yn 'e Harkema to kommen. Hy moest forskillende houtsjes oer. Doe stie der op ien fan dy houtsjes in juffer.
"Rûmte!" sei Ruerd....
nl.verhalenbank.29351
Rinse de Wind wie in hiele raren. Hy wenne yn 'e Harkema.
It wie in earsten fjochtersbaes en hy flokte as in ketter.
Doe't er it ris wer in kear raer dien hie, wie der in grouwe houn dy't him thús brochte. Dat wie de duvel sels.
nl.verhalenbank.29378
De duvel hat Wibe Alma ek al ris smiten, oer de Lange Wyk hinne. Doe kom er út 'e kroech wei en hie 't raer opsein.
nl.verhalenbank.33644
Ruerd hat oan in kleaster arbeide. Hy wie timmerman. Hy die oars net as flokke en spotte mei de pastoar.
nl.verhalenbank.15536
In sekere Alma fan Stiensgea sei it ek altyd raer op.
Dy paste net op syn wurden. Op in kear kom er to Surhuzum út 'e kroech. Doe is er yn 'e Spoekdobbe smiten woarn.
nl.verhalenbank.28613
In stik of fiif lju, dy fierden yn in herberch yn Droegeham it heilich avondmael. Ta straf ha se der alle fiif in stive nekke fan oerhâlden. Sy koenen letter de nekke net wer omdraeije.
nl.verhalenbank.25733
Doe't Hindrik Holthuis noch jong wie joech er om God noch syn gebot. Hy hie de gek mei alle godstsjinst.
As feint soed er us nei de froulju ta. Hy roan de Bopperein fan 't Wytfean del. Se hienen tsjin him sein dat it dêr spoeke. Mar Hindrik hie sein: "Ik bin foar gjin sawn duvels bang!"
Der stienen roggehokken op it lân, dêr't er lâns moast. Hindrik seach...
nl.verhalenbank.21233
Earen woarde der faek ien yn 'e sleat smiten troch de duvel.
Dan woarde der sein: Dy is yn 'e sleat smiten woarn, gjin wûnder, dy leaut oan God noch syn gebot. Sokke praetsjes hienen se dan.
nl.verhalenbank.28809
Deselde mannen, Sikke Hoeksma en myn swager Douwe Wedzinga en dan noch in sekere Jan Klamer - dat wienen doe alle trije noch frijgesellen, soenen ris in kear nei Twizel nei de kroech ta. 't Wie mistich waer. Sy kommen fan Mûntsjetille en roannen op 'e âld dyk. 't Wie joun. Doe gongen se de Twizelerwei lâns, dat wie doe noch in modderpaed, dwars troch de...
nl.verhalenbank.28612
Tsjip van der Bij ^ fan 'e Harkema gong altyd to murdzjen.
Op in nacht wie er wer op stap. Hy hie twa maten by him. Alle trije hienen se in houn. Tsjip hie in lyts hountsje.
Murdehounen rinne altyd in ein fuort, as se in murd fine.
Dêr rinne se dan achteroan.
Doe hearde Tsjip ynienen dat syn hountsje hiel bot jankte. Tsjip gong by de mannen wei en sette...
nl.verhalenbank.28610
To Surhuzum ha se yndertiid it heilich avondmaal fierd yn 'e kroech. It gong hiel bot op in spotten. Der wie ek in man by, dêr hat Albert Buma in dochter fan troud. Dy hat der doe sa fan lâns krige, doe't er út 'e kroech weikom, dat hy doarst letter net heal wer allinne de lannen yn. Dan moest der altyd ien mei him rinne. Sa bot is er doe smiten woarn.
nl.verhalenbank.21230