Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ik haw hjir op 'e tún hjouwer forboud. Doe seach ik in kear dat der in koe by de hjouwerstûke stie. It like krekt of er dêrfan friet. Ik smiet der op mei de klomp.
Doe bleau er nòch stean, it wie in spoek.
nl.verhalenbank.37341
Op 'e Trekwei by de Kalkhúsbrêge, der mat yn myn bernejierren in grouwe, swarte houn west ha. Dy kom altyd oer de brêge, roan in eintsje by de feart del en waerd wer wei. Dy houn spûke dêr.
nl.verhalenbank.37355
Yn Twizelerheide wenne in man, dy koe tsjoene. Hy hie us in kear sawn katten foar it glês. De skrammen fan har neils sieten der letter yn. De man gong nei bûten ta, de katten naeiden út. Mar hy krige se op 't spoar. Der wie ien hazze tusken dy sawn katten. Dy hazze krige er to pakken. Hy sloech him dea en hat him doe persint jown oan 'e buorlju. Dy ha him...
nl.verhalenbank.15741
Op 't Heideloantsje yn Twizelerheide roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Soms roan der ek wol us in grouwe, swarte houn.
nl.verhalenbank.22684
Oan 'e reed dêrre dêr't wy oan wennen spûke soms in blauwe houn. Myn swager hat him sjoen.
nl.verhalenbank.29505
To Eastemar by de âld toer spoeke in dikke, swarte houn om. Der wienen minsken, dy hienen him wol sjoen. Yn 'e sechstiger jierren fan 'e foarige ieu wenne der op Skûlenburch in man, dy hie dêr in oaljeslagerij. Dy man hie forkearing mei in widdou to Eastemar. Mar hy doarst net to reizgjen by nacht. Hwant by de âld toer, dêr't [er] foarby moest, dêr spoeke...
nl.verhalenbank.15760
De Hege Tsien is in great plak lân. Froeger wie dat perseeltsjelân, dat waerd forhierd oan allerhande minsken. It gebeurde wol gauris, as wy dêr oan 't wurk wienen, dat dêr in keardel op in wyt hynder oer de foarikkers hinne ried. Dat wie op 'e ein fan 't lân. As wy der nei seagen wie er ek samar wer wei. Dat hynder en dy man spokken dêr om.
Dêr mat...
nl.verhalenbank.25202