Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Sa'n fiif en twintich jier lyn wennen wy op 'e Geast (Rinsumageast). Der wie in frou, dy kom in bulte by ús. Dat wie de frou fan Liuwe Woudstra. Doe't se de jouns wer us in kear by ús west hie sei 'k tsjin 't wiif: "Wy bringe har in eintsje op stap."
Dat gebeurde ek. Wy wienen de Kapelle oer, en doe koe myn wiif de siken net krije. (Hja hie in min boarst)...
nl.verhalenbank.21769
Ik hearde us in kear fortellen fan in pear boeren út Gietsjerk: 't Wie yn 'e winter, mei ljochtmoannewaer en sy woenen der op út to murdejeijen troch de Trynwâlden, bûten op it fjild.
Doe't se al in hiel ein op stap wienen, wie der in ding oan kom, dat kom hyltyd op har ta. Sy koenen net sjen of it in minske wie. 't Wie in wyt ding. Ien fan 'e mannen wie...
nl.verhalenbank.23540
Wibe de Vries wie alve jier en wenne yn Moarmwâld. Hy gong us op in kear nei syn pake ta, dy wenne ek yn Moarmwâld. Dêr groeide ingelwoartel yn 'e buert. Dat wie in krûd mei lange stâllen (schermbloemige). Dêr koenen wy wetter mei fuortspuitsje. Wetterbos neamden wy sa'n ding. Krekt hied er sa'n wetterbos makke, doe kom der ynienen in hiele lange man oan,...
nl.verhalenbank.21762
Op 'e Skilige piip spûke in wite juffer. Dêr wienen guon tige bang foar.
nl.verhalenbank.24141
Op 'e Lytse Loane spûke it ek. Guon hienen dêr in âlde hear spûkjen sjoen mei in hoed op.
nl.verhalenbank.24142
Der wie in earmfóud yn Ikkerwâld, dy syn frou stoar. Doe't se al in skoftsje ûnder 'e ierde lei kom der yn 'e nacht hyltyd ien by de doar yn 't wyt.
De earmfóud woe wite hwat dat to bitsjutten hie. Dêrom gong er nei doomny ta en frege of dy it skynsel oansprekke woe.
Doe sei doomny: "As it yn 't wyt is, wol ik it wol oansprekke, mar is it yn 't swart, dan...
nl.verhalenbank.21758
Myn pake, dat wie âlde Freark Prûk. Dy fortelde us in kear, der wienen in man en in frou, dy koenen och sa min mei elkoar. Doe hie dy frou us tsjin har man sein: "As ik aenst stjer, dan sil ik lykwols de tafel en de hurd skjin hâlde."
En sy hâldde wurd. Sy stoar en woarde biierdige.
Alle nachten kom se, sahwat om in ûre of ien hinne by har man. Dan gongen...
nl.verhalenbank.21765
Ik wenne op 'e Geast. Wy hienen in buorman, dat wie Harm, dy brûkte in protte drank. Dêrtroch siet syn frou altyd yn 'e earmoed. Sy kom dan by ús om sinten to heljen, mar dat mocht ús ek net barre. Wy wienen mar earme arbeiderslju.
Ik hie in hokling, dat hie 'k op it lân fan Bindert Wiersma oan 't spit. Mar Bindert Wiersma krige hiel slim kanker en hy...
nl.verhalenbank.23063