Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Binne der sawn famkes yn ien húshâlding, dan is ien dêrfan in nachtmerje. Se ha wol by my west. Dan koe 'k gjin siken mear krije. Men struide wol moal. Moal hinget oan. Hie in nachtmerje moal oan har, dan koe se net wer fuortkomme.
Men sette ek wol de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan.
Se kamen ek by de hynders. Dan hienen de dieren knopen yn 'e...
nl.verhalenbank.30491
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje. In nachtmerje komt ta 't slotsgat yn. In nachtmerje kin de minsken hast smoare, sa bot knypt se. Men mat de klompen oarsom lizze of duveldrek foar de strjitte lizze. Dan hat men der gjin lêst fan.
nl.verhalenbank.22325
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje.
Ien fan 'e sawn soannen is in wjerwolf.
De nachtmerje komt troch 't slotsgat by de minsken.
Sy knypt de minsken de hals ticht, dat se omtrint smoare. Sy komme ek wol by de hynders. Dy flechtsje se flechtsjes yn 'e moanjes.
nl.verhalenbank.22966
De nachtmerjes hienen wy 't net op stean. Ien fan sawn dochters wie in nachtmerje. Sy kommen troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
Sy leinen in stik roggebrea op 'e stoel foar 't bêd, dan koe de nachtmerje net komme. Myn wiif die altyd de skuon of de klompen of de toffels achterstofoar nêst elkoar. Dan koe de nachtmerje der net yn stappe.
As jy op 'e rêch leinen,...
nl.verhalenbank.22921
Fan 'e sawn famkes út ien húshâlding is ien in nachtmerje. Der wurdt ek wol sein, dat de sawnde in kwyn is. De nachtmerje komt troch it kaeisgat nachts by de minsken. Hja giet nei 't bêd fan har slachtoffer ta en giet dan earst nei 't fuottenein en sa stadich omheech en dan giet se de minske op it boarst sitten en knypt him de hals ta, dat dyselde hast...
nl.verhalenbank.30394
Nachtmerjes kommen yn 'e nacht by de minsken. Se knypten de minsken de hals ticht, dat se hast gjin siken mear helje koenen. De lju dienen wol duveldrek ûnder 'e drompel, dan kommen se net fierder.
nl.verhalenbank.33531
Brant Veenstra hie altyd in soad lêst fan nachtmerjes. Hy fornom de nachtmerje oankommen. Earst kom er op syn fuotten, dan klom er al heger en heger en op 't lêst knypte er him de strotte ticht. Dan wied er deabinaud. Mar hy hat de nachtmerje noait in kear sjoen, sei er.
nl.verhalenbank.17589
Myn swager sei, wylst er yn 'e nacht op bêd lei: "Ik seach in dikke murd oankommen, dy kom stadichoan neijer by my. Op 't lêst siet er my op 't boarst. Doe krige ik it ôfgryslike binaud. 't Wie krekt as woarde my de hals tichtknypt. It wie in nachtmerje.
nl.verhalenbank.27667
In nachtmerje, seinen se froeger, wie in frommeske. Hja knypte har slachtoffer de kiel ticht.
Us heit sei soms: Mast altyd de toffels sa delsette foar 't bêd, dat se der net samar ynstappe kinne, dus mei de hakken nei 't bêd ta.
nl.verhalenbank.31520
Ik ha sels ek wolris lêst fan in nachtmerje hawn. Op in kear tramtearre se my sa, it wie krekt as woe se my smoare. Ik wie pûr, ik sprong fan bêd ôf en ik rôp: Dy't my ha wol, dy kin my krije.
Mar de nachtmerje paste wol op.
nl.verhalenbank.12258
Ien lei op 'e rêch op bêd to sliepen. Doe tocht er: "Hwat wurd ik binaud." 't Wie krekt as knypten se him de hals ticht. Doe taestte hy der nei. Doe hâldde er twa glêdde hantsjes beet, dy hienen him om 'e hals hinne knypt, mar sy gliden him troch de hannen hinne.
nl.verhalenbank.24369
In nachtmerje is net altyd in frommeske. Ik en myn broer Ielke wienen yn Dútslân oan 't wurk. Der wie yn datselde hûs, dêr't wy yn 'e kost wienen, nòch in kostgonger. Dat wie neffens myn broer in nachtmerje. Ik en Ielke slepten byelkoar yn 't selde bêd.
As wy in skoftsje lein hienen, sei Ielke: "Dy forrekte keardel!"
"Hwat nou, jonge?" sei 'k.
"Ik kin...
nl.verhalenbank.24458
De nachtmerje, dat wie de duvel.
Se seinen, as se de nachtmerje hawn hienen: "De duvel siet my op 't boarst. De duvel smoarde my hast." Se ha wol probearre de nachtmerje mei de hannen to pakken, mar sy koenen him noait krije. As se der nei taestten wied er al wer fuort. De nacht-merje kom ek wol yn 'e gedaente fan in frommes. Sy wie sacht oer de hûd en sa...
nl.verhalenbank.19974
Us buorman wie frijgesel en wenne allinne. Alle nachten hied er in nachtmerje by him.
Hy wist ek wol hwa't it wie. 't Wie de dochter fan Ritske Vellinga. Dy kom troch 't kaeisgat by him yn 'e hûs.
By 't fuottenein kom se by him en sa gong se nei foaren ta. Dan gong se him op it boarst sitten en dan knypte se de hannen om syn hals hinne, dan smoarde er...
nl.verhalenbank.33205