Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Wy ha yn 'e Falom wenne yn 't hûs fan âlde Knjillis. Doe't ik dêr hinne soe, seinen de minsken: "Dû mast dêr net hinnegean hwant it spokket dêr."
Dêr ware alle nachten in frou om yn dat hûs, mei in bûnte skelk foar. 't Wie âlde Knjillis syn wiif. Knjillis wie froeger skipper. Doe't dy stoar binne wy yn dat hûs kom.
nl.verhalenbank.33425
De heit fan myn skoandochter hat faek nei de Grinzer klaei ta west to arbeidzjen op 'e bou. Hy hat dêr ris yn in spûkskuorre oernachte.
Se hearden dúdlik dat der dêr midden yn 'e nacht yn dy skuorre terske woarde. De skuorredoarren gongen iepen en de hynder-en-wein kom der oanriden; en dan waerd der sein: "Fuort, kedde!"
Dat hied er allegear klear heard.
nl.verhalenbank.23767
By de Boelensloane wie in hiem mei in hage. Dêr siet in gat yn dy hage, dat koenen se noait ticht krije. Hwat se der ek yn planten, it gong altyd dea. It gat koe noait ticht.
Op in kear stie der in frommes yn dat gat.
Hja sei tsjin 'e frou dy't dêr wenne: "Durft gij wel sterven?"
"Jawol", sei dy.
"Dan is uw rustplaats hier", sei doe dat minske wer.
Doe...
nl.verhalenbank.20118
Yn 'e Broek wennen in man en in frou mei bern. Ien fan dy berntsjes wie ûngelokkich.
De frou forstoar en de man bleau mei de berntsjes achter.
Sy hienen in folkstúntsje. Dat hierden se. Dat moesten dy berntsjes ûnderhâlde.
As dy berntsjes dêr oan 't wurk wienen, seagen se har mem. Dat gebeurde sa nou en dan.
Sy fortelden it thús, mar har heit woe 't earst...
nl.verhalenbank.21992
Ik en Kij wienen us op in joun nei Jehannes en Tryn ta to praten. Doe't wy wer nei hûs ta gongen roan der ús hyltyd in kat foar de fuotten. Wy koenen it beest net kwyt wurde. Hy bleau by ús oan hûs ta. Ik joech him wolris in skop, mar 't holp neat, hy wie der hyltyd wer.
Thús hat Kij him opsluten, hwant it koe ris in kat wêze fan de iene of oar dy't der...
nl.verhalenbank.33429
Der woarde altyd sein yn 'e Westerein: Om tolve ûre nachts moest men net oer de spoarbrêge, hwant dan spoeke it dêr. Dan wie dêr in wyt ding warber, dat forskeidene minsken dêr wol sjoen ha. It wie krekt as sweefde it. En it hearde dan krekt as woarde der mei stientsjes smiten.
It jongfolk gong altyd it spoar del nei Feanwâldstermerke ta. Mar werom...
nl.verhalenbank.23766
Klaes Kamstra hat syn frou tige min bihandele. Hy hat har wol sa bot slein dat se ûnder 'e blauwe plakken siet. En hy hat har wol oan 't hier út it bêd wei sleept.
Doe kaem se to forstjerren.
Alle jounen as hy fan 'e trein kaem fan 't wurk, dan moest er it tsjerkhôf foarby en dan fleach der elke kear in wyt ding út it graef wei nei de tsjerke-hikke ta....
nl.verhalenbank.22122
Yn Grinslân hienen jy spûkskuorren. Dêr koenen jy nachts net wêze. Jy waerden fan 't plak smiten. De weinen rieden dêr samar út harsels oer 'e telle by nacht. De tsjerne bigoun út har sels.
nl.verhalenbank.37665
Yn Sweagerfean spûke it ergens by in hekke. Dat gebeurde as it donker wie. Dan doarst net ien dêr mear lâns.
Mar der wie ien dy sei: "Ik doar wòl." Hy naem in grouwe stok mei en dy stok neamde er 'Pypman'. Doe't er oan 'e hekke ta wie seach er dêr ien op 'e wringe sitten, dy hie in sauke (in lytse sauwe) by him en in brânnende lantearne. Dy lantearne die...
nl.verhalenbank.37664
In neef fan ús hie in húshâldster. Hy hat har skandalich bihandele. Doe't it minske âld waerd, wie se der al hielendal oer. 't Wie in stumper.
