Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
As ien stoar en men joech in deade net mei, dêr't er rjocht op hie, lyk as in festje of in himd of sa, dan krige dy deade gjin rêst. Dan kom er wer en spokke.
nl.verhalenbank.23708
Ik haw by myn broer yn 'e Westerein frijgeselle. Doe wie 'k sahwat njoggentsjin jier. Ik wie dêr altyd. En 'k wie noait bang. Op in kear gong 'k dêr wei, let op 'e joun. 'k Wie altyd let. 'k Wachte altyd de lêste tram fan healwei tolven ôf. Ik kom út 'e Westerein wei yn 'e nacht, doe komt my dêr in houn op side, sa great as in keal. Dy rint deun njonken...
nl.verhalenbank.24360
Yn Grinslân wienen plaetsen, dêr spokke it. De wein rattele dêr soms yn 'e nacht op 'e telle om. Dat wie de foarboade fan 'e drokte fan 'e kommende deis.
nl.verhalenbank.24223
Ik hie in omke Knjillis, dêr bin ik nei neamd. Hy plichte in soad by ús to kommen. Hy hie syn frou forlern en m_n frou wosk faek foar him.
Op in kear kom er by ús, doe sei 'k: "Knjillis-om, 'k leau, jo binne warch."
"Ja," sei er, "ik bin èk warch."
"Omke docht doch neat mear, wol?"
"Ik haw 't noch noait sa drok hawn as fannacht", sei er.
"Hoedat sa?" sei...
nl.verhalenbank.24321
Berntsjes dy't stoarn binne en gjin bjirklean meikrigen ha, kinne de rêst net fine. Dy komme wer.
nl.verhalenbank.24322
Hjir waerd froeger in hiele bulte braekt troch de earme minsken. Liet men in hânfol flaechs ûnder 'e brake sitte, dan hearde men yn 'e nacht de brake gean.
nl.verhalenbank.23699
Hjir hat in greate rogmoune stien. Dy is letter ôfbarnd. Heit wie noch feint, 't wie op in nacht yn Moarmwâld. Doe't heit by de moune kaem, tocht er: "Hea, dêr stean trije man yn to terskjen. Dat binne trije duten. (Ik kon niet gewaarworden wat 'duten' zijn A.A.J.) Sy tursken alle trije moai op 'e slach. Heit sei: "Ik gong der hinne, en doe wie der niks....
nl.verhalenbank.23706
Ik haw wol ris heard, dat hjir in beam omspokke. Dy gong dan samar oer de wei.
nl.verhalenbank.23701