Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: spookhond Place of Narration: Drachten
Op 'e Boelensloane, by de hulzebeam, tichte by 't Blauhûs, roan altyd in houn mei in brijpot om 'e hals, seinen se. Dy spûke dêr.
nl.verhalenbank.25215
It Blaufallaet telt sa'n trettsjin huzen. It lêste hûs stiet hwat achterút. Dat is in âld plaets. Se hienen dêr in soan yn 'e hûs, dêr't ik wol kammeraed mei wie. Op in kear kom ik der lâns yn 'e nacht. 't Wie fiif minuten foar tolven. Doe't ik oan 't plaetske ta wie, wie dêr in houn, dy wie wol sa great as in koekeal. En dy woardde ek samar ynienen wei....
nl.verhalenbank.17742
Us Hindrik-om fortelde, dat syn heite broer hie us op it fjild west yn Houtigehage. Doe hie dêr in hiel lyts brún hountsje by him lâns sweefd. 't Gong op 'e feart yn. "Hwat mastû, lytse kleine?" hied er sein. Mar it hountsje wie samar fuort west, krekt as wie 't yn 'e feart wei woarn. Krekt trije wiken letter kom syn heit presys itselde oer. Doe like it...
nl.verhalenbank.17744
Piter van der Kloet wenne yn 'e Surhústerfeanster Mieden. It wie hwat in nuvere man. Op in kear hied er nei de froulju ta west yn Greategast. Hy wie al wer by honk. Hy moest oer in barte om op it hiem to kommen. Mar midden op dy barte siet in dikke, grouwe houn. It wie in pûrfremde houn en hy seach Piter mei greate, gleone egen oan. Piter waerd bang en...
nl.verhalenbank.19846
Wibe Alma fan 'e Harkema kom út 'e kroech (it Jachtfjild). Doe wie dêr in lyts hountsje, dat smiet him oer de feart hinne.
nl.verhalenbank.25415
To Surhuzum is in âlde sânreed mei in fytspaedtsje der njonken: de Rysloane. Dat paed giet nei de Stroboskerfeart ta. Sahwat in heale kilometer fan Surhuzum ôf roan op dy sânreed midden yn 'e nacht altyd in dikke swarte houn. Dy spoeke dêr om. Ûnderskate minsken ha him dêr sjoen. De lju wienen bang foar dy houn en stapten ôf as er op it fytspaed wie....
nl.verhalenbank.17752
6