As hy by 't winter fuort gong moest it sloof yn 'e kjeld sitte. Dan boun er earst in tou om 'e kachel hinne, hwant hy sei, 't wie net fortroud dat sy mei de kachel om gong.
Letter, doe't se stoarn wie, koed er har...
nl.verhalenbank.22123
Op 'e Koopmanswei yn 'e Westerein spûke nachts altyd in houn.
nl.verhalenbank.23775
Myn mem wenne by har âlden yn in âlde spitkeet achter 't âld tsjerkhôfke fan Twizelerheide. Us mem kaem út 'e keet wei en stapte de heide oer. Doe wie 't tsjuster. Doe stapte der in hiel lyts mantsje njonken har de reed del.
Us Antsje-muoi wenne in lyts eintsje fierder. Dêr kaem mem ta de doar ynfleanen.
"Dêr is in mantsje by my," rôp se, "en dat wurdt...
nl.verhalenbank.38631
By dokter Bontekoe yn Hurdegaryp gongen de hekken altyd sa mar fansels iepen.
nl.verhalenbank.22127
Yn Hiltsjemoaiwâlden op 'e hoeke fan 'e Reapdraeijersreed stiet in âld húske. It is net mear biwenne en it sil yn 't koart wol ôfbrutsen wurde. De lju dy't der 't lêst yn wenne ha, ha in nije bungalow op 't hiem sette litten, dêr't se nou yn tahâlde.
Mar froeger hat myn skoanheit yn dat âlde húske wenne.
It hat yn dat húske noait doogd. It wie in...
nl.verhalenbank.21995
Op in joun kaem ik út 'e jounskoalle. Ik wie in jonge fan in jier of tolve. Ik moest de reed del nei 't Wyldpaed ta.
Dy skoalle dat wie in hiel ein fan hûs ôf.
Ik wie midden op 'e reed. Der wie in daem yn 'e dyk.
Ik moest dy daem foarby. Yn dy daem sjitte hwat yn 'e dyk om. 't Wie sa piktsjuster, dat ik koe neat sjen.
Doe kaem it by my. It kaem deun oan...
nl.verhalenbank.38630
Goaitsen - dy wennet hjir yn 'e buert - fortelde my ris, hy hie hjir ris hwat sjoen op dit lân hjir njonken. Hwat it wie koed er net sjen, mar it like nuver, sei er. Hy tocht: ik mat goed sjen of it sloft of as it sweeft. Sweeft it, dan doocht it net.
"It sweefde", sei er. "Doe tocht ik: set sokken." En hy naeide út.
nl.verhalenbank.38632
Tsearde Antsje fortelde ek: "Myn man Tseard wie dea. Op in nacht mei ljochtmoannewaer kaem hy der oan. Earst fóár hûs, doe njonken it hûs lâns en doe achter it hûs. En dêr waerd er wei. Ik haw him mei de egen folge."
nl.verhalenbank.22118
Myn wiif har pake wenne op 'e Broek.
Hy kom us op in joun fan 'e froulju werom. Doe wie [er] op 'e Skilige Piip, doe sloech er yn 't tontsje, om syn pipe op to stekken. Doe stie der ûnforwacht ien njonken him, dy sei: "Mei ik èk even fjûr fan jo ha?" Pake hie him noait oankommen sjoen.
Hy krige it tontsje fan pake en stuts syn pipe oan en wie sà ek wer...
nl.verhalenbank.28435
Myn swager Albert hie us op in snein-to-joun nei de faem west. Hy kaem thús yn 'e nacht.
Hy slepte yn 't bûthús.
Doe't er op 't bêd soe, wie 't krekt as kladdere der ien by 't bêd op en sa gong it by de souder op. En doe wie 't ien stik gewelt op 'e souder.
Mar doe't Albert der hinne gong mei ljocht, wie der neat to sjen.
In pear ûren letter kaem Albert...
nl.verhalenbank.21997
Doe't skoanheit wei wie, spoeke it noch like goed yn it húske. It hat dêr altyd spoeke. De hinnen sieten boven op 'e matte boven de beesten en dy gongen soms midden yn 'e nacht sa bot to kear, dat de minsken woarden der wekker fan. Dan raesden dy hinnen moart en brân. Krekt as soenen se formoarde wurde.
It hynder stie moarns soms los op 'e stâl.
De doar...
nl.verhalenbank.21996