Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Anne Karl wenne op 'e Sânbulten. Hy wie us yn Grinslân oan 't sichtsjen op 'e klaei. 't Wie achter Warffum. De plaets fan 'e boer stie pûr op 'e rûmte.
Op in joun soed er nei 't doarp ta to skearen. Hy woe it koartste paed mar nimme, mar dat rette de boerinne him sterk ôf. Hwant op dat paed, dêr doogde it jouns net, dêr spoeke it. Sy rette him oan foar...
nl.verhalenbank.19662
Skoanheit wie boerearbeider by Germ de Vries to Droegeham. Hy wenne sels yn 'e Harkema. Hy hie altyd in lantearne fan in stoomfyts by him, as er jouns by de boer wei kom. Dan roan er skean de lannen oer en kom by de grouwe beam lâns (dy't oan 'e Betonwei stiet tusken Harkema en Bomkleaster). Mar op in kear, doe wied er krekt oan 'e grouwe beam ta. Doe...
nl.verhalenbank.19462
Achter Aldwâld stie in boereplaetske, dêr gongen nachts klokslach tolve ûre de skuorredoarren altyd fansels samar iepen.
nl.verhalenbank.20022
Wy ha wenne yn 'e Twizeler mieden yn in âld hûs, dat der nou net mear stiet. Dat hat froeger in stil kroechje west.
Us âldste jonge wie fjouwer jier, dy woarde op in kear yn 'e nacht wekker. Hy siet rjochtop yn bêd en rôp: "Heit, hjir sit in hiel âlde pake by de tafel to roken!"
Dat wie myn âlde heit, dy't doe al jierren wei wie. Us jonge wie net de...
nl.verhalenbank.36133
To Hurdegaryp de hekke, dy't fansels iepen giet.
nl.verhalenbank.20023
Tusken 't Bomkleaster en Readskuorre lizze allegear plankjes tusken de stikken lân. Dêr doogde it lang net. Dêr koe eins net ien lâns gean of hy bileefde hwat. Dêr spoeke in frommes, dat moest frij paed ha.
nl.verhalenbank.19477
Op in kear hie 'k nei Surhuzum ta west mei de tinte. Ik ried de jouns mei de hounekarre wer nei hûs ta. Ik wie op 'e Nije Wei yn 'e Harkema sahwat oan 'e reed fan Tsearde Jouk ta. Doe woenen de hounen ynienen net mear lûke. Sy bleauwen stokstiif stean.
Ik wie omtrint thús. Ik moest noch twa hoeken om. Ik ha de karre sels fierder lutsen. Doe't ik thús kom...
nl.verhalenbank.19463
Wibe Hut (= Alma; hy leeft noch) siet us yn 'e herberch op it Jachtfjild oan 'e Langewyk. Doe't hy der útkom, stie der hyltyd in kefhountsje, dat seach nei him. En doe hat dat kefhountsje him oer de wyk hinne smiten. Sy ha him net wer sjoen en 't kefhountsje ek net.
nl.verhalenbank.19488
Ik wie in kear yn Harkema op 'e wei, dat nou de betonwei is. 't Wie doe noch in sânpaed. Doe seach ik Japik Stoarm, dy't al in skoft wei wie, troch 't hôf gean. Hy harke hwat by de syddoar. Ik naeide hurd út.
nl.verhalenbank.19965
Alde Japik Mulder wenne op it Wytfean. It wie in broer fan Gauke Mulder. Hy wenne yn myn jonge jierren op 'e plaets, dêr't letter Frits Benedictus wenne hat. Myn âldste broer Jan en ik wienen dêr us op in joun oan 't hôfkesjongen. Doe kom Japik der oan. Hy roan by de hutte lâns en gong sa it paedtsje del nei it hôf ta. Japik wie doe al in pear jier dea,...
nl.verhalenbank.19964