Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op 'e souder stie in âld kast en noch hwat oare âlde meubels. Dêr woarde op in nacht ynomrammele.
Yn dat hûs wennen in man en in frou togearre.
"Hearst it wol?" sei de frou. Hja wie syn muoike.
"Jawol", sei er.
't Rammeljen hâldde tiden oan, der kom gjin ein oan.
Op 't lêst sei er: "Matte wy der net ôf?"
Hja gongen der ôf.
Beide gongen se by de leider op...
nl.verhalenbank.24014
Myn broer Freark en syn frou kommen us op in kear by myn mem en heit wei (Oege Reitsma en 'e frou) sahwat om alve ûre yn 'e joun. Sy roannen de loane del nei hûs ta. Doe kom der in pleachbist oan.
As hjà in stap forsetten, dan forsette dat pleachbist ek in stap. Hy folge har yn har fuotleasten.
Doe't se de loane del wienen en yn Broek kommen, woarde 't...
nl.verhalenbank.21768
Sa'n fiif en twintich jier lyn wennen wy op 'e Geast (Rinsumageast). Der wie in frou, dy kom in bulte by ús. Dat wie de frou fan Liuwe Woudstra. Doe't se de jouns wer us in kear by ús west hie sei 'k tsjin 't wiif: "Wy bringe har in eintsje op stap."
Dat gebeurde ek. Wy wienen de Kapelle oer, en doe koe myn wiif de siken net krije. (Hja hie in min boarst)...
nl.verhalenbank.21769
Myn swager Jan v.d. Meulen hat us in kear in fjûrbol de Singel delroljen sjoen. Hy rolle almar fuort. 't Wie op 'e Godloas-singel, dêr doocht it net. De gleone bol rolle foar him op.
nl.verhalenbank.23542
Sipke Wynsma wie op in nacht op in iensume wei allinne. Hy tocht: "Ik wol wol hwat selskip ha."
Ynienen roan der in man foar him, dy bleau in eintsje foar him út rinnen. Dy man hie galgen krúst oer de rêch. Dy bleau in eintsje foar him op, doe wie er ek sa mar wer wei.
nl.verhalenbank.24012
Ik hearde us in kear fortellen fan in pear boeren út Gietsjerk: 't Wie yn 'e winter, mei ljochtmoannewaer en sy woenen der op út to murdejeijen troch de Trynwâlden, bûten op it fjild.
Doe't se al in hiel ein op stap wienen, wie der in ding oan kom, dat kom hyltyd op har ta. Sy koenen net sjen of it in minske wie. 't Wie in wyt ding. Ien fan 'e mannen wie...
nl.verhalenbank.23540
Wibe de Vries wie alve jier en wenne yn Moarmwâld. Hy gong us op in kear nei syn pake ta, dy wenne ek yn Moarmwâld. Dêr groeide ingelwoartel yn 'e buert. Dat wie in krûd mei lange stâllen (schermbloemige). Dêr koenen wy wetter mei fuortspuitsje. Wetterbos neamden wy sa'n ding. Krekt hied er sa'n wetterbos makke, doe kom der ynienen in hiele lange man oan,...
nl.verhalenbank.21762
Herman Roels fortelde, to Broeksterwâlde wie 't us gebeurd dat ien in hiele kamp lân oersmiten woarde.
nl.verhalenbank.21763
In man fortelde my: Wy wienen fan dy greate jonges, wy leinen togearre yn in bêdsté op bêd. In oare broer moest ús de oare moarns wekker meitsje. Hy stapte nei ús bêd ta. Dêr moesten twa lizze. Mar dêr leinen trije. Doe doarst er ús net wekker to meitsjen. Omt der trije leinen, dat kloppe net.
Hy gong even yn 'e oare keamer, en in skoftsje letter kom er...
nl.verhalenbank.24023
Froeger hat dêr in jildkule west. Dêr pompen se yn mei sinten (een bekend knikkerspelletje. Wij deden het vroeger ook, maar dan met knikkers. Je kunt het ook met centen doen, maar dat is grof spel. A.A.J.) Dat gong soms o sa rûch en dêr waerd skandalich by flokt.
Dêrtroch wie 't dêr letter net mear plús (Ikkerwâld).
nl.verhalenbank.21761
Yn it hûs, dêr't earder Bange Tryntsje yn wenne, wenne letter myn dochter en skoansoan Binne.
