Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
35 datasets found
Dutch Keywords: spokerij Narrator Gender: male Place of Narration: Augustinusga
Op it slot en it loantsje en de kamp yn Stiensgea spoeke frou Wikel. Saekje mei de kape tsjoende ek yn Stiensgea.
nl.verhalenbank.23646
Men moast de toffels nachts net foar 't bêd sette; die men dat, dan roan der nachts ien yn om, sei beppe.
nl.verhalenbank.23643
Beppe spoun, mar as hja de snare net fan it spinwiel ôf die, dan spoun it yn 'e nacht troch. It spinwiele woarde dus útspand.
nl.verhalenbank.23642
Yn Villa Nova oan diz kant Ljouwert is een great hek. As se dat jouns ticht dienen wie it de oare moarns altyd wer iepen.
nl.verhalenbank.27220
Yn Kollumersweach roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dy spoeke dêr. Guon wienen dêr bang foar. Ek achter Bûtenpost, yn Egypte, roan sa'n fôlle mei in brijpot.
nl.verhalenbank.27989
Us heit kom us in kear fan Reahel. 't Wie sahwat twa ûre yn 'e nacht. Hy tocht: "Heden, dêr komt in man oan. Dy hat grif in sekfol hout stellen." Sa like it krekt. Hy roan hwat dûknekkich. Hy kom lyk op heit yn. Mar doe't heit better taseach hie dyselde keardel hiele greate gleone egen, krekt as koallen fjûr. Doe is heit in stik of twa, trije ikkers...
nl.verhalenbank.23752
By de Bosk yn Stiensgea spoeken wite froulju. Guon ha se wol sjoen. Dan naeiden se hurd út.
nl.verhalenbank.27656
By Readskuorre wie in paedtsje, dêr koenen de minsken lâns nei Harkema ta. De oerdeis gongen de measten dêr lâns, hwant dat wie koarter as 't gewoane paed, mar nachts, dan doarsten se dêr net lâns, hwant it sizzen wie altyd dat dêr in fôlle roan mei in brijpot om 'e hals by nacht.
nl.verhalenbank.33554
Saekje-moai-mei-de-kape spûke hjir yn 'e lânnen. Sy gong nei 't djip ta en dan by de wâl lâns. Oan 'e súdkant fan 't djip hâldde se ta.
nl.verhalenbank.25308
Doe't ik noch forkearing hie mei myn wiif, dy't op Blaufallaet wenne, roannen wy togearre us fan Blaufallaet nei Surhuzum. Underweis sei ik tsjin in frommes "navend". 't Wie sahwat healwei achten op 'e joun. Myn wiif sei: "Tsjin hwa seistû dêr navend?" Ik sei: "Mast mar us omsjen." Hja seach om en doe seach se it ek. Skeef achter ús wie in frommes. Dy hie...
nl.verhalenbank.23751
It gebeurde yn Strobos dat dêr in frou forstoar. Hja hie har man bilove litten, net ien mocht nei har dea de klean drage, dy't hja droegen hie. Mar dy man tocht dêr letter net mear om en hy troude wer. Hy joech dat minske de klean fan syn earste frou en dat minske die dy klean oan. Mar sûnt dy tiid kom syn earste frou alle jounen by harren yn 'e hûs. Doe...
nl.verhalenbank.32714
Ik en myn beide âldste jonges hienen der us op út west. Wy kommen op 'e joun werom. 't Wie helder ljochtmoannewaer en der lei snie. De beide jonges roannen in eintsje foarop. Ik kom hwat achteroan. Wy wienen omtrint thús. Doe seagen de jonges it lytse swarte hountsje fan buorman by in hekke. Mar doe woarde 't ynienen greater. 't Woarde sa great as in...
nl.verhalenbank.21973
Yn Hurdegaryp is in homeije, dy't se noait ticht hâlde kinne. Dy giet fansels iepen
nl.verhalenbank.21972
Age Bruining fan Kollum hat my ris forteld: Yn Kollum wie in frou stoarn. De man bleau as widner allinne achter. In wike of seis letter yn 'e nacht woarde er wekker fan gestommel. Hy tocht: dêr is hwat. Doe stie syn frou by de tafel. Doe hat er har nei bûten ta brocht en doe wie hja fuort gien. Dizze minsken wennen yn 'e kloanjes to Kollum.
nl.verhalenbank.36361
Alde Boele de Vries, dat wie Anne de Vries syn pake. Dat wie in hiele raren. Dy hat it wol sà raer fortoand yn syn leven. Op in kear kom er mei 't wiif fan Surhuzum. Hy moest nei 't Wêst fan Stiensgea. Doe't se oan 't pypke ta wienen, dêr't nou de grifformearde tsjerke stiet, doe foelen de beammen samar foar har del op 'e wei. Doe hat er rare binaud west.
nl.verhalenbank.23754
Ik wie seis jier dat ús pake forstoar, dat is nou 75 jier lyn. Beppe kaem hjir by mem yn to wenjen. Hja die altyd de doarren goed op 'e skoattels. Beppe slepte yn in bêdsté. Doe gebeurde it op in jountiid, - doe lei se al lang op bêd - dat der ien ta 't hûs yn kaem. Hoe koe dat? Hwant de skoattels sieten op 'e doarren. It wie in mantsje dat yn 'e keamer...
nl.verhalenbank.32711
Yn 't Wêst fan Stiensgea spoeke jouns altyd in grouwe reabonte houn. Dy roan flak by de minsken lâns. Mar hy die har neat.
nl.verhalenbank.23755
Wy wienen fan dy jonge baeskes. Wy moesten allegear tagelyk út 'e broek. Wy gongen 't lân yn. Wy hienen krekt de broek los of dêr kom in wite dame oan. Dy kom op ús yn. 't Wie in spoek. Wy binne allegear nei de wei ta roan mei de broeken los.
nl.verhalenbank.21975
Myn buorman hie us west to jounpraten. Hy wie sa'n fyftich jier âld. Hy stapte de wei del. En doe kom er op in plak dêr wie in gloppe yn 'e wâl. Dêr groeide gjin beammeguod. Doe kom dêr hwat út dy gloppe wei - it wie in gestalte en hie in gesicht. Sahwat as dat fan in frommes, fortelde buorman letter. Dy gestalte kom op him ta. Dy kom al tichter en...
nl.verhalenbank.21974
Us mem fortelde, der hie ris in sterfgefal yn Stiensgea west. De man wie allinne oerbleaun. Elke joun, om in ûre of acht hinne, kaem der ien by him yn 'e hûs by de leider del. Dat koe dy man op 't lêst net langer úthâlde en hy helle dûmny der by. Dy seach doe deselde skime, dy't by de leider del kom. Doe sei dûmny: "Als gij van God zijt, kom bij mij, zo...
nl.verhalenbank.32713
35