Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Myn broer Foppe wie ris op in winterjoun om in ûre of acht, njoggen yn 'e Harkema nei bûten ta gong. Hy wenne yn 'e Fûgelkamp. Hy soe oer in sleat hinne, doe seach er twa neakene famkes. Hy woarde sa bang dat hy is weromgong. Dy beide famkes sweefden.
nl.verhalenbank.10685
Yn 'e Harkema wie in famke stoarn. Dat bern hie in to koart bierkleed meikrige en doe koe it de rêst net fine. Doe kaem it jouns altyd to spûkjen by har heit en mem. Doe ha dy der in doomny by helle. Dy hat it bern oansprutsen.
It bern moest in langer bierkleed ha. De âlders ha der foar soarge dat dat der kaem en doe hat de doomny dat langere bierkleed it...
nl.verhalenbank.10693
Oan 'e West-kant fan 't spoar yn 'e Westerein spoeken twa famkes mei reade skelkjes foar.
nl.verhalenbank.23418
Yn 'e Westerein oan 'e Langereed wie in plak, dêr moest men by nacht net lâns, seinen se, hwant dêr spoeken altyd twa berntsjes.
Op 'e Langeloane spûke it ek.
nl.verhalenbank.23769
Hjir tichteby, yn in sleat, is ris in famke forsûpt nêst in goed sechstich jier. Letter spûke it op dat plak.
nl.verhalenbank.38626
Oan 'e Hillebrandsreed dêr spoeke it altyd. De iene hie dit der sjoen, in oaren-ien dat, mar in soad minsken doarsten der by joun en by nacht net lâns. Dêr wie ek faek in ljochtsje sjoen woarn. Ek woarden dêr nachts lykstaesjes sjoen.
nl.verhalenbank.27376
Yn Ulrum yn Grinslân is in tsjerkhôf, dêr gongen nachts de hekken altyd iepen.
Yn 'e buert fan Ulrum wie in boereskuorre, dêr gongen de skuorredoarren nachts iepen. Se ha der wol twa skoattels op dien, mar de oare moarns wienen se wòl wer iepen.
nl.verhalenbank.10692
Der woarde altyd sein yn 'e Westerein: Om tolve ûre nachts moest men net oer de spoarbrêge, hwant dan spoeke it dêr. Dan wie dêr in wyt ding warber, dat forskeidene minsken dêr wol sjoen ha. It wie krekt as sweefde it. En it hearde dan krekt as woarde der mei stientsjes smiten.
It jongfolk gong altyd it spoar del nei Feanwâldstermerke ta. Mar werom...
nl.verhalenbank.23766
Yn 'e buert fan Burgum wie in lânne, dêr spokke it altyd yn. Jochum bargekoopman kaem dy kant út wei. Dy fortelde it ús. Hy sei, syn heit wie dy lânne us yn gong. Dy woe der mear fan witte. Hy seach it spoek en spriek it oan. Hy sei:
"Bist fan God, spreek. Zijt ge van de satan, wijk."
It spoek wie útnaeid en 't hie dêr noait wer west.
nl.verhalenbank.22154
Yn Hurdegaryp is in hekke, dy't altyd fansels iepen giet.
nl.verhalenbank.29482
By de Skilige Piip op 'e Godloas Singel spûke de âlde hear.
nl.verhalenbank.38654
To Hurdegaryp wie ergens in hekke, dy't de minsken net tichthâlde koenen.
nl.verhalenbank.38325
Wy ha de minsken dy't lêst yn dat húske wenne ha al us frege as it altyd goed wie by harren yn 'e hûs. "Nou," sei de man, "om it mar earlik to sizzen, goed wie it net." Mear woe hy der net fan sizze.
nl.verhalenbank.21998
In neef fan ús hat wol us by myn skoanfolk slept. Doe't er wer thús wie, sei er: "Ik wol dêr net wer hinne. It giet der dêr nachts sa bot oan wei yn 'e hûs."
nl.verhalenbank.21999
Yn Kloosterburen wie in skuorre, dêr spûke it yn. Dêr woarden se fan 't iene plak nei 't oare smiten, as se dêr oernachten. Dêr moest rûmte makke wurde, hwant dêr moest hwat lâns.
nl.verhalenbank.20103
Hjir op 'e reed, dêr't wy wenje spûket in fôlle mei de brijpot om 'e hals. Dêr waerden wy as bern bang mei makke.
nl.verhalenbank.38639
Tsearde Antsje fortelde ek: "Myn man Tseard wie dea. Op in nacht mei ljochtmoannewaer kaem hy der oan. Earst fóár hûs, doe njonken it hûs lâns en doe achter it hûs. En dêr waerd er wei. Ik haw him mei de egen folge."
nl.verhalenbank.22118
By Agehekken, op 'e hoeke fan it Wyldpaed, spûke it altyd. As bern wienen wy dêr deabinaud. Dêr roan jouns in wyt famke om.
nl.verhalenbank.38641
Bern, dy't gjin deadsklean meikrige ha, spûkje ek.
nl.verhalenbank.10694
Klaes Kamstra hat syn frou tige min bihandele. Hy hat har wol sa bot slein dat se ûnder 'e blauwe plakken siet. En hy hat har wol oan 't hier út it bêd wei sleept.
Doe kaem se to forstjerren.
Alle jounen as hy fan 'e trein kaem fan 't wurk, dan moest er it tsjerkhôf foarby en dan fleach der elke kear in wyt ding út it graef wei nei de tsjerke-hikke ta....
nl.verhalenbank.22122