Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn 'e Burgumer Mar wie in spoekachtich ding yn minskegedaente. Dat riisde dêr út it wetter op. It wie in great ding.
nl.verhalenbank.21861
Op 'e Sumarrewei by 't Mienskar roan in ezel om mei in brijpot om 'e hals. Dy ezel klapte mei de earen.
nl.verhalenbank.19956
Oan 'e Parsingel to Eastemar hinge froeger in wite gedaente oer de homeije hinne. Guon wienen dêr tige bang foar. (Mar der waerd wol biweard dat dat ien fan 'e jonkers van Sminia west hie, dy't dat die, om 'e minsken bang to meitsjen)
nl.verhalenbank.21960
Achter Jurjen de Jong op it Wytfean is in boskje, dat neame se it Spûkeboskje. De hiting is dat it dêr soms spûke.
nl.verhalenbank.19951
Yn 'e Spoekloane to Jistrum spoeke Jantsje-mei-de-fearren.
nl.verhalenbank.23658
To Eastemar op it Doarpslân stie froeger in boskje.
Piter Kamminga roan faek fan Eastemar nei Jistrum. Dat gebeurde meast by jountiid en dan gong er altyd de Achterwei lâns. Dy hat faek sjoen, fortelde er, dat der in gedaente út dat boskje wei kom, dy't dwars oer de wei hinne gong en weiwoarde yn it lân oan 'e oare kant
nl.verhalenbank.21865
In man wie op it Bûtlan to Eastemar oan 't murdejeijen. Doe seach er hwat. It wie noait liker as wienen it bulten hea. Tichterby like it in wyt hynder. It forweegde. Hy hie in goeije houn by him, dy't bigong to spûkgûlen. It forskynsel kom oer de dyk hinne. De man makke doe hastich, dat er dêr wei kom.
nl.verhalenbank.20085
Op 'e Reamûtskekamp op it Wytfean is froeger in slach mei de Frânsen levere. Dêr binne doe soldaten mei reade mûtsen op sneuvele. Der waerd wol sein, dat se der letter noch omspoeken. It stik lân, dêr't de wei dwars troch hinne rint hyt noch altyd 'Reamûtskekamp'.
nl.verhalenbank.19952
By 't spul fan Albert Bakker spoeke in swarte dame om. Hja hie forkearing hawn mei ien, dêr't har heit op tsjin wie. Hja wie weikwynd en sûnt spoeke hja dêr.
nl.verhalenbank.21866
Juffer Lys spoeke yn Burgum om 'e fivers hinne fan it slot, dat der nou net mear is. Guon ha har sweven sjoen yn 1878.
nl.verhalenbank.21862
Op 'e Parsingel to Eastemar spoeke it. Dêr gong it yn 'e nacht altyd bot oan wei. It wie dêr in hiel stik leven en lawaei.
nl.verhalenbank.20887
Tusken Durk Reitsma en Hindrik Kooistra, op dat eintsje wei roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.36603
Alde Ealse Sijke fan Eastemar fortelde, der wienen wol berntsjes fan kant makke woarn, dy't de âlden net bigearden. Mar dan kommen dy berntsjes werom en spoeken algeduerigen. Hwant dy berntsjes koenen de rêst net krije omdat se gjin léguod meikrigen hienen.
Der moesten dan twa minsken freegje, hwat se bigearden. Dat wienen de oansprekkers. Ien...
nl.verhalenbank.21873
Yn Grinslân op 'e klaei binne plaetsen, dêr spûket it. It folk, dat dêr yn 'e skuorre slepte, koe soms samar oan kant smiten wurde. Dan moesten se op in oar plak lizzen gean. Ek bigong it dêr yn 'e nacht samar fansels to tsjernjen.
nl.verhalenbank.12526
In man op in skip seach in forskining. It wie in frou yn in regenkleed. Hy sprekt har oan. Hwat bigeart se? Hy mat nei in dame ta gean yn Ljouwert. Dy rint op 'e strjitte om mei in pakje yn 'e hân.
As er it pakje hat giet er werom nei 't skip. Op itselde plak dêr't de forskining wie, is se nou wer. Hy jowt har it pakje, dat er oan 'e putheak hat.
It wurdt...
nl.verhalenbank.21844
It gebeurde wol dat in deade al syn lykklean net meikrige yn 'e kiste. Dan kom de deade wer. Dan kom syn hân om 't hoekje fan 'e doar en dan sei er mei in raer hol lûd, hwat er ha moest. Se moesten dat him dan tasmite, net oerjaen, hwant dat wie net fortroud. As se dat dien hienen, krigen se der gjin lêst wer fan.
nl.verhalenbank.12524
Skoanmem fortelde hja wie op in joun oer 't Heechsân to Eastemar roun. Tusken de herfoarme tsjerke en de pleats fan Mame Ozinga hat in buorkerij stien mei de hekke by de wei. Dy pleats stie in eintsje achterút. Op dy hekke sieten de Harms-Antsje-froulju alle trije mei wite mûtsen op. Doe wienen se al lang dea. Dy froulju spoeken dêr.
nl.verhalenbank.32155
Op 'e Swarte Wei, seinen se, roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.28371
By 't Blauhûs ûnder Boelensloane tusken de beide plaetsen yn gong it altyd op in spoekjen.
nl.verhalenbank.33618
Op 't Heechsân to Eastemar oan 'e ein fan 'e Parsingel stie in buorkerij. Dêr tsjinne in faem. Dy kom fan 'e Harkema. Dy faem seach dêr algeduerigen by in stikelbosk in lyts neaken berntsje, dat wei woarde yn 'e groun. Dy faem woarde op 't lêst sa binaud, dat sy woe dêr net langer by dy minsken bliuwe en sy gong wer nei Harkema ta nei har âlden.
Mar doe...
nl.verhalenbank.17027