Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Dutch Keywords: spook Narrator Gender: male Place of Narration: Broeksterwald
By de Skilige Piip sit in kiste mei jild yn 'e groun. As se dêr nei grave, sakket de kiste altyd djipper. Dêr spûket ek in âlde mynhear. (Dat is dyselde net by 't Lange Ein.) Dy hat dêr yn in slot wenne. Dy kiste mei jild is fan him ôfkomstich. Hy wol dêr hinne, mar 't avanseart net bot om dêr to kommen. Elk jier komt er mar ien hoannestap tichterby.
nl.verhalenbank.30401
Sjirk wie in soan fan 'e Feddema's. Hy hie mei syn mem to skiepmelken west. Sy wennen yn in woanskip. "Sjoch", sei er tsjin syn mem, "dêr is in klok mei pykjes." Dy klok mei pykjes kom oer de dyk. Mar doe't er syn mem der oandachtich op makke, wienen se ek samar ynienen wer fuort. En doch hied er it hiel dúdlik sjoen. Se wienen flak by 't woanskipke west....
nl.verhalenbank.19899
Anne Feddema syn âlden wienen op in joun to kofjedrinken nei oaren. Anne wie doe noch in jonge. Twa susters en in broer kommen dy jouns by Anne en de oare bern to húswarjen. Sy wienen der noch mar krekt as doe sei ien fan 'e twa susters: "Hark, jimme hoanne kraeit." "Wy ha gjin hoanne", sei Anne. Doe gongen se mei elkoar mei in lyts lantearntsje nei de...
nl.verhalenbank.19894
De Feddema's fortelden my us: Wy hienen to murdejeijen west de Godleassingel lâns nei Ikkerwâld út. Dêr wenne âlde Jan Jilderda. By de Jilderda's, dêr koenen se allegear tsjoene. Dy koenen har foroarje yn in kat. Doe't wy oan Jan Jilderda ta wienen, bleau de houn achter ús. Hy doarst net wer by ús wei, net earder as doe't wy in hiel ein fierder wienen.
nl.verhalenbank.19896
De hekke fan Hurdegaryp (Bontekoe) dy't altyd fan sels wer iepen giet.
nl.verhalenbank.19909
To Hurdegaryp, dêr't earder dokter Bontekoe wenne hat, dêr is in homeije, dêr stiet de hekke altyd fan iepen. De bargeriders fan Broeksterwâlde moesten dêr yn 'e nacht fan tongersdei op freed altyd lâns. Op in kear sieten der twa Broeksters op sa'n bargewein. Doe't se oan 'e hekke ta wienen, sei de iene: "Sjoch, dêr giet in frommes hinne yn 'e...
nl.verhalenbank.30419
Yn dyselde skuorre yn Uthuzermeden, dêr't it net doochde dêr wie yndertiid in bern formoarde woarn. It bloed fan dat bern, dat giet noch altyd by dy muorre lâns, dat kin dêr net wer wei.
nl.verhalenbank.30418
Douwe syn broer Anne Feddema hie to fiskjen west. Hy hie nei 't tichtset ta west en farde de Lyts út wei werom de kant nei de brêge út. Doe kom der in juffer oan yn sniewite klean. Hy tocht: Ik wol wite hwer't dy keart, dat hy hie 't eech net fan har ôf. Doe't er oan har ta wie, died er de fêstsetter yn 'e kant en krekt doe't er dat die, wie de wite...
nl.verhalenbank.19893
Oan dyselde wei - it Lange Ein - wie ris in fanke oan 't toarnbeisykjen. 't Wie in skoalbern. Doe kaem der in dame de oare kant de sleat lâns en doe sei dy dame yn 't Hollânsk: "Aan 't bramen-zoeken?" Doe't it fanke seach, wie der neat. Hja hie allinne it lûd mar heard. 't Wie 't lûd fan in frommeske. 't Wie ûngefear dêr't de bakkerij stiet. 't Wie in spoek.
nl.verhalenbank.30385
It lang ein tusken Broeksterwâlde en de Falom wie tige birucht. Nergens dêr't it sa bot spûke as dêr. Op in snein-to-joun, nei iten, kuijeren der in stik of hwat fan dy jonge bazen fan Broeksterwâlde nei de Falom. Hja kochten dêr yn 'e Falom hwat bier en doe gongen in stik of trije fan dy jongfeinten oan 'e kant fan 'e wei yn 't gjers lizzen to praten. 't...
nl.verhalenbank.30384
Oan 'e Tienewei lei in bokje (in skipke), dêr wenne in âld man yn. Hy hie by de Feddema's west to praten. It bokje lei mar in lyts eintsje fan it hûs fan 'e Feddema's ôf. Alde Douwe Feddema gong in pear stappen mei de man mei. Doe stie dêr ien op 't lûkje fan 't skipke. 't Like wol in grouwe houn, mar dat wie 't net. Doe roan it op 't dek en even letter...
nl.verhalenbank.19892
Myn soan Alle wie boerefeint. Op in moarntiid bitiid moest er de kij ophelje to melken. It wie doe noch tsjuster. Hy hie in lantearne by him. Doe sei der ynienen ien tsjin him: "Duister, hè?" En der wie net in minske, net ien. Dat gebeurde ek by 't Lange Ein.
nl.verhalenbank.30386
It hat dêr op 't Lange Ein altyd spûke. Der wienen hjir trije bruorren. De âldste wie by de boom. De keppelbaes wie Jelle Japiks. Mei dy keppelbaes gong er geregeld to wjûden. Syn beide jongste bruorren sochten op in kear gjers. Dat laedden se op 'e kroade. De âldste broer soe dat kroadfol gjers ophelje. Salang sieten de beide oaren op 'e kroade en...
nl.verhalenbank.30387
35