Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
It wie froeger it gebrûk yn 'e Harkema dat de forstoarne mei in wyt lekken biklaeid woarde. Mar der moest altyd in stik ôfskuord wurde, omdat it oars to lang wie. It lekken mocht net fierder as oan 'e ankels takomme. Dat hâldde forbân mei de wederopstanding. Mei in to lang lekken koe men ommers stroffelje.
It is us gebeurd, doe hienen se in minske al yn...
nl.verhalenbank.21293
De bonken yn 'e bientsjekou.
Der wenne ergens in jongfeint, dy wie net gau bang. Hy wedde mei it jongfolk, hy soe op dy en dy joun let nei 't tsjerkhôf en in deabonke út 'e bientsjekou helje. Dat wie dus ôfpraet.
Mar de koster, dy't der fan ôfwiste, forskûle him achter de bonken. Hy hie in wyt lekken om him hinne dien.
De jonge pakte in bonke. Doe sei de...
nl.verhalenbank.20827
Heit en âlde Sake ha it swevende frommes op 'e Lange Loane sjoen. 't Wie in pear jier letter as doe't er dat brune ding seach. 't Wie winter en ljochtmoanne waer. Der lei snie.
Heit sei: "Der rint noch in frommes achter ús. Hja seagen beide om. It frommes bleau op in distânsje en hja hearden net, dat se gong.
Sake seach us better ta en sei: "It is ús...
nl.verhalenbank.17522
Nei tolven yn 'e nacht kom der yn Harkema net ien mear op 'e wei. Sa binaud wienen se foar de spoeken.
nl.verhalenbank.22228
By de dikke beam oan 'e beton-wei, tusken Harkema en it Bomkleaster stienen us op in nacht allegearre auto's. 't Wienen wite auto's, allegear. Dêr roannen nonnen tusken mei lange rokken oan, allegear yn 't wyt. En dêr wie hwat tusken har yn, dat wie krekt in altaer west, hielendal wyt.
Myn op ien nei jongste skoansuster kom dêr dy nachts lâns. Dy hat it...
nl.verhalenbank.32749
Tichte by de Krúswei yn 'e Harkema spoeke in gleone man om, dy seach der krekt út as in koallefjûr.
nl.verhalenbank.25745
Op 'e Hamster Ikkers spoeke it altyd. Op itselde plak sahwat, dêr't ik as jonge dy kroade mei dat mantsje der yn sjoen ha, dêr fleach ek altyd in hynder troch 't sied hinne. Mar it fremde wie, der lei noait ien ier plat. It wie in spoekhynder.
nl.verhalenbank.21641
Spoeken binne djûr as men se fange kin.
nl.verhalenbank.21253
Oan 'e Nije Wei yn 'e Harkema spoeke in houn. In jonge fan sawntsjin jier sei: "Dy wol 'k wolris sjen." De houn wie great en bûnt. De jonge hat mei de houn fochten, mar koe him gjin baes wurde. De houn woun it. It wie de kweade.
nl.verhalenbank.17534
Heit wie us op 'e Piter Teijeskamp om wâllen út to snijen foar ús skiep. 't Wie sahwat dêr't nou de winkel fan Van Dellen stiet. Dêr sjocht er ynienen hwat, dat is brún fan kleur. It like in dikke houn en dy draeide en gisele al mar yn 'e rounte. Heit woarde sa binaud, dat hy sette mei it sekje gjers, dat mar heal fol wie, op hûs ta.
"Hwat nou?" sei mem....
nl.verhalenbank.17521
Fan in jonge dy't noait bang wie.
Der wenne ergens in boer, dy hie in lytsfeint en in greatfeint. Dy lytsfeint stie foar neat, hy wie nergens bang foar. De greatfeint en de boer koenen har dat net bigripe. Hja sprutsen togearre ôf, de greatfeint soe in wyt lekken omdwaen en by jountiid op in bartsje stean gean. De lytsfeint woarde der op útstjûrd om in...
nl.verhalenbank.20825
By de Fjouwer Wringen ûnder Surhústerfean spoeke altyd in hynder. Dat stie mei de kop oer de hekke hinne. Kom men der by, dan wie 't samar ynienen net mear to sjen.
nl.verhalenbank.20955
It spoeke altyd op 'e Skoukepaden ûnder Droegeham.
nl.verhalenbank.20835
Tsjin it hûs oer dêr't wy earder wenne ha - tichte by de brêge - hâldde in great spoek ta. It wie sa grou en swier, dat se ha it pakt en mei fjouwer hynders foar de wein nei de Surhústerfeanster petgatten brocht. Dêr ha se him yn 'e feangatten forsûpt.
nl.verhalenbank.21323
Yn froeger tiden spoeke it op 'e ikkers fan Droegeham. It wienen froulju mei pearse jakken oan.
nl.verhalenbank.21255
Op 't Fean roan yn 'e nacht in barchje om. Sjirk Bijma hie it sjoen. Alle lju skouderen dat plak, hwant dat barchje wie in spoekdier.
nl.verhalenbank.17532
Op 'e Krúswei yn 'e Harkema spoeken wite wiven.
nl.verhalenbank.19522
Hjir yn 'e Homear woarden nachts altyd twa lytse neakene berntsjes yn in kroade hinne en wer riden. Dy kroade gong soms hiel hurd hinne en wer, krekt as woarde der mei dy bern boarte.
nl.verhalenbank.27291
Piter Simens Kloosterman wie in boer. Dy wenne op 't Kleaster. Hy hie bigeard, hy woe steande bigroeven wurde. Dan koe er it lân oersjen. Mar sy dienen it net. Doe kom er werom. Hy kloppe by syn folk oan 'e doar. In pear kearen ha se him sjoen. Doe ha se der in dûmny by helle. Dy hat him oansprutsen en frege, hwat syn bigearte wie. Doe ha se nei 't graef...
nl.verhalenbank.20677
Op it Langpaed, by de Harkema, spoeke in baerch mei biggen.
nl.verhalenbank.25519