Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Jan Hepkes fan Surhústerfean ried geregeld nei Ljouwert ta op syn âld fyts. Dan stuts er altyd even op Swarteweisein oan. Hy mocht graech in slokje.
Doe seinen se op in kear op Swarteweisein tsjin him, hy moest in motorfyts oantuge, dan koed er folle hurder.
Doe kocht er it tsjûr fan in motorfyts en dat sette er oan syn fyts.
De freeds ried er wer nei...
nl.verhalenbank.20598
Der wie hjir yn Nederlân ris in poep, dat wie in greate opskepper. Hy hie in Nederlander by him, dy't him it iene en oar út ús lân sjen liet.
Doe kommen se by in great gebou. De poep frege syn maet: "Hoe lang bouwe se dêr nou oer?"
"Sahwat in healjier, matte jo tinke", sei de Nederlanner.
"Och heden," sei de poep, "sà lang? Dat ha se by ús yn in maend...
nl.verhalenbank.33740
Nachts rydt der to Eastemar tusken de huzen fan Kees van Dekken en de bruorren Jaarsma in wein mei in wyt hynder der foar mei kûgelsfeart troch de stege. (meidieling fan 'e muoike fan syn wiif, dy 't to Eastemar wenne hat: Tsjitske v/d Meulen)
nl.verhalenbank.12478
Ik haw ris by in kaertlizter yn Dútslân west. Sy lei seis kaerten op 'e tafel en dêr luts se ien út.
Doe sei se: Dû hast kunde oan dy en dy faem. Mar dy krijstû net. Doe hast ek noch kunde oan in oare faem, dy is sa en sa. Dy krijst ek net. It wiif datstû krijste sjocht der sa en sa út. Dû bist net in lang skoft mear fan hûs ôf, dû bist gau thús.
Dat mei...
nl.verhalenbank.12281
Sterke Hearke hie in poppe by 't wiif krige. Doe rekke hy al ier yn 'e moarn op redens fan Droegeham nei Ljouwert ta om in widze to keapjen. Werom ried er mei de widze boppe de holle. Dy widze fangde sa in protte wyn, dat Hearke fleach der oar. Fóár njoggenen dyselde moarns wied er al wer yn 'e Ham.
nl.verhalenbank.12520