Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Der binne minsken, dy stjûre Skoppenboer fuort en dan krije se in flesfol jenever werom. It gebeurt meastal yn kroegen.
nl.verhalenbank.29546
Guon kinne mei skoppenboer in flesse drank komme litte, mar se ha my wolris forteld dat dat boerebidroch is.
nl.verhalenbank.30407
Yn 'e buert fan Stroobos is 't us gebeurd, dat in ploechje folk yn 'e kroech siet. Doe stjûrde ien fan dy mannen in kaert fuort. Dat wie skoppenboer. Sy hienen kaertspile. Dy kaert joech er oer om 't hoekje fan 'e doar.
Doe kom der even letter in flesse drank oansweven. Hy sweefde boppe de tafel om. Deselde dy't de kaert fuortstjûrd hie mocht him net...
nl.verhalenbank.22956
Mei skoppenboer koenen guon in flesse drank komme litte.
nl.verhalenbank.29368
Imke de Jong kaem stéfêst op Drachtstermerke.
Op in kear hied er kaerten yn 'e hân. Yn 'e foarm fan in koker hied er se yn 'e fûst.
Doe sei er: "Skoppenboer, kom der út!" De kaert stoude wit hoe fier fuort út syn hân wei.
Sa kommandearde hy de iene kaert nei de oare. Allegearre gehoarsamen en fleagen ien foar ien in ein fuort.
nl.verhalenbank.25591
Vier vrouwen wouwen uit wandelen gaan
al in de klaverweide.
Daar zagen ze vier ruiten staan.
De boeren kwamen erbij.
De boeren wouwen met schoppen graven.
Schoppen wouwen de heren plagen.
De heren lachen van harte zo blij.
Toen kwamen de vier advokaten erbij.
(rijmpje bij 't kaartspelen)
nl.verhalenbank.33245
Ik haw wolris fan guon heard, dy't in flesse drank komme litte koenen troch in spylkaert (skoppenboer) wei to jaen.
nl.verhalenbank.34502
I. De duivel
1. Zijn U verhalen bekend over mensen, die de duivel gezien hebben of omgang met hem hebben gehad (met hem gedanst hebben, met hem kaart hebben gespeeld), of kent U andere verhalen, waarin de duivel een rol speelt?
Gelieve elk verhaal te noteren op een afzonderlijk blad papier en in elk verhaal duidelijk aan te duiden hoe de duivel...
nl.verhalenbank.14808
It gebeurde wol dat guon yn 'e kroech sieten en de drank rekke op. Dan lieten se in flesfol drank komme. Dy sweefde boven de tafel om. Dan moesten se earst in spylkaert fuortstjûre.
nl.verhalenbank.25357
Op in kear sieten der in stik of hwat manlju yn Beets yn 'e kroech om 'e tafel hinne. Ien fan dy mannen dat wie raren, dy sei: "Nou sil ik aenst skoppenboer fuortstjûre om in flesse drank. Ien fan jimmes mat de flesse oankrije. As er dat net docht, gean ik der oan. Hwa wol de flesse krije?" Der wie ien dy bea him oan.
Doe goaide dy earste de kaert troch...
nl.verhalenbank.28471
Mei skoppenboer kinne guon in flesse mei drank (jenever) komme litte. It giet mei in weddenskip. "As ik him bistel," seit deselde dy't de lege flesse mei skoppenboer yn 'e hân hat, "dan mat ien fan jimmes de folle flesse oankrije."
't Is al ris yn 'e kaserne gebeurd.
Doe krige in soldaet dy flesse oan. Hy hie him raemd mar hy wie him fuort yn 'e hannen...
nl.verhalenbank.25141
Fan heit en dy ha 'k wol heard, dat der wienen froeger wol minsken dy lieten in spylkaert út gean. Dy moest in flesse drank ophelje. Mar o wé, sei heit, as se dy flesse mei drank net oankrigen, dan kommen se der net levend foarwei.
nl.verhalenbank.15874
Troch bimiddeling fan skoppenboer kin men in flesse jenever komme litte. Dat is jenever fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.22996
Der wienen guon dy koenen mei in spylkaert (skoppenboer) in flesse drank komme litte.
nl.verhalenbank.27805
Mei skoppenboer koenen guon in flesse jenever komme litte.
nl.verhalenbank.36934
Reid Keuning fan 'e Tille koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dy liet er dan op 'e tafel marsjeare. Hy koe ek in flesse drank komme litte mei in kaert. 't Wie spiritisme, duvelskunsten.
nl.verhalenbank.20367
Hienen guon forlet fan drank, dan stjûrden se klaverboer der op út. Dan kaem der even letter in drankflesse oansweven. Deselde dy't de kaert fuortstjûrd hie mocht de flesse net oannimme.
nl.verhalenbank.31530
Guon koenen mei bihelp fan skoppenboer in flesse drank komme litte. Der wie ien yn 't selskip, dy sei: "Skoppenboer, bring ús drank." De flesse drank kom der efkes letter oansweven. Soms doarsten se de flesse net oan to krijen. Mar dat wie net bêst.
nl.verhalenbank.32978
Heit hat it ûnder tsjinst wol us meimakke, dat ien mei in kaert (skoppenboer) in flesse drank bistelde en dat dy flesse der doe oansweven kom. Mar soe dat net in soart spiritisme west ha?
nl.verhalenbank.20428
Ik wie ûnder tsjinst. Doe wie dêr in keardel dy koe in flesse drank komme litte mei in spylkaert. Hy soe de kaert fuortstjûre en in oaren moest de flesse drank oankrije. Mar doe woarde dy oare bang en krûmde der foar om. Doe is 't net troch gong.
nl.verhalenbank.27353