Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Hjir flakby, by de barte, spoeke ek altyd in pleachbeest.
't Like krekt op in greate, swarte houn. Doe't Jan Dykstra noch feint wie, hat er him faek troffen. Hy gong stiif neist Jan lâns en hy brocht him oan hûs ta. Dan gong er werom. Deselden dy't dat meimakke wienen dan deabinaud. It beest hie hiele greate egen. By dei wie hy der noait, allinne by nacht.
nl.verhalenbank.27378
Op 'e Nije Wei tusken Twizel en Twizelerheide roun in strûpte fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.34474
Hjir hat ien wenne, dy hat us in pleachbeest troffen op it Wyldpaed. It beest hie him hyltyd de tosken sjen litten en hy koe net fan it beest ôfkomme. Hy wie deabinaud.
nl.verhalenbank.22001
Ik wie boerefaem. Ik siet to melken yn 'e stâl. Doe miende ik dat ik in fûgel fleanen seach.
Nei melken gongen wy to kofjedrinken. Ik sei tsjin 'e boer: "Ik fortrou my joun net." Hwant ik moest yn 'e tsjernherne sliepe. Dat wie myn plak. "Ik doar dêr joun net to sliepen", sei 'k.
"Hwerom net?" frege de boer.
"It leit my sa by, dat der ien yn 'e hûs is",...
nl.verhalenbank.22005
By de Spoarbrêge matte twa famkes forsûpt wêze. Letter kuijeren dy beide famkes jouns op 'e spoarbrêge. Guon ha se dêr rinnen sjoen.
nl.verhalenbank.34467
As der ien stoarn wie en dy hie noch in bigearte, dan oppenearre sa'n ien him letter. Dan moesten se datselde, hwat er bigearde, op it graef dellizze. 't Wienen yn 'e regel klean.
nl.verhalenbank.28439
Myn broer kaem us op in nacht by de faem wei út Burgum. Doe't er by 't Wyldpaed wie by Arentsfeart seach er yn 'e berm in houn sitten. Earst koed er net sjen hwat it wie. It wie in beest noch greater as in keal. En 't wie rûch en swart. 't Hie hiele greate egen yn 'e kop. En de kop wie sa great as dy fan in bolle. En 't hie greate tosken. Myn broer stapte...
nl.verhalenbank.22128
Oan 'e West-kant fan 't spoar yn 'e Westerein spoeken twa famkes mei reade skelkjes foar.
nl.verhalenbank.23418
Myn mem hie in suster, dat wie myn muoike. As dy nachts nei de plé ta gong kom der altyd in neaken popke by har opkrûpen en gong by har op 'e skoat sitten. De plé stie bûtendoar.
Sjoukjemoai wie oars net sa gau fan 'e wize, mar ien kear ha se har dêr weihelle, doe wie se biwusteloas delfallen.
Doe fortelde se ús heit en mem fan dat popke.
Dat berntsje wie...
nl.verhalenbank.33435
Wy ha de minsken dy't lêst yn dat húske wenne ha al us frege as it altyd goed wie by harren yn 'e hûs. "Nou," sei de man, "om it mar earlik to sizzen, goed wie it net." Mear woe hy der net fan sizze.
nl.verhalenbank.21998
In neef fan ús hat wol us by myn skoanfolk slept. Doe't er wer thús wie, sei er: "Ik wol dêr net wer hinne. It giet der dêr nachts sa bot oan wei yn 'e hûs."
nl.verhalenbank.21999
Der sieten ris twa Westereinders op in joun yn in boatsje in eintsje fan 't spoar ôf op 'e Swemmer. Doe seagen se dat dêr op it spoar in ding hinne en wer roan.
It wie in wyt ding, dat gong by de brêge del en kom flak by de boat yn 't wetter. Doe soenen se der op slaen mei de rym (= spaan), mar doe wie 't ding fuort.
(in swager fan my wie ien fan dy beide...
nl.verhalenbank.23768
Yn Kloosterburen wie in skuorre, dêr spûke it yn. Dêr woarden se fan 't iene plak nei 't oare smiten, as se dêr oernachten. Dêr moest rûmte makke wurde, hwant dêr moest hwat lâns.
nl.verhalenbank.20103
De hekke fan dokter Bontekoe yn Hurdegaryp gong altyd fansels iepen. Dat wie spûkerij.
nl.verhalenbank.21988
Klaes Wybenga hie forkearing mei in faem, dy wenne op 'e Frijstêd. Doe't er dêr foar de earste kear hinne gong seinen de minsken tsjin him, hy moest foarsichtich wêze, hwant dêr roan in strûpt hynder. Mar Klaes swearde by heech en by leech dat it him neat skele koe.
Op in snein-to-joun soed er wer ris nei de faem ta, doe seach er dêr it strûpte hynder...
nl.verhalenbank.33426
Doe't ik yn Kloosterburen by de boer wenne, wie dêr nachts faek 'voorbereiding'. Dan koe 'k net sliepe. Dan gong de tsjerne sa'n hiele nacht troch, wylst der net ien by wie. Hwant oeral is nachts 'voorbereiding' fan.
nl.verhalenbank.20102
Hjir op 'e reed, dêr't wy wenje spûket in fôlle mei de brijpot om 'e hals. Dêr waerden wy as bern bang mei makke.
nl.verhalenbank.38639
Yn 'e Westerein oan 'e Langereed wie in plak, dêr moest men by nacht net lâns, seinen se, hwant dêr spoeken altyd twa berntsjes.
Op 'e Langeloane spûke it ek.
nl.verhalenbank.23769
Yn 'e Houtigehage ha minsken wenne, dy hienen twa berntsjes forlern. Dy berntsjes wienen bigroeven woarn sûnder deakleantsjes oan. Doe kommen dy berntsjes dêr nou en dan to boartsjen mei de oare bern. Dan wienen se alhiel neaken. Doe hat de mem op in joun deakleantsjes dellein op 'e stoel, dy't yn 'e hoeke stie.
De oare moarns wienen de deakleantsjes...
nl.verhalenbank.20100
Yn Hurdegaryp is in hekke, dy't altyd fansels iepen giet.
nl.verhalenbank.29482