Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn 'e buert fan Houtigehage stie in hûs, dêr doogde 't net yn. De frou hie in kear yn 'e hoeke sitten. Doe wie der hwat by har yn 'e hûs kom, dat wie by har op 'e skelk kom. 't Wie in forstoarn minske.
De frou hie de skelk foarwei dien, doe kom it by har op 'e skoat.
Doe ha se der in doomny by helle. Dy spruts it spoek oan. Hja moest sizze hwat der oan...
nl.verhalenbank.25180
Us Egbert-om fan Boelensloane wie in man dy woe neat wite fan spûkerij en dy dingen. It wie in bolderblast fan in fint en hy wie foar neat bang.
"As der hwat is, dan woe 'k wolris hwat sjen", sei er altyd.
Mar doe hat er dan ris hwat sjoen op in joun. It wie in swart ding dat him achternei siet. Hy koe net sjen hwat it krekt wie, mar 't hie fjurrige egen...
nl.verhalenbank.29408
Alde Jehanne Durkje wenne yn 'e Boelensloane. Der wenne in famke by har, dat wie in beppesizzer. Dat bern hie dêr in min leven.
Op in moarn kom âlde Jehanne Durkje mei 't famke by ús. Sy hie de kroade by har om baggelers op to heljen. Durkje wie kreupel. Doe't de baggelers yn 'e kroade sieten moest Durkje skouwe en 't famke moest lûke mei in tou.
Mar dat...
nl.verhalenbank.29409
Alde Jille Pultrum fan Houtigehage kom us by it heidetsjerkhôf lâns, doe stienen dêr in pear mei redenskleden oan.
"Goeije navend", sei Jille Pultrum.
Mar sy seinen neat werom.
Trije kear sei Jille 'Goeije navend'. Mar sy wienen gelyk stean bleaun. Doe tocht er: "Dit is gjin goed spul. Nou gean 'k mar mar fierder."
nl.verhalenbank.25179
By de Skeanpaden ûnder 'e Rottefalle is froeger in berntsje formoarde. Sûnt spoeket it dêr altyd.
nl.verhalenbank.25875
Yn Easterwâlde wenne in faem, dy hie in feint, dat wie in hiele raren-ien. It wie de raerste fan hiel Easterwâlde.
De faem hie har mem biloofd, foar dat dy stoar, hja soe 't út meitsje mei dy feint, mar dat die se net. Hja gong geregeld nei him ta en dan gong 't op in sûpen en kaertspyljen en flokken en al hwat mar raer wie.
Op in kear kom se dêr wer wei...
nl.verhalenbank.19585
By it hulzeboskje yn 'e Boelensloane spoeke ek altyd in houn.
nl.verhalenbank.25876
Heit en dy wienen ris op it Jachtfjild oan 't wurk. Doe seagen se op in stik lân dat de Foeke hiet, in frou út 'e groun kommen. Doe't se 't gesicht der ôf hienen, wie de frou ek wer fuort.
nl.verhalenbank.25867
Op it eintsje fan Boelensloane nei it Blauhûs, dêr spoeke it. Dêr roan altyd in dikke swarte houn. Us heit wie skuonmakker, dy hat him dêr wol sjoen. Dy houn roan hinne en wer.
nl.verhalenbank.28039