Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op it Lútsensloantsje to Garyp spûke in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Ek op 'e Sibe Jantsjes-loane.
nl.verhalenbank.31966
Op it hiem fan Bennema-State stiet in greate, swiere bûkebeam. As men in takke fan dy beam ôfkapte, dan sloech der in flam út en dy flam forbrânde de man of frou dy't dy takke der ôfkapte.
nl.verhalenbank.31033
Fan 'e hoeke fan Gariper heide ôf en Garyp, dêr't de pleats fan Sjoerd Brandsma stiet, rint in paedtsje nei de Inialoane ta. Men mat dan oer in sleat en dêr leit it bucheltsje hout oer. Myn omke gong dêr ris lâns, doe't er noch feint wie. Hy kaem razendewei thús en sa wyt as in deaden. Dêr hie sa'n raer ding op it paedtsje lein as hy noch noait sjoen hie.
nl.verhalenbank.31964
De family van Koten to Eastemar die oan spiritisme. Mar op in kear waerd âlde Rienk van Koten samar in kâlde hân tastutsen fan in minske, dy't der net wie. En op in kear gongen de skuorredoarren samar wigewaeid iepen yn 'e nacht.
nl.verhalenbank.21961
Oan 'e Simmerdyk stiet in plaets, dy hyt fan 'Buitenrust'. Yn 'e buert dêrfan spoeke altyd in wite juffer, seinen se. Dat wie juffer Lys.
nl.verhalenbank.23622
Myn jongste broer kaem op in sneintojoun thús. It wie sahwat om healwei achten hinne. 't Wie yn 'e winter en knap donker. Hy kaem de Joute van der Meer-wei út wei.
Ik stie klear om nei de faem ta.
Myn broer wie alhiel oerstjûr en sa wyt as snie om 'e holle.
Ik sei: "Hwat skeelt dy?"
Hy sei: "Nou kom ik noait wer ta de doar út.
Ik sei: "Hoe nou sa?" (De...
nl.verhalenbank.31965
Yn Warffum wie in spûkskuorre. Wy seinen noait Warffum, mar Nander. Ik wurke dêr yn 'e konservefabryk fan Wilco. Dêr wie in skuorre, dêr spûke it altyd. Dêr waerd yn 'e nacht samar in balke fan 'e skoudoarren naem en dan gongen de doarren iepen, wylst der net in minske to sjen wie. Letter gongen de doarren ek fansels wer ticht. De measte minsken doarsten...
nl.verhalenbank.38160
To Jistrum hat men de Spûkloane. Dêr spûket in fôle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.31405
By de Skilige Piip sit in kiste mei jild yn 'e groun.
By de Falom stie in slot. De âlde mynhear dy't dêr yn wenne wie tige ryk. Dêr logearden nachts wolris guon. Dan hellen se fan alles út. Der wurdt biweard dat der wol ris guon deamakke waerden. Dy waerden dan biroofd. Dêr waerd dy âlde mynhear sa ryk fan.
Letter spokke it dêr. De kelder ha se útgroeven...
nl.verhalenbank.29666
As wy ticht by 't wetter kamen, sei ús mem: "Tink der om, aenst pakke de kikkerts dy."
Us heit sei, as wy allinne nei 't wetter gongen op it Bûtenfjild: "Tink der om, foar donker wer thús wêze, oars pakt de griene man dy."
Ek: as jy by 't donker thús komme ha jy kâns dat de wettergeast jin pakt.
nl.verhalenbank.31001
Jehannes Meerstra wie ek in duvelbander.
Op it Skilige Pypke wie in spoek. Dat wie in âlde hear, dy siet omkeard op in ezel. Dêr lei in skat - in kiste mei jild - yn 'e groun bidobbe. Dy skat hie dy hear tabiheard.
Doe binne dêr trije duvelbanners hinne west om dat spoek to fordriuwen. De iene duvelbander kaem fan Earnewâld, de twade wie greate Wopke fan...
nl.verhalenbank.31015
Yn Kûkherne spoeke in hynder by nacht. Deis wie it der net. Mar nachts dan hearden se it wrinzgjen.
nl.verhalenbank.31203
Tusken 12 en 2 ûre yn 'e nacht legen pake en dy (fiskers to Feanwâldsterwâl) de netten noait, hwant dan kaem 't net goed.
nl.verhalenbank.31000
Oan 'e Langeastloane is 't Klaesboskje. Dêr hat ien him ris ophong. Sûnt hinget er altyd jouns oer de hekke hinne.
nl.verhalenbank.31404
Ien fan 'e soannen fan Durk Jarings hie yn 'e herberch west to Jistrum. Hy soe nei hûs ta. 't Wie let yn 'e joun. Doe seach er dêr tichte by de Spûkloane in wite gestalte, dy't dwars oer de wei hinne sweeft nei de oare kant ta. 't Like de gestalte fan in minske. Hy is werom gien nei Jistrum, hy doarst dêr net lâns.
nl.verhalenbank.31406
Der wie in hûs yn Feanwâldsterwâl, dêr spokke it. Dêr dounsen nachts de turven yn om.
nl.verhalenbank.29671
Op 'e Godloaze Singel leit dy skatkiste mei jild bigroeven. De lju kinne him noait út 'e groun wei krije, hwant as se bigjinne to dollen en de lodde rekket it lid fan 'e kiste, dan sakket dy kiste nei ûnderen.
nl.verhalenbank.31016
Yn Burgumerheide is in poel, dy't net to bidjipjen is.
Yn Burgumerheide is ris in bern fordronken. Letter ware dat bern dêr soms om. Guon ha dat sjoen.
nl.verhalenbank.31200
Yn 'e Fluesen, de kant nei Koudum op, binne de Holken en fuort dêrby is de Spoekerspôlle.
Dêr wie in oanlizplak foar fiskers.
Dêr wie ek in tichtset. 't Wie dêr altyd mis.
Wie de fisker goed en wol yn 'e sliep, dan wie 't plof! Dan gong hy der út en dan leinen de spitten fan it tichtset op it dek. Dy wienen dêr op smiten woarn.
Guon wienen dêr tige binaud...
nl.verhalenbank.21952
It âlde Talma-hûs to Feanwâlden is in spookhûs. Dêr hat alear in notaris yn wenne, mynhear de Clerq. Myn omke (Albert-om) wie dêr húsfeint. Dy fortelde, dêr spûke altyd in frou, in dame, yn dat hûs om.
nl.verhalenbank.31017