Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Oan 'e Loane stie froeger in hûs, dêr wie in frommes yn formoarde. Sûnt dy tiid spoeke it dêr.
Sytse Smid hat dêr wenne. Der roan in greate hage foar 't hûs lâns. In protte minsken ha dêr in greate swarte houn sjoen.
Ik kom der al us lâns mei de faem.
Myn faem fleach ynienen om my hinne.
Ik sei: "Hwat wolste?"
"Och heden", sei se. Sy koe hast gjin wurd...
nl.verhalenbank.21683
Op 'e Boelensloane stie in hulzeboskje. Dêr roan altyd in hountsje om mei in kuorke yn 'e bek.
Dat spoeke dêr. 't Wie doe noch sânwei. Dêr wie elk bang foar.
(is dit nu weer wat anders dan de hond met de pappot?) A.A.J.
nl.verhalenbank.24313
By 't Blauhûs spoeket altyd in grouwe houn op sloffen, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.25422
[p. 97]
De misledige deaholle
Der wie in man, dy neamden se de achtkantige boer. Hy wie smoarryk en hy joech nearne om. Op in kear gong er op reis, mei syn feinten en syn wiif, in hiele protte minsken. Se rieden in ein fuort en doe kamen se by in âld tsjerkhôf. Hy woe dêr ris
[p. 98]
op sjen en doe foun er dan in deademinskeholle. En doe skopte er dy...
nl.verhalenbank.128314
Tusken Blauhûs en dy hulzenhage roan froeger in pleachbeest. It like in dikke grouwe houn.
nl.verhalenbank.24228
Feitse Mud tsjinne by in boer yn Oerterp. Achter Oerterp rint in loane dy giet ek nei Sigerswâld ta en op dy loane spûket it.
Dy boer hie in protte bijen en dy woarden elk jier yn 'e nacht nei de heide ta brocht. Dat gebeurde ris wer op in nacht. Doe't de bijen opladen wienen op twa weinen rieden de boer en Feitse Mud togearre fuort. Doe't se op 'e loane...
nl.verhalenbank.37692
Yn 't singeltsje by Piter Scheper, dêr spoeke it. Dêr doarsten in soad minsken net lâns by jountiid of yn 'e nacht.
nl.verhalenbank.23585
Hjir yn 'e Houtigehage wie froeger in span barten oer de wyk, op dy barten spoeke it altyd.
nl.verhalenbank.23797
Op 't lêste ein fan 'e Boelensloane nei 't Blauhûs spoeke in houn mei in brijpot om 'e hals. 't Wie in read-stiennen potsje, mei brij der yn, sûnder sleef.
nl.verhalenbank.24239
Skoanheit en syn swager gongen op in joun us togearre om branhout, hwant sy hienen neat mear to stoken.
Doe kommen se op 'e Jonkerskampen (fan 'e Trije Roeden nei 't Fean). Dêr spoeke it altyd, waerd der sein.
Doe't se dêr goed en wol wienen, sprong skoanheit syn swager ynienen oer de sleat - ja, dat woed er tominsten, mar hy sprong der midden yn, doe by...
nl.verhalenbank.24562
Op dit ein fan 'e Folgerster loane spoeken froeger wite wiven.
nl.verhalenbank.24238
To Hurdegaryp, by Bennema-State is in hekke, dy't yn 'e nacht samar iepen giet en net ien wyt hoe't dat kin.
nl.verhalenbank.37694
Froeger spoeke it op 'e Skeanpaden achter de Rottefalle. Dêr ha se yndertiid in berntsje formoarde. Dat berntsje spoeke dêr letter by 't houtsje.
nl.verhalenbank.25455
Yn Uthuzermeden wenne in boer, dy hie twa skuorren.
Yn 'e iene skuorre koenen se wol sliepe, mar yn 'e oare net. Dêr spoeke it. Dêr wie 't net fortroud to sliepen.
nl.verhalenbank.22040
Yn 'e Harkema spoeke in man, dy seach der krekt út as wie 't fjûr. Dy kom noait ticht by de minsken.
nl.verhalenbank.24235
Germ Nijboer soe op in moarn nei de boer ta. Doe't er by de Skoallewyk kom, seach er Gjets Jel en Luts oer de dauwe sweven. "'k Seach de rokken boppe de dauwe útkommen", sei er. "Dêr sweefden se togearre hinne."
nl.verhalenbank.23572
Der roan froeger in paed achter 't Fean del, dat kom út op 'e wei nei de Boelensloane, tichte by 't Blauhûs.
Dêr roan nachts altyd in grouwe houn om, in swarten. Dat wie in pleachbeest, seinen se.
nl.verhalenbank.23837
Op 'e Skeanpaden yn 'e Houtigehage by 't lêste houtsje is froeger in bern formoarde. Dat bern spoeket dêr altyd noch om, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.23589
Sahwat midden op it ein fan Blauhûs nei Boelensloane, oan'e oastkant lâns stie in hulzenhage. Dêr roan it sânpaed by lâns. Der hearden se gekerm en gekreun, krekt as siet dêr ien yn 't nau. Se hearden it allinne nachts.
nl.verhalenbank.24227
Yn 'e Boelensloane op in daem, dêr't it wetter fan in wyk de Wide Pet yngong, der spoeke it. It wie hwat, dat makke rare geluten, 't hie rokken oan. Guon seinen, 't wie in keardel.
nl.verhalenbank.24226