Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Achter yn 'e Twizeler Mieden is it faker as ien kear gebeurd dat der in bernewein oanriden kom, sûnder dat der ien wie dy't him skoude. Hy is Knjillis Sytses twa kear tomjitte kom, fortelde er.
nl.verhalenbank.22758
Der wie in wyfke yn Eastemar, dy gong der noch op 'e joun op út. Op 'e Parsingel kom in pleachbeest by har. 't Like in dikke houn. Hy hie ien poat by har op 't linker skouder en ien poat op 't rjochter skouder. Sy moest it beest drage.
Sy sei: "Beestje, beestje, hoe kenstû my,
ik haw alhiel gjin kunde oan dy."
In hiel ein fierder liet er har wer gean.
nl.verhalenbank.24505
Oan it Wyldpaed nei Twizelerheide ta dêr roan in omstrûpt inter mei in brijpot om 'e hals (sûnder sleef).
nl.verhalenbank.33440
Hjir tichte by, achter Jehannes Visser ha wy de Berne-lannen. Dêr is de Griene Wei, dat is it forlingde fan 'e Spekloane. Yn 'e twadde bocht spoeket it altyd. Dêr wienen wy as bern bang.
Myn suster kom dêr ris mei har feint lâns, doe seach se in klobbe fjûr, dat gong oer de dyk hinne. Myn swager woe der hinne, mar myn suster wie deabinaud woarn. Hy hie it...
nl.verhalenbank.24503
Der wenne yn 't Wêst fan Bûtenpost in sekere Hart Boersma. Syn mem wenne by him yn. Metsje hiet se en syn frou hiet ek fan Metsje.
De jonge frou bihandele 't âld minske tige min. En de man wie ek altyd like hounsk tsjin syn mem. Doe is 't âld-minske dêr weirekke en gauachtich dêrnei stoarn.
Mar doe sweefde se by Hart en Metsje om 'e doarren. Altyd wie se...
nl.verhalenbank.22833
Oan 'e Spekloane yn Opperkoaten - in forneamd paed - is in fôlle mei in brijpot.
nl.verhalenbank.33686
Yn Burgumerheide wenne in omke fan my, dy wie oantroud. Hy hie twa susters. De iene suster krige in poppe. Mar dy poppe is deagong. Hwer't se 't bern brocht hat is noait ien to witen kom. Mar it bern is sûnder kleantsjes oan yn 't graef rekke.
Mar alle jounen kom der in lyts neaken bern yn 't slopke, (dat wie in gonkje yn 't achterhûs, tusken twa bêdden...
nl.verhalenbank.22832
Op 'e loane fan 't Hegelân nei de Tille ta roan altyd in fôlle mei in brijpot om 'e hals, seinen se.
nl.verhalenbank.23745
Bennemastate dat is in slot yn Hurdegaryp. Dêr hat dokter Bontekoe wenne. Dêr dienen se jouns de hameije ticht en de oare moarns stie er wer iepen.
nl.verhalenbank.22843
De Spûkloane is tusken Jistrum en Opperkoaten. Dêr doarsten de minsken by 't tsjuster net lâns, hwant dêr spoeke it altyd.
Op in kear gongen dêr minsken lâns, dy hienen to jounpraten west. Sy hienen elkoar by de hân beet. Doe koenen se ynienen net fierder. Dêr hie in man stien. Dy hie neat sein en wie samar weiwoarn as wied er yn 'e groun sûnken.
nl.verhalenbank.20580
By de Skilige Piip spûket in hear op in wyt hynder om
nl.verhalenbank.22817
Fan Kollumersweach gong in reed nei 't Wyldpaed ta, dat wie de Tsjerkereed. Dêr wie in lyts bosk oan 'e kant. Dêr yn dat bosk roan jouns altyd in grouwe, swarte houn om, dy spoeke dêr, nei't se seinen. Hy kom by deselden dy't dêr lâns roannen en dan roan er mei dyselden op, in hiel ein, deun by sa'n minske lâns.
nl.verhalenbank.34495
Yn Jistrum roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.24485
To Droegeham roan jouns in wite fôlle om 't tsjerkhôf hinne. Dêr doarste nachts net ien lâns.
nl.verhalenbank.20581
Op 't Blaufallaet, tichte by de brêge, farde ris in skipper. Doe kom der fan 'e wâl in hiele grouwe swarte houn mei gleone egen, dy plompte yn 'e feart. 't Wie krekt foar it skip - oan 'e oare kant kom er wer út 'e feart.
nl.verhalenbank.22753
Ik ha wol nei Grinslân west to flaechsteppen. Wy slepten op 'e souder by de boer yn 'e skuorre. 't Wie yn 'e buert fan Loppersum. Dêr tichteby stie in buorkerij, dêr roan nachts altyd in fôlle op 'e souder om. Dy spoeke dêr.
nl.verhalenbank.22756
Op 'e Hamsterwei (fan Koatstertille nei Droegeham) spoeke froeger in dikke swarte houn.
nl.verhalenbank.33458
Op Bennemastate to Hurdegaryp wie in hekke, dy hat men wit hoe faek fêstmakke mei kettings en greate slotten der op, mar om tolve ûre yn 'e nacht gong er altyd wer iepen.
nl.verhalenbank.24497
Achter in boereplaets by de Kolk kom jouns altyd in famke. It bern wie neaken. De minsken dy't dêr wennen wienen mei 't gefal oan. Doe ha se de doomny der by helle. Dy spruts it bern oan. Dat bern wie fan kant makke woarn. Doe hienen se har yn 'e groun bistoppe en it hie gjin deaklean meikrigen.
Op oanrieden fan de doomny ha se dêr doe deaklean dellein....
nl.verhalenbank.22755
Op 'e Skûlenburchster wei (de wei tusken Jistrum en Skûlenburch) by de Bargetille roan altyd in fôlle mei in brijpot om 'e hals, nei 't se seinen.
nl.verhalenbank.34490