Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Binne der sawn famkes yn ien húshâlding, dan is ien dêrfan in nachtmerje. Se ha wol by my west. Dan koe 'k gjin siken mear krije. Men struide wol moal. Moal hinget oan. Hie in nachtmerje moal oan har, dan koe se net wer fuortkomme.
Men sette ek wol de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan.
Se kamen ek by de hynders. Dan hienen de dieren knopen yn 'e...
nl.verhalenbank.30491
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje. In nachtmerje komt ta 't slotsgat yn. In nachtmerje kin de minsken hast smoare, sa bot knypt se. Men mat de klompen oarsom lizze of duveldrek foar de strjitte lizze. Dan hat men der gjin lêst fan.
nl.verhalenbank.22325
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje.
Ien fan 'e sawn soannen is in wjerwolf.
De nachtmerje komt troch 't slotsgat by de minsken.
Sy knypt de minsken de hals ticht, dat se omtrint smoare. Sy komme ek wol by de hynders. Dy flechtsje se flechtsjes yn 'e moanjes.
nl.verhalenbank.22966
De nachtmerjes hienen wy 't net op stean. Ien fan sawn dochters wie in nachtmerje. Sy kommen troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
Sy leinen in stik roggebrea op 'e stoel foar 't bêd, dan koe de nachtmerje net komme. Myn wiif die altyd de skuon of de klompen of de toffels achterstofoar nêst elkoar. Dan koe de nachtmerje der net yn stappe.
As jy op 'e rêch leinen,...
nl.verhalenbank.22921
As der minsken wienen, dy't sawn dochters hienen, dan wie ien dêrfan in nachtmerje. Sa'n nachtmerje kom nachts by de minsken. Sy kom earst op 't fuottenein, by de teannen en gong sa stadich omheech. Op 't lêst siet se op 't boarst en dan knypte se de minsken de hals ticht.
Se kom yn 'e hûs troch 't kaeisgat. Dêrom lieten de lju de kaei nachts yn 'e doar...
nl.verhalenbank.22273
Fan 'e sawn famkes út ien húshâlding is ien in nachtmerje. Der wurdt ek wol sein, dat de sawnde in kwyn is. De nachtmerje komt troch it kaeisgat nachts by de minsken. Hja giet nei 't bêd fan har slachtoffer ta en giet dan earst nei 't fuottenein en sa stadich omheech en dan giet se de minske op it boarst sitten en knypt him de hals ta, dat dyselde hast...
nl.verhalenbank.30394
Nachtmerjes kommen yn 'e nacht by de minsken. Se knypten de minsken de hals ticht, dat se hast gjin siken mear helje koenen. De lju dienen wol duveldrek ûnder 'e drompel, dan kommen se net fierder.
nl.verhalenbank.33531
Brant Veenstra hie altyd in soad lêst fan nachtmerjes. Hy fornom de nachtmerje oankommen. Earst kom er op syn fuotten, dan klom er al heger en heger en op 't lêst knypte er him de strotte ticht. Dan wied er deabinaud. Mar hy hat de nachtmerje noait in kear sjoen, sei er.
nl.verhalenbank.17589
Myn swager sei, wylst er yn 'e nacht op bêd lei: "Ik seach in dikke murd oankommen, dy kom stadichoan neijer by my. Op 't lêst siet er my op 't boarst. Doe krige ik it ôfgryslike binaud. 't Wie krekt as woarde my de hals tichtknypt. It wie in nachtmerje.
nl.verhalenbank.27667
Myn soan hat ek wol in nachtmerje hawn. Dan seach er de persoan wol njonken syn bêd stean. Dan woe er graech raze, mar hy koe net. Se knypte him de hals ticht.
nl.verhalenbank.29776
In nachtmerje, seinen se froeger, wie in frommeske. Hja knypte har slachtoffer de kiel ticht.
Us heit sei soms: Mast altyd de toffels sa delsette foar 't bêd, dat se der net samar ynstappe kinne, dus mei de hakken nei 't bêd ta.
nl.verhalenbank.31520
Ik ha sels ek wolris lêst fan in nachtmerje hawn. Op in kear tramtearre se my sa, it wie krekt as woe se my smoare. Ik wie pûr, ik sprong fan bêd ôf en ik rôp: Dy't my ha wol, dy kin my krije.
