Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: spoken Place of Narration: Nijega
Op 'e Sumarreheide spoeken trije neakene froulju mei lang hier. Der wie in man dy moete harren. Hy roan hurd fuort, mar de froulju setten achter him oan en se woannen op him. Doe bigong er noch hurder to rinnen. Doe't er thús wie koed er net mear. Hy foel op in stoel del en it swit stroomde him as wetter by de holle del.
nl.verhalenbank.11550
Yn Olterterp by 't Godloas Tolhek spoeken altyd twa om. Dat wienen de adfokaten. De minsken koenen dêr gâns hinder fan ha. Doe ha dêr twa boeren hinne west mei in boerewein, mei twa hynders der foar. En dy ha dy beide spoeken op 'e wein set. Doe binne se mei dy spoeken fuortriden. Mar it ried ôfgryslike swier. De hynders koenen it hast net lûke. De boeren...
nl.verhalenbank.11551
Yn 't westen fan Aldegea, yn Opperbuorren, wenne in minske, dat hie har lytse bern forlern. Dy lytse bern waerden yn 'e tún bidobbe. Letter spoeken dy bern dêr om.
nl.verhalenbank.11525
Foaroan op 'e wei nei Aldegea ta roan froeger altyd in frou mei in wite mûtse op. Dy spoeke dêr.
nl.verhalenbank.15808
Neakene berntsjes Op Semarreheide hawwe jongelju wenne, dy wienen stienearm. Earst kamen der gjin bern, mar doett se lang om let ien krigen, wie it dea. Doe't se wer ien krigen, kaam dat likemin libben te wrâld. Dat gong sa oan fjouwer kear ta. Dy minsken hienen mei lijen wat kleantsjes byinoarskarrele foar de earste, mar jild om in grêf op it tsjerkhof...
nl.verhalenbank.12183
Yn it hûs fan Thys Jansma op 'e Tike spoeke it altyd by nacht. Earst wie der in gerattel tusken de klompen en dan waerd der in deakiste by de leider opdroegen. En dat joech altyd in bulte gedinder en gerattel. De minsken gyngen der út to wenjen. Elk wie sûnt bang foar dat hûs.
nl.verhalenbank.11499
1