Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: spoken Narrator Gender: male Place of Narration: Kollum
Guon fan Feansterheide hienen in sike koe. Doe gong it minske mei har buorfrou nei âlde Hinse, dy't op 't Swartfean wenne. Hinse Jehannes de Boer wie duvelbander en hy doktere ek mei fé. Hja gong nei Hinse ta om rie. Hinse frege: Binne jim dêr en dêr lâns kom? "Ja", seinen de froulju. "Ha jim nergens lêst fan hawn?" "Né." "Dan krije jim dêr aenst àl lêst...
nl.verhalenbank.19731
In dûmny moest faek op in snein-to-joun, as er earne preekje moest, de Godleassingel lâns by Feanwâlden. Dêr spûke it. As er oan 'e brêge ta wie wie 't spoek foar de brêge en wie hy der oerhinne, dan wie 't achter de brêge.
nl.verhalenbank.31656
Froeger wenne der op 'e Triemen in âld man, dy kaem wolris by ús. Dy hie in broer yn Zoutkamp to wenjen. Dêr yn Zoutkamp, fortelde hy, dêr stie in hûs, dêr wennen minsken yn, dy hienen it neat to rûm. Hwant it doogde dêr net yn dat hûs. It wie nachts allegear leven yn dat hûs, de leppels en foarken rattelen yn 't leppelbakje om, de kopkes en pantsjes...
nl.verhalenbank.38470
Dêr roun altyd in dikke bûnte houn tusken de Driezumer brêge en de Deenzer brêge oan 'e Dokkumer Trekwei. Dy houn spûke dêr.
nl.verhalenbank.32252
Oan 'e Oaljemounesingel to Kollum spûke it ek. Guon wienen dêr bang.
nl.verhalenbank.32253
Yn Trynwâlden, by 't Gytsjerkster tsjerkhôf rattele alle dagen in ponge mei jild oer de wei. Ek spûke der yn 'e Trynwâlden in hynder om. Oer de Westerdyk by Ryptsjerk spoeke alle nachten in fôlle om.
nl.verhalenbank.19616
Heit en mem gongen in kear nei Feanwâlden ta. Op 'e neidei, doe't se weromkommen, wienen se op 'e Boppewei. Dat is tusken de Westerein en Feanwâlden yn. Oan 'e oare kant de sleat seagen se twa yn regenkleden. Hja sweven mear as dat se roannen. It wienen spoeken.
nl.verhalenbank.23088
Yn Kollum wie in strjitsje, dêr spoeke it yn. Der stie in hûs mei in finsterke, dat gong altyd samar fansels iepen en ticht. Dêr wienen froeger guon bang foar. It wie in âlde timmerwinkel, de Pijnakkers wennen dêr froeger.
nl.verhalenbank.24655
35