Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
As de minsken hjir froeger in spûk seagen of oars hwat dat net doogde, dan seinen se 't 'Onze Vader' op.
nl.verhalenbank.30457
Yn Aldegea roan in fôlle om mei in brijpot om 'e hals. Guon dy't de reden delgongen by de Opperbuorren ha him wol sjoen. Mar hy die net ien kwea.
nl.verhalenbank.11552
Us mem biwearde, to Aldegea spoeke it op in smel reedtsje by Jan Japiksma. Dêr wie in boskje mei in gracht der omhinne. Dêr spoeken wite juffers.
nl.verhalenbank.22700
Us mem hat wenne op in plaets yn 't Wargeaster leechlân, dêr doogde it net. Dêr hienen se in lyts popke stikum oan kant brocht. Dat wie yn 'e stâl bidobbe. Sûnt spoeke it dêr. It gong der altyd op in pompen. Doe't mem der wie roun dêr in famke fan sa'n jier of 13 (sa lang wie 't lyn) nachts troch it bûthús. Dat bern koe de rêst net fine. It bern is letter...
nl.verhalenbank.15696
De Lange Sleatterman is in bikend spoek dat tahâldt yn 'e buert fan 'e Krúswetters. Oarspronkelik wie dat de smid fan Earnewâld. Dy smid hie in forkeard leven lein, dêrtroch koed er gjin rêst krije. Hy wie de skrik fan 'e skippers. Dy doarsten net oan wâl to lizzen by de krúswetters en se doarsten dêr nachts ek net lâns to farren.
't Wie op in kear dat...
nl.verhalenbank.30455
By Hattum de Vries yn it loantsje spoeke nachts altyd in wyt wiif. De minsken doarsten dêr nachts noait to kommen. Hwant sy waerden dêr stadich troch dat wite wiif oan kant treaun nei de dobbe ta. Sûnder dat se it sels fornamen kommen se yn 'e dobbe torjochte.
nl.verhalenbank.17053
Twa man gongen der ris op út to fiskjen. It gebeurde by Easthim. 't Wie joun en donker waer. Doe't se it net ynhelje soenen, siet dat fêst. Se koenen fornimme, dat der oan lutsen woarde. De iene rôp tsjin 'e oare: "It is spooksel!" Doe kom it spoek even boppe. Sy koenen it beide sjen. It wie wyt. Mar fuort dêrnei dûkte it wer ûnder.
nl.verhalenbank.12386
Yn Sumar wennen twa bruorren, dy skreauwen har Houwink. Op in joun soenen se to melken nei in stik lân, dat lei tusken Sumar en Eastemar. Doe seagen se dêr hwat wyts oer dat lân sweven, dat wie fan ûnderen swart, en dat gong almar hinne en wer. De beide bruorren woarden sa bang dat sy binne weromgong en ha dêr noait wer west to melken. It lân forkochten se.
nl.verhalenbank.17044
Op in kear wienen der twa greate grouwe, gewante keardels oan 't meanen by de Headammen.
De iene dat wie Piter Tjeerdsma, de oare dêr wyt ik de namme sa net mear fan. It wiene keardels as beammen. Sy soenen de jouns nei har tinte ta. Doe seagen se dêr de Lange-Sleatterman by de tinte stean. Hiel dúdlik. Sy binne doe gau weromgong en ha bûtendoar yn 't...
nl.verhalenbank.11553
Us mem hie to praten west nei Jistrum. Dat gong doe to foet. Sy wie op 'e weromreis.
Tusken Skûlenburch en 't Heechsân kom der har in persoan op side. Dy wie yn 't swart. Mem bigong tsjin him to praten mar hy sei neat werom. Doe't se oan it tsjerkhôf to Eastemar ta wienen, gong er by har wei en sweefde ta de poarte fan it tsjerkhôf yn.
Mem hat him net...
nl.verhalenbank.17063
It Rammelân leit oan 'e súdkant fan 't Krúswetter. Dy namme is sa ûntstien: Der wienen twa spoeken yn Olterterp of de Sweach, dat hienen by har libben advokaten west. De duvelbander Piter Poes hat se dêr wei helle op in wein. Mar it ried o sa swier, hwant dy beide advokaten sprongen fan 'e wein en hâldden him tsjin. Sy hâldden de speaken fan 'e fjilden...
nl.verhalenbank.15702