Om tolve à ien ûre yn 'e nacht kom dêr altyd ien oan 'e achterdoar ta. Dan bigoun de doar to rinkeljen. Binne gong der dan ôf om to sjen, mar der wie noait hwat.
nl.verhalenbank.21760
Der wienen twa mannen, dy kommen fan Feanwâlden. 't Wie ljochtmoannewaar. Doe wie der in ding fóár har. 't Hie de forskining sahwat fan in minske. Dat wie hyltyd in eintsje fóár har. Doe stapten se fan 'e fyts. Doe woarde 't wei yn 'e wâl. Sy ha 't net wer sjoen.
nl.verhalenbank.24022
Der wie in earmfóud yn Ikkerwâld, dy syn frou stoar. Doe't se al in skoftsje ûnder 'e ierde lei kom der yn 'e nacht hyltyd ien by de doar yn 't wyt.
De earmfóud woe wite hwat dat to bitsjutten hie. Dêrom gong er nei doomny ta en frege of dy it skynsel oansprekke woe.
Doe sei doomny: "As it yn 't wyt is, wol ik it wol oansprekke, mar is it yn 't swart, dan...
nl.verhalenbank.21758
Myn pake, dat wie âlde Freark Prûk. Dy fortelde us in kear, der wienen in man en in frou, dy koenen och sa min mei elkoar. Doe hie dy frou us tsjin har man sein: "As ik aenst stjer, dan sil ik lykwols de tafel en de hurd skjin hâlde."
En sy hâldde wurd. Sy stoar en woarde biierdige.
Alle nachten kom se, sahwat om in ûre of ien hinne by har man. Dan gongen...
nl.verhalenbank.21765
Anders Visser fan de Broek fortelde, op in jountiid let - doe wenne hy noch yn Ikkerwâld - doe kom er fan 'e Broek út wei. Doe wie der him in wyt spûkhynder foarbystouwen kom en dat hie sa hurd flein as wie 't in hurdrinder.
nl.verhalenbank.21767
Alde Hil (fan de Hale to Ikkerwâld) fortelde, dêr kom froeger altyd in man fan Dokkum mei twa kuorren oan 't jok. Dêr hied er allegear diggelguod yn. Der sutele er mei. Jouns liet er dy kuorren by de minsken stean. Dan sette er wer op Dokkum ta en dan gong er oerdeis wer oan 't suteljen.
Mar op 'e plakken, dêr't hy syn kuorren nachts stean hie, dêr gong...
nl.verhalenbank.21766
Ik wenne op 'e Geast. Wy hienen in buorman, dat wie Harm, dy brûkte in protte drank. Dêrtroch siet syn frou altyd yn 'e earmoed. Sy kom dan by ús om sinten to heljen, mar dat mocht ús ek net barre. Wy wienen mar earme arbeiderslju.
Ik hie in hokling, dat hie 'k op it lân fan Bindert Wiersma oan 't spit. Mar Bindert Wiersma krige hiel slim kanker en hy...
nl.verhalenbank.23063
Op in moarn bitiid gongen myn swager Jan van der Meulen en syn frou togearre nei de einekoai ta.
Jan wie altyd moarnsk, dy hie moarns altyd in min sin. Hy roan foarop.
Doe't se oan 'e koai ta wienen, doe woarde dêr song. En dochs wie der yn 'e wide omkriten net in minske to sjen.
'Klop - klop - klop en het Heilandsgebod.
Zie, de deuren zijn opengedaan...'...
nl.verhalenbank.23539
Myn heit wie yn syn jonge jierren in wyld man. It koe him neat skele hwat him foar de mûle kom en hy spotte der mar op los.
Op in nacht gong er to murdejeijen. De houn hied er by him. Hy wie yn Wâlterswâld.
Doe gong der ynienen in great swart frommes foar him lâns. Hy koe net sjen of se roan.
De houn wie oars nergens bang foar, mar doe hied er de sturt yn...
nl.verhalenbank.23073
Froeger hearden se nachts faek, dat de brake gong.
As se der in hanfol flaechs omhinne bounen, foardat se op bêd gongen, dan hienen se der gjin hinder fan.
nl.verhalenbank.23072