Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op 'e Bovenlannen achter de Bosk yn Stiensgea wenne Úlke Bouius. Dêr sweefden de geesten fan 'e forstoarnen om 'e hûs hinne. Se wienen by de doar en kipen yn 'e rútsjes. Dat wienen de geesten fan minsken dy't net goed bihandele woarn wienen. Dy koenen de rêst net fine en kommen sadwaende nei har dea by har eigen famyljeleden en spoeken dêr om.
nl.verhalenbank.22731
Heit kom us op Koatstertille. Doe kom er in hiele grouwe houn tsjin mei greate gleone egen. Hy hat noait witen hwat dat west hat.
nl.verhalenbank.22736
Myn skoanmem kom fan Oentsjerk. Sy wie fan boerefamylje. By har folk wienen se wol gau us yn 't achterhûs oan 't kaertspyljen.
Doe't se wer us oan 't kaertspyljen wienen, kom der ynienen in swart ding by har yn 't achterhûs. Doe binne se sa binaud woarn dat sy ha noait wer kaertspile. Skoanmem woe biweare, dat dat de duvel west hie.
nl.verhalenbank.22737
Hwat ik nou fortel gebeurde sahwat yn 1912.
Myn man syn suster dy wenne op 'e Tike. Sy hie forkearing mei ien, letter is se mei him troud.
Op in kear, op in snein-to-joun, soed er nei har ta. Hy hie in revolver by him. Dat dienen se doe wol mear. Hy moest troch in boskje. Doe seach er dêr yn 'e bosk in wyt ding. Hy tocht: "Hwat wyt ding is dat?"
Hy sei:...
nl.verhalenbank.22745