Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Myn broer Wytse - dy't forstoarn is - en ik reizgen togearre nei Drylst nei in pear susters, skippersdochters, dêr't wy doe forkearing mei hienen. De moarns werom reizgen wy oer Dearsum. 't Wie dêr tusken twaën en trijen yn 'e nacht. Ik sei tsjin Wytse: "Ik sjoch twa froulju op 'e dyk."
"Ik èk, krektlyk", sei er.
Ik sei: "Ien mei in reade en ien mei in...
nl.verhalenbank.31527
By Garyp hat in loantsje west, dat kom út to Feanhuzen.
Dêr spoeke altyd in houn. As jy dêr op sloegen, dan sloech men der dwars trochhinne.
nl.verhalenbank.27813
Us Auke moest moarns altyd nei de boer ta. Dy wenne yn 'e Westerein fan Garyp. As er dan de tsjerke foarby moest, seach er dêr altyd twa minsken sitten op 'e tsjerketrappen. Dy bleauwen dêr sitten, hwant as er omseach sieten se dêr nòch. Dat wienen spoeken.
nl.verhalenbank.23042
Yn 'e Easterein fan Garyp is in reedtsje foar it hûs fan Wibe Spoor. Yn dat loantsje roan altyd in fôlle mei in krûk om 'e hals. Dy is troch forskeidene minsken sjoen woarn. Hy roan oan 'e wei ta en dan werom, it loantsje del.
nl.verhalenbank.23041
Doe't wy op 'e Koai wennen to Sigerswâld (Garyp), en ik sahwat 6 jier âld wie, roan der in frommes op Harings Finne (in binnenpaed, healwei de Sigerswâldsterdyk ôf, 3 stikken lân del oan Haeije Hoekstra ta).
It wie in frommes mei in wite mûtse op. Dat frommes spoeke dêr. Yn 'e midden wie in hiele greate dobbe.
Dêr woard se yn wei. In hiele protte lju ha...
nl.verhalenbank.31523
Yn Sigerswâld (ûnder Garyp) spoeken wite juffers. (Dêr hat foarhinne in kleaster fan wite nonnen west)
nl.verhalenbank.23032
Yn 'e Sumarreheide op 'e Fiifhoek, dêr spoeke it. Dêr doarsten de minsken yn 'e nacht net komme. Op 'e Pasterijelânnen spoeke it ek. Op 'e Brandsma-loane to Garyp roun in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.32116
Oan 'e Gravinneloane mat froeger in gravinne mei koets en hynder en al yn 'e groun sakke wêze. Sûnt spûket it dêr. De Gravinneloane bigjint by de 'Koekoek'.
nl.verhalenbank.23033
Yn dat boskje spoeke ek in grouwe houn mei greate gleone egen.
nl.verhalenbank.23031
Der wenne in boer yn Sumar, dy joech syn arbeiders fierstomin lean. Dêr wie ien arbeidershúshâlding by, dy liet er sahwat forrekke. De berntsjes hienen suver gjin klean oan. De iene nei de oare is fan 'e honger en fan 'e ellinde stoarn.
Doe't se allegear dea wienen, hearden dy boer en boerinne alle nachten bernelûden yn 'e skuorre. Dat wie by 't twade...
nl.verhalenbank.31622
By 't Spoekeboskje (froeger Lútsensboskje) to Garyp spoeke in fôlle mei in brijkrûk (brijkanne) om 'e hals.
Dêr wienen guon binaud foar.
nl.verhalenbank.23030
Oan 'e Hearrewei, op it eintsje tusken bakker Welling en Nyegeasterhoek, dêr brânde nachts in great fjûr, en dêr sieten in man of trije omhinne.
Dat wienen advokaten, dy spoeken dêr.
Doe binne se dêr us mei in doomny hinne gong. dy hat dy trije spoeken oansprutsen en doe ha se de trije advokaten mei hynder en wein dêr weiriden. De hynders switten sa bot...
nl.verhalenbank.22901
Op 'e Skilige Piip by Feanwâlden spoeke in âld hear mei in grize hege hoed op. Men seit: "Even by de âlde hear de pipe opstekke."
nl.verhalenbank.24623
Evert Kobus wenne yn Nyegea. Hy hat him ophong neidat der him in minske yn 'e mjitte kaem, dy't al lang dea wie.
nl.verhalenbank.32120
Ik haw in boer kend, dy wie troud. Mar syn frou stoar. Hy hie har foar har dea biloofd, hy soe net wer trouwe. Mar hy krige wer in frou.
Mar as hy der mei syn twadde frou op út soe mei de tilbry en sy spanden it hynder yn, dan stie de earste frou al ré by de takkebult. Dy woe èk mei.
Sy koe de rêst net krije omt hy him net oan syn bilofte hâlden hie.
nl.verhalenbank.22779
Yn Tsjummearum leit earne yn in boerepleats in skedel op 'e souder. Dy koe dêr noait wer wei. Hy hie dêr in fêst plak. Dy skedel mòest der bliuwe, oars gebeurden der rare dingen yn dy pleats. Dan gongen de doarren yn 'e nacht fansels iepen, en sa mear.
nl.verhalenbank.31498
Yn Beetstersweach wennen twa advokaten. Dy wienen fan 'e duvel biseten en dienen folle kwea. Der wie in duvelbander - guon biweare dat it Piter Poes fan de Sumarreheide wie - dy gong mei de boerewein nei de Sweach ta en krige dy beide mannen by him op 'e wein. Twa grouwe gudzen roannen der foar.
Dy twa hynders switten ôfgryslik doe't dy beide advokaten op...
nl.verhalenbank.31500
Der wie in boerefrou, dy krige in lytsen. Doe moest heit op 't hynder foar har nei Burgum ta, nei dokter. Doe't heit oan "Binnenrust" (in pleats yn Garyp) ta wie, woe 't hynder net in foet mear forsette. It hat dêr hwat sjoen. 't Wie yn 'e nacht. Heit is doe rinnende nei Burgum gong.
nl.verhalenbank.17117
Achter Burgum spoeke juffer Lys, dy wie yn 't wyt klaeid. Se die de minsken neat.
nl.verhalenbank.31517
Greate Evert wenne op 'e Sumarreheide. Hy wie altyd warber by tsjustere moanne. Dan stuts er syn lange megere holle fan achteren oer 't skouder fan 'e minsken hinne en dan waerden se deabinaud. 't Wie in spoek.
nl.verhalenbank.31516