Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Oan 'e Feinteloane by Feanwâlden spoeke it ek.
nl.verhalenbank.17084
Yn 'e Foksegatten spûke it ek. Dêr stie in pleats, dêr wie 't lang net plûs.
nl.verhalenbank.17081
Op 'e skilige Piip spoeke yn 'e nacht altyd in âlde hear. Myn swager en skoanheit ha him sjoen.
nl.verhalenbank.17080
De Lange Sleatterman wie in reus, dy ware by de Krúswetters om.
nl.verhalenbank.33353
It wie hjir froeger allegear heide mei hjir en dêr in spitkeet.
Der wienen twa froulju út dy spitketen, dy hienen nei Sumar nei de merke ta west. Yn 'e nacht kommen se werom.
Sy roannen in reed del tichte by de âld tramwei. Doe seagen se dêr in mantsje stean, in hiel lyts mantsje. 't Wie mar krekt eefkes greater as in heale meter.
De froulju deabinaud...
nl.verhalenbank.33352
Op 'e heide spoeke froeger in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.33351
Jehannes van der Zee wie in hiele raren-ien. It koe him net folle skele hwat er sei, hy hie de spot mei alles. Hy wenne oan 'e Hearrewei yn in âld dûbeld hûs, flak by de Skieding, skean tsjin bakker Welling oer. Dat hûs is dêr nou wei. Dêr stiet nou in boereplaets. Op it hiem fan dy plaets, dêr stie doe it húske fan Jehannes van der Zee.
Jehannes wie...
nl.verhalenbank.33341
Douwe de Glee wie boerefeintsje by in pear âlde minsken.
Dy wennen to Aldegea yn 'e Goudtsjepoel. Op in kear wie hy der op út west. Hy kom pas yn 'e nacht thús by de âlde minsken. Dy âlde minsken leinen noch net op bêd. Doe't Douwe dêr oan ta wie seach er twa wite froulju skeanoer stappen op Smelle-ie yn. Hy sei tsjin 'e âld-man (Jehannes): "Jo matte gau...
nl.verhalenbank.33355
Jehannes van der Zee, dy't arbeider wie by Jelke Algra yn Sumar bleau yn 'e ûngetiid nachts by de boer. Dan slepte er yn in bêdsté yn 'e stâl.
Yn 'e nacht hearde hy klear dat se oan 't healeegjen wienen. Doe hy der ôf om to sjen. Mar de weinen stienen fol hea en der wie neat to rêdden. En dochs hie er it net droomd. Hy hie 't klear heard.
Jehannes gong...
nl.verhalenbank.33356
Sipke fan Minderts Antsje, as dy ûnderweis wie, dan wie der in pleachbeest, dat reizge mei him op. It seach der út as in dikke swarte houn. Dat beest kom op 'e polderdyk ûnder de Tike by him en begeliede him oan 'e doar fan har hûs ta yn Sumarreheide. Sipke wie bang foar dat beest.
It gebeurde ek faek, as hy thús kom, dat er by de doar keard woarde troch...
nl.verhalenbank.33359
De sulveren gaspen.
Der wie in dokter yn Burgum en der wennen earme minsken yn Eastemar. Dy minsken hellen altyd de medesinen fan 'e dokter op foar de pasjinten yn Eastemar. Dêr koenen se in krom mei fortsjinje. De bern dienen dat meastal.
Mar doe kom dy frou hiel bot yn 'e earmoed to sitten, hwant har man stoar. Sy bleau allinne mei de bern sitten as in...
nl.verhalenbank.23007
Op it Jan Krols loantsje to Burgum roan nachts in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.21265
By de Skilige Piip roun in fôlle om mei in brijpot om 'e hals. Dêr wienen wol minsken dy hienen it dêr net op stean.
nl.verhalenbank.17075