Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Alde Antsje Spoek siet yn 'e rogge of de hjouwer.
Dêr woarden de bern bang foar makke, hwant dy mochten der net ynkomme.
nl.verhalenbank.20365
Myn skoanheit wie mei syn broer oan 't murdejeien. 't Wie nacht en sy wienen elk oan 'e kant fan in wyk. Doe wie der ynienen in hiele grouwe, swarte houn. It beest hie egen as koallen fjûr. Hy wie nou us by skoanheit, dan wer by dy syn broer. It wie gjin goed spul, skoanheit fortroude it net. Hy tochte dat it de duvel wie.
Hy sei: "Ik raem him of ik sjit...
nl.verhalenbank.19916
Op 'e Rysloane tusken Bomkleaster en de Harkema spoeke altyd in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.37236
Piter Terpstra wenne yn 't fierste húske. Soms wie it dêr in freesliken lawaei by him. It doogde dêr net. Dan koe in minske dêr hast net wêze, sa gong it der oan wei. Krekt as in keppel skiep om 'e doar hinne fleach. Dan wie Piter deabinaud.
nl.verhalenbank.37232
Yn 't Spoekeloantsje by de Langeastloane ûnder Eastemar spoeke it altyd.
nl.verhalenbank.20363
Oan 'e Skieppedrifte stie in âld hûs. Dêr wenne Japik Visser yn mei syn dochter. Dêr spoeke it.
It gebeurde op in kear mei middernacht dat de âld man mei syn dochter by ús op 'e Ikkers oankloppe. Se rekken by ús yn 'e hûs. Hja wienen dwars troch de rogge en alles hinne gong, hwant it spoeke dêr bot dêr't sy wennen. De duvel siet har egael op 'e hielen....
nl.verhalenbank.37243
Us mem wenne yn Stiensgea achter de bosk.
Op in kear soe se nei 't dânsjen ta to Readskuorre. 't Wie joun. Op 'e weromreis, doe't se to Sumeer wie, woarde se in man gewaer, dy't dêr omroan.
Doe seach se, dat dy man dwars troch de muorre fan in hûs hinne roan en dat er sa wei woarde. Men kin bigripe dat se tige kjel woarde.
Doe't se thúskom lei pake al op...
nl.verhalenbank.21353
By dûmny yn 'e tún yn Droegeham stie froeger in âld hûs. Der wenne âlde Hindrik Wever (= H. Schievink).
Dêr spoeke it. Men hearde nachts dat dêr weve waerd.
nl.verhalenbank.20058
Yn 'e Hamsherne, achterút, de kant nei de Boskwei út, dêr't froeger dikke Rikele Witteveen wenne hat, roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.28821
Op it Taeke-Lân yn 'e Harkema, - dat leit by 't fuotbalfjild - spoeke in Wite juffer.
nl.verhalenbank.28823
Op 't Langfal (in paed, skean foar de froegere brêge oer fan 'e Harkema), dêr roan froeger yn 'e nacht in baerch mei biggen. Dy spoeken dêr.
nl.verhalenbank.28822
Op 'e Ikkers ûnder Droegeham spoeke it altyd. Fral yn 't hûs fan Ate Zandstra, dat dêr stie. Dêr wie 't lang net plús yn.
nl.verhalenbank.21356
Us heit sei froeger altyd, as wy der as bern jouns noch út woenen: "Om healwei achten dan komme de spoeken út Feankleaster, dan binne se sahwat om healwei njoggenen yn 'e Ham. (opm. my is ek wol us forteld, dat se om acht ûre út Feankleaster kommen en om healwei njoggenen yn 'e Ham wienen A.A.J.)
nl.verhalenbank.20045
Dêr't nou it fuotbalterrein is fan 'e kristlike fuotballers (de saterdei-spylders) hat it altyd spoeke. Op 'e hoeke wie in dobbe. Dêr wie altyd lawaei yn dy dobbe. Dêr stie faek in keardel yn. Forskeidene ha him dêr by nacht sjoen.
Ik hie in neef, dy doarst dêr noait lâns. 't Wie de Nikus-dobbe.
nl.verhalenbank.28816
Oan 'e Tillewei spoeke nachts altyd in grouwe houn. Dêr doarsten forskeidene lju nachts net lâns.
nl.verhalenbank.21359
Yn 'e Hamster buorren spoeke it yn 'e buert fan 't tsjerkhôf.
nl.verhalenbank.21371
Op 'e Ikkers ûnder Droegeham is ris in bern formoarde woarn. Men hat it bern dêr forsûpt. Sûnt spoeket it dêr altyd. Hielendal op 'e ein fan 'e Ikkers, yn 't lêste húske, wenne Piter Terpstra. Dy is dêr wei gong to wenjen omdat dat bern dêr altyd spoeke.
nl.verhalenbank.37229
By de dikke beam yn 'e Harkema doarsten de bern froeger net lâns, hwant dêr gong it altyd op in spoekjen.
nl.verhalenbank.20379
Foarhinne spoeke it hjir yn ûnderskate huzen.
nl.verhalenbank.28903
Yn 'e Harkema wennet in man fan sa'n fyftich jier. Hy is widner en hat syn wiif forlern. Nou doart er jouns net allinnich it tsjerkhôf yn 'e Harkema foarby, hwant dan komt de geest fan syn wiif by him. Dat is al in pear kear gebeurd, seit er.
nl.verhalenbank.19923