Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
To Gytsjerk rolle froeger op in bipaeld plak yn 'e nacht altyd in sek mei nuten oer de wei. Heit (de lettere master Wybenga) hat us in kear sitten to wachtsjen mei it mes iepen oan 'e kant fan 'e wei, om de sek mei nuten to naderjen. Mar doe wie dy sek der krekt net.
nl.verhalenbank.19725
Guon fan Feansterheide hienen in sike koe. Doe gong it minske mei har buorfrou nei âlde Hinse, dy't op 't Swartfean wenne. Hinse Jehannes de Boer wie duvelbander en hy doktere ek mei fé. Hja gong nei Hinse ta om rie.
Hinse frege: Binne jim dêr en dêr lâns kom?
"Ja", seinen de froulju.
"Ha jim nergens lêst fan hawn?"
"Né."
"Dan krije jim dêr aenst àl lêst...
nl.verhalenbank.19731
In dûmny moest faek op in snein-to-joun, as er earne preekje moest, de Godleassingel lâns by Feanwâlden.
Dêr spûke it. As er oan 'e brêge ta wie wie 't spoek foar de brêge en wie hy der oerhinne, dan wie 't achter de brêge.
nl.verhalenbank.31656
Froeger wenne der op 'e Triemen in âld man, dy kaem wolris by ús. Dy hie in broer yn Zoutkamp to wenjen.
Dêr yn Zoutkamp, fortelde hy, dêr stie in hûs, dêr wennen minsken yn, dy hienen it neat to rûm. Hwant it doogde dêr net yn dat hûs. It wie nachts allegear leven yn dat hûs, de leppels en foarken rattelen yn 't leppelbakje om, de kopkes en pantsjes...
nl.verhalenbank.38470
Der gong us ien út Eastemar de Langeastloane lâns. Doe seach er in pasgeboaren berntsje dwars oer de wei gean. It gong oer de dyk hinne en woarde wei. Letter seach er it nochris inkelde kearen. It wie in neaken berntsje. (forteld troch Jaring Veenstra via Meint Bottema ± 1908 by de famylje Wybenga)
nl.verhalenbank.20933
Yn Trynwâlden, by 't Gytsjerkster tsjerkhôf rattele alle dagen in ponge mei jild oer de wei.
Ek spûke der yn 'e Trynwâlden in hynder om.
Oer de Westerdyk by Ryptsjerk spoeke alle nachten in fôlle om.
nl.verhalenbank.19616
Heit en mem gongen in kear nei Feanwâlden ta.
Op 'e neidei, doe't se weromkommen, wienen se op 'e Boppewei. Dat is tusken de Westerein en Feanwâlden yn. Oan 'e oare kant de sleat seagen se twa yn regenkleden. Hja sweven mear as dat se roannen. It wienen spoeken.
nl.verhalenbank.23088