Mar de nachtmerje paste wol op.
nl.verhalenbank.12258
Ien lei op 'e rêch op bêd to sliepen. Doe tocht er: "Hwat wurd ik binaud." 't Wie krekt as knypten se him de hals ticht. Doe taestte hy der nei. Doe hâldde er twa glêdde hantsjes beet, dy hienen him om 'e hals hinne knypt, mar sy gliden him troch de hannen hinne.
nl.verhalenbank.24369
Yn Twizelerheide wenne in frou, dat wie Haeije Aefke. Dy krige in nachtmerje by har op bêd.
Doe sei dy frou: "Hwat woestû? Woest my smoare?"
It wie in frou dy't se wol koe.
Letter hat se wol by dy nachtmerje to praten west. Mar sy woe tsjin net ien sizze, hwa't it wie.
Mar dêrom wyt ik it wol. It wie Jochums Frouk. Dat wie de nachtmerje.
nl.verhalenbank.20578
Fan sawn famkes dy't op elkoar folgje is ien in nachtmerje.
Fan sawn jonges, dy't op elkoar folgje is ien in wearwolf.
Ien fan 'e famkes fan Wiger Hollander (=W. Veenstra) wie in nachtmerje seinen se altyd. (Wiger Hollander wenne op it Wytfean). Dy gong nachts fan 't bêd ôf en dan gong se de minsken op 't boarst sitten en dan knypte se dy minsken de hals...
nl.verhalenbank.32778
In nachtmerje is net altyd in frommeske. Ik en myn broer Ielke wienen yn Dútslân oan 't wurk. Der wie yn datselde hûs, dêr't wy yn 'e kost wienen, nòch in kostgonger. Dat wie neffens myn broer in nachtmerje. Ik en Ielke slepten byelkoar yn 't selde bêd.
As wy in skoftsje lein hienen, sei Ielke: "Dy forrekte keardel!"
"Hwat nou, jonge?" sei 'k.
"Ik kin...
nl.verhalenbank.24458
Myn skoansoan hie praet heard oer nachtmerjes. Mar hy leaude der net oan. Hy sei: "Nou woe ik wol dat ik ris in nachtmerje krij."
Hy wie doe noch net troud en wenne by syn mem yn. Dy nachts gong er lizzen en doe kaem de nachtmerje by him. Hy wie op 'e rêch lizzen gien. De nachtmerje kaem earst by syn teannen, dat fielde er dúdlik, en sa kom se stadich nei...
nl.verhalenbank.29754
In broer fan dy jonge hat by ús mem en dy yn 'e kost west. Earst wied er by syn broer yn 'e kost. Mar dêr kaem altyd in nachtmerje by him. Dy kaem earst by syn fuotten en kom sa stadichoan omheech. Op 't lêst hie se him by de strôtte. Dan smoarde er binei. Doe woe dy jonge dêr net langer bliuwe. Hy sei tsjin 'e nachtmerje: "Forrekte âlde duvel, ik krij dy...
nl.verhalenbank.38162
In nachtmerje is in minske. It is in minske dat in straf hat. Sa'n minske mat sawn jier lang in nachtmerje wêze.
Ik ha faek lêst fan nachtmerjes hawn. Ien kear ha'k ien sjoen.
Myn man wie fuort. 't Wie hiel ier yn 'e moarn. Ik wie allinnich thús mei twa berntsjes. Doe fornaem ik ien oankommen. 't Wie in manspersoan, in skipper. Hy hie in brún pakje oan,...
nl.verhalenbank.20096
Ik lei op bêd. 't Wie hjir yn dit hûs. Ik seach in deakiste. Op dy kiste wie in kat. Dy kat sprong mei in plof op 'e groun. De kiste seach ik tige dúdlik. De hantfetten en alles koe 'k bêst ûnderskiede.
Doe kaem der hwat by my op bêd. Ik lei op 'e rêch. Datselde kaem op 't fuottenein by my en gong sa by my op oan 'e hals ta. Ik koe net sjen hwat it wie....
nl.verhalenbank.22021