Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op 'e houtsjes (planken oer de sleatten) wienen faek wite juffers.
nl.verhalenbank.32487
As hounen spûkgûle, as eksters skatterje, as de tsjerkeklokken deadsk liede - dan hinget der in deaden oan - sil der ien stjerre.
In pear jonges, sa fortelde heit, woenen de kloklieder ris in kear bang meitsje. Doe't er to kloklieden soe gongen dy beide jonges boppe op elkoar tsjin 'e muorre oan stean. 't Wie al hwat tsjuster. Doe't de klokmakker dy beide...
nl.verhalenbank.31545
Op 'e Hamster Ikkers spoeke it altyd. Op itselde plak sahwat, dêr't ik as jonge dy kroade mei dat mantsje der yn sjoen ha, dêr fleach ek altyd in hynder troch 't sied hinne. Mar it fremde wie, der lei noait ien ier plat. It wie in spoekhynder.
nl.verhalenbank.21641
Op 'e Fûgelkamp, seinen se altyd, dêr roan jouns in neaken berntsje om. "Dêr rint hwat," seinen se dan, "dêr net lâns gean."
nl.verhalenbank.22298
By 't Spûkeloantsje by de Langeastloane to Eastemar rint altyd in fôlle mei in brijpot om 'e hals neffens it sizzen.
As jo dy fôlle yn 'e wei rinne wurde jo oerside set.
Ek op 'e Mûzegroppewei rint sa'n fôlle mei in brijpot, en ek op 'e Drifte.
nl.verhalenbank.28807
Myn omke wenne yn Grinzer Pein. Hy wie mattewever. Op in nacht om healwei ienen gong hy der op út mei in platte kroade. Dêr hied er in matte op dy't er oan 'e man bringe woe. Hy soe de kant nei Frentsjer út, dêrom wied er ek sa bitiid. 't Wie hwat mistich waer. Doe't er ûnderweis wie yn 'e buert fan Ljouwert, seach er ynienen in hiele greate kop. Dy wie...
nl.verhalenbank.25525
Yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema spoeket in baerch mei in brijpot om 'e hals.
Ek is dêr in keardel dy't alhiel trochljochte is; in gleone keardel. Dy rint dêr om. Se seinen dat dat de duvel wie.
Fan Readskuorre oan 'e Smoarhoeke ta roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.17545
Piter hountsje (=Alma) en Sytse Jager wienen togearre op in nacht oan 't murdejeijen. Doe't se yn 'e Fûgelkamp wienen (yn 'e buert fan Spineta) kamen de beide hounen samar ynienen by har, deabinaud. De dieren raesden it út. Doe't de beide mannen om har hinne seagen, waerden se twa neakene berntsjes gewaer, dy sweefden dêr om. Se sweefden nei in dobbe ta....
nl.verhalenbank.17563
Der wie in dobbe achter Fokke Rins (Fokke Alma = dikke Fokke, dûbelde Fokke, soan fan Albert Alma en Tet). Tichteby hat in âld hûs stien, dêr binne trije berntsjes yn forbrând. Jan van Zalen hat der noch in liet fan makke. Dy berntsjes binne op it earmetsjerkhôf biierdige. Sy hienen gjin deaklean mei krigen.
Dy berntsjes sweefden altyd om dy dobbe hinne...
nl.verhalenbank.22223
Spoeken binne djûr as men se fange kin.
nl.verhalenbank.21253
Yn froeger tiden spoeke it op 'e ikkers fan Droegeham. It wienen froulju mei pearse jakken oan.
nl.verhalenbank.21255
Op it Langpaed, by de Harkema, spoeke in baerch mei biggen.
nl.verhalenbank.25519
Wite juffers spoeken meastal op houtsjes en planken.
nl.verhalenbank.17542
Oan 'e Rysloane yn 'e Harkema spûke in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.28598
Op 'e Krúswei doogde it net. Dêr spoeke it. In bulte minsken doarsten dêr by jountiid net lâns.
nl.verhalenbank.23952
Spoeken binne trije kear stoarn:
Hja binne fordroege; forferzen; forwettere.
nl.verhalenbank.20965
Oan 'e Boskreed - fan 'e Betonwei ôf oan it húske fan Rinse Stoarm ta en dwarsoer roan altyd in fôlle mei in brijpot om 'e hals (yn Harkema).
nl.verhalenbank.27004
Op 'e Lytse wei spoeke altyd in hynder.
nl.verhalenbank.21139
Op 'e Roekekamp spoeken trije neakene lytse berntsjes.
nl.verhalenbank.23677
Heit en dy wienen us op in joun mei in ploechje jongfolk nei Eastemar ta to apelstellen. Mar it woe net. It wie noait liker as woarden se keard. Dat sy gongen mar werom. Mar sy woenen apels ha.
Dat doe soenen se it noch us bisykje by Goaitsen Rôt (= G. Veenstra).
Mar dêr komt in wite juffer oan op 'e fyts, dy't samar ynienen weiwurdt mei fyts en al. Dat...
nl.verhalenbank.22097