Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
18 datasets found
Dutch Keywords: spokerij Narrator Gender: male Place of Narration: Feanwâlden
Tusken Bûtenpost en Visvliet dêr is in hekke foar in stik lân, flak by in boerepleats. Dy hekke dêr is hwat mei. As de beesten de jouns yn 't lân rounen, wienen se der de oare moarns út. Altyd stie dy hekke moarns iepen, ek al hienen se him noch sa bot sluten de foarige jouns. Doe hat dy boer de beesten dêr wei helle. Doe koenen se de hekke wer slute en...
nl.verhalenbank.30510
To Hurdegaryp by Bennemastate, dêr't dokter Bontekoe wenne hat, is ek in hekke, dy't men noait ticht hâlde kin. Op in joun let rieden dêr ris bargeweinen lâns fan Broeksterwâlde. Doe seagen Ingele Ros en Wiger Uiterdyk, dy't op 'e bargewein sieten in juffer yn 't wyt by de wein lâns stappen. It lige [like] nuver. Hja sweefde mear as dat se stapte. Doe...
nl.verhalenbank.30511
Ik ha faek yn Grinslân op 'e klaei arbeide. Dêr wienen skuorren, dêr doogde it net yn. Wy slepten altyd yn it strie, mar ik ha wol fortellen heard, dat der plakken wienen, dêr koe in minske bislist net lizze; dêr waerd er samar weismiten. Yn guon skuorren klapten de doarren yn 'e nacht. De weinen rieden samar oer de telle, de tsjernmoune gong, en al sokke...
nl.verhalenbank.30507
By dokter Bontekoe yn Hurdegaryp wie in hekke dy't noait ticht bliuwe woe. Se ha der wol swiere kettings mei slotten oan hawn, it joech neat. Yn 'e neinacht stie er wer iepen.
nl.verhalenbank.38577
Metske-Smid fan Feanwâldsterwâl koe mear as sljochthinne. As jo pine yn 'e mûle hienen koe hy dy pine samar wei nimme. Hy wie ek nergens bang foar. Op in kear moest er fan Readtsjerk oer it Waeigat en de Mear nei Feanwâldsterwâl ta. 't Wie nacht. Doe fregen se him of er allinne wol farre doarst. "Jawol", sei er. Doe't er op it Waeigat wie, kaem der al ien...
nl.verhalenbank.38576
Heit fortelde, yn 'e Lemmer, dêr spûke it. Dêr wie in hynstestâl. Heit moest de hynders drinken jaen. It wetter moest er út 'e feart helje. Dat die er yn 'e nacht om in ûre of alve hinne. Doe riisde dêr in wite gedaente út it wetter op. Fuort dêrnei wie 't fuort.
nl.verhalenbank.37735
Tusken Bûtenpost en Feankleaster spûke in swarte juffer. Dy roan midden op 'e wei. Men moest har rûmte jaen, oars waerd men oan kant reage.
nl.verhalenbank.30503
Der wenne in man yn 'e Dokkumer Wâlden, dy forlear syn frou. Hy moest har bilove, dat hy soe net wer trouwe. Mar hy hâldde him net oan syn wurd. Hy troude opnij. Doe kaem syn frou yn 'e nacht by him en gong njonken him lizzen. Dan wied er sa binaud, dan waerd er út it bêd weidreaun. Hy krige net in ogenblik rêst mear. Letter is er op 'e souder gien om dêr...
nl.verhalenbank.30515
Wiger Hoekstra wenne op 'e Streek yn Feanwâldsterwâl. Hy wie tige min, hy moest hjir wei. Syn beide buormannen wienen soun. Doe't er op syn stjerbêd lei, sei er: "Ik sjoch hjir fóár my trije lykweinen kommen." Oan 'e iene kant stoar in buorman fan him en oan 'e oare kant stoar ek in buorman. En hy sèls stoar èk. De iene gong nei Wiger ta om to sjen. Hy...
nl.verhalenbank.38565
It is ris gebeurd yn 'e Westerein, dat in man stoar. Doe krige er in to lang deadshimd oan. Doe koed er net rêste yn it grêf. Hy kloppe by syn folk op 'e ruten en rôp: To lang! To lang! To lang! Dy minsken ha de doomny ophelle en dy hat mei de geest fan dy man sprutsen. Hja ha in koarter deadshimd op syn grêf dellein en doe wie 't mei 't spûkjen dien.
nl.verhalenbank.30514
Se ha my wolgauris forteld dat ien ûnderweis in grouwe, swarte houn trof, dy't mei him oproun, mar ik ha 't sels noait bileefd.
nl.verhalenbank.30479
Hjir op 'e Hoek is in hûs opbarnd, dat haw ik nyskes al forteld (ik ha 't in jier fan tofoaren al barnen sjoen). Yn dat hûs wennen yndertiid Geart en Ael. Dy hienen trije dochters en twa soannen. Dy hienen forkearing. Age Bylsma wie dêr op in nacht op it hiem om to strunen. Doe kaem dêr in ding oanfleanen, út 'e Finnen wei. Dat kaem op Age ta. Age wy sa...
nl.verhalenbank.38582
Yn 'e Foksegatten spûket it, mar hwàt der krekt spûket, wit ik net.
nl.verhalenbank.38596
Der hat in boereplaets stien yn 'e Burgermar, hat heit wolris forteld. Dêr ha se de boer en de frou fan formoarde op in kouwestâl. Neidat dat gebeurd wie gong it der dêr altyd allerheislikst oan wei op 'e stâl, dêr't hja formoarde woarn wienen. Dat doe ha se dy plaets ôfbrutsen.
nl.verhalenbank.38547
By de Boppewei yn 'e Westerein spokje twa famkes, mei in read doekje om 'e hals. Der wurdt forteld, dat dy beide famkes dêr formoarde binne.
nl.verhalenbank.30481
In stik of hwat fiskers en Jagers fan Feanwâlden wienen der op in nacht op út to stropen. Hja wienen by de Ljouwerter Wielen. Doe seach Hindrik Bylsma, dy't der ek by wie in forskining. Der roan ien biddende achter in karre oan. De oaren, dy't by him wienen, seagen it net. Hindrik is fuortgien, hy wie deabinaud. En hy hat sûnt noait wer to jeijen west.
nl.verhalenbank.38578
Op 'e Boppewei spokke ek in wyt hynder.
nl.verhalenbank.30482
By de Skilige Piip leit in heech stik lân. Dêr leit in kiste mei goud yn 'e groun. In smoarrike keardel hat dat jild dêr yn 'e groun set. Letter ha se dy keardel formoarde. En nou spûket dy dêr altyd noch om. Se ha wol prebearre dy kiste ta de groun út to krijen, mar dat woe net. Hy sakke ûnder it graven hyltyd djipper.
nl.verhalenbank.30509
35