Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
15 datasets found
Dutch Keywords: spokerij Place of Narration: Kollum
Yn 'e Westerein, yn in loantsje by 't spoar, roannen yn 'e nacht altyd twa famkes om. Dy spoeken dêr. Dêr doarsten de minsken nachts net lâns.
nl.verhalenbank.21287
To Gytsjerk rolle froeger op in bipaeld plak yn 'e nacht altyd in sek mei nuten oer de wei. Heit (de lettere master Wybenga) hat us in kear sitten to wachtsjen mei it mes iepen oan 'e kant fan 'e wei, om de sek mei nuten to naderjen. Mar doe wie dy sek der krekt net.
nl.verhalenbank.19725
Guon fan Feansterheide hienen in sike koe. Doe gong it minske mei har buorfrou nei âlde Hinse, dy't op 't Swartfean wenne. Hinse Jehannes de Boer wie duvelbander en hy doktere ek mei fé. Hja gong nei Hinse ta om rie. Hinse frege: Binne jim dêr en dêr lâns kom? "Ja", seinen de froulju. "Ha jim nergens lêst fan hawn?" "Né." "Dan krije jim dêr aenst àl lêst...
nl.verhalenbank.19731
Ungefear dêr't de Nije Wei by 't Wyldpaed komt, seinen se dat in pleachbeest wie.
nl.verhalenbank.29636
In dûmny moest faek op in snein-to-joun, as er earne preekje moest, de Godleassingel lâns by Feanwâlden. Dêr spûke it. As er oan 'e brêge ta wie wie 't spoek foar de brêge en wie hy der oerhinne, dan wie 't achter de brêge.
nl.verhalenbank.31656
Yn 'e Sânbulten stie in boerepleats, dêr gongen de doarren yn 'e nacht samar fansels iepen.
nl.verhalenbank.29635
Der gong us ien út Eastemar de Langeastloane lâns. Doe seach er in pasgeboaren berntsje dwars oer de wei gean. It gong oer de dyk hinne en woarde wei. Letter seach er it nochris inkelde kearen. It wie in neaken berntsje. (forteld troch Jaring Veenstra via Meint Bottema ± 1908 by de famylje Wybenga)
nl.verhalenbank.20933
Heit fortelde ek yn Rottefalle spûke in juffer mei in wyt kleed om yn 't tsjuster.
nl.verhalenbank.26177
Heit fortelde ek, der wie in âld-minske, dat hearde jouns altyd sizzen: "To lang, to lang, to lang, to lang!" "Is it to lang?" frege 't âld-minske op in joun. "Hwat is to lang?" Doe waerd der roppen: "De himdsmouwen binne to lang!" "Nou," sei 't âld-minske, "krij dan in skjirre en knip der in stik ôf." Sy lei de skjirre op 'e tafel en doe hearde se it...
nl.verhalenbank.26175
Dêr roun altyd in dikke bûnte houn tusken de Driezumer brêge en de Deenzer brêge oan 'e Dokkumer Trekwei. Dy houn spûke dêr.
nl.verhalenbank.32252
Oan 'e Oaljemounesingel to Kollum spûke it ek. Guon wienen dêr bang.
nl.verhalenbank.32253
In doomny hie mei in âlderling op bisite west by in boer. 't Wie al let doe't se dêr wer wei gongen. Sy moesten oer in brechje en fan dat brechje wie 't bikend dat it dêr net doogde. Doe't se omtrint oan it brechje ta wienen, stienen dêr in feint en in faem, dy wienen dêr hwat oan 't praten en frijen. Doe't dy feint de doomny en de âlderling seach,...
nl.verhalenbank.36036
Yn Trynwâlden, by 't Gytsjerkster tsjerkhôf rattele alle dagen in ponge mei jild oer de wei. Ek spûke der yn 'e Trynwâlden in hynder om. Oer de Westerdyk by Ryptsjerk spoeke alle nachten in fôlle om.
nl.verhalenbank.19616
Heit en mem gongen in kear nei Feanwâlden ta. Op 'e neidei, doe't se weromkommen, wienen se op 'e Boppewei. Dat is tusken de Westerein en Feanwâlden yn. Oan 'e oare kant de sleat seagen se twa yn regenkleden. Hja sweven mear as dat se roannen. It wienen spoeken.
nl.verhalenbank.23088
Yn Kollum wie in strjitsje, dêr spoeke it yn. Der stie in hûs mei in finsterke, dat gong altyd samar fansels iepen en ticht. Dêr wienen froeger guon bang foar. It wie in âlde timmerwinkel, de Pijnakkers wennen dêr froeger.
nl.verhalenbank.24655
35