Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
As der in pleachbeest by jin komt, mat men in koarste brea oer 't linker skouder hinne smite.
nl.verhalenbank.19308
Yn 'e Houtigehage wie us ien stoarn, dy kom nei de dea hyltyd wer. Doe ha se in dûmny ophelle dy't dyselde forstoarne oansprutsen hat. De dûmny frege hwat syn bigearte wie. Doe sei er, hy hie gjin deaklean meikrige doe't er stoarn wie. Doe ha de minsken op oanrieden fan 'e dûmny op in joun deaklean foar him op 'e tafel lein. Dy nachts kom de forstoarne en...
nl.verhalenbank.17735
It spukgûlen fan in houn, it geskatter fan eksters, en it rare lieden fan in klok binne oanwizings fan in sterfgefal.
nl.verhalenbank.21906
Oan it lêste eintsje fan 'e Boelensloane, tichte by it Blauhûs dêr spûken altyd in keal en in swarte houn.
Gong dêr ien lâns, dan roan dy houn in ein mei. As er in ein mei roan hie, bleau er stean en gong werom.
nl.verhalenbank.28315
Noait midden op 'e wei rinne, hwant as der hwat is, dan rint men dêr by op en falt men der achter wer by del. Dat jildt foaral foar nachts foar tolven.
nl.verhalenbank.21905
Op Surhústerfean, op 'e hoeke fan Boelensloane stiet in boereplaets, dêr wennet nou Hânsma yn. Dêr wie in doar yn dy plaets, dy koenen se noait ticht hâlde. Al dienen se him noch sa bot op slot de jouns, de oare deis stie er iepen.
nl.verhalenbank.32783
By 't Blauhûs roan in pleachbeest. 't Wie krekt in grouwe houn. Net ien doarst dêr jouns allinne lâns.
nl.verhalenbank.32419
Tichte by 't Blauhûs wienen froeger houtsjes. Dêr spoeke nachts altyd in bûnte stabijhoun.
nl.verhalenbank.17738
Us mem fortelde, der wie in jonge feint, dy moest moarns altyd nei 't lân ta to skiepmelken. Op in kear kom der in wite gedaente op him ta. Dêr wie dy jonge binaud foar en hy gong werom.
Dat gebeurde de oare deis wer. Doe sei de arbeider fan 'e boer, dêr't dy jonge wie: Nou sil ik dêr ris hinne. Hy hie in stik izer by him. Hy wachte by de barte dy't oer...
nl.verhalenbank.28319