Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: smoren Narrator Gender: female
Myn skoansoan hie praet heard oer nachtmerjes. Mar hy leaude der net oan. Hy sei: "Nou woe ik wol dat ik ris in nachtmerje krij." Hy wie doe noch net troud en wenne by syn mem yn. Dy nachts gong er lizzen en doe kaem de nachtmerje by him. Hy wie op 'e rêch lizzen gien. De nachtmerje kaem earst by syn teannen, dat fielde er dúdlik, en sa kom se stadich nei...
nl.verhalenbank.29754
In broer fan dy jonge hat by ús mem en dy yn 'e kost west. Earst wied er by syn broer yn 'e kost. Mar dêr kaem altyd in nachtmerje by him. Dy kaem earst by syn fuotten en kom sa stadichoan omheech. Op 't lêst hie se him by de strôtte. Dan smoarde er binei. Doe woe dy jonge dêr net langer bliuwe. Hy sei tsjin 'e nachtmerje: "Forrekte âlde duvel, ik krij dy...
nl.verhalenbank.38162
As der minsken wienen, dy't sawn dochters hienen, dan wie ien dêrfan in nachtmerje. Sa'n nachtmerje kom nachts by de minsken. Sy kom earst op 't fuottenein, by de teannen en gong sa stadich omheech. Op 't lêst siet se op 't boarst en dan knypte se de minsken de hals ticht. Se kom yn 'e hûs troch 't kaeisgat. Dêrom lieten de lju de kaei nachts yn 'e doar...
nl.verhalenbank.22273
In nachtmerje is in minske. It is in minske dat in straf hat. Sa'n minske mat sawn jier lang in nachtmerje wêze. Ik ha faek lêst fan nachtmerjes hawn. Ien kear ha'k ien sjoen. Myn man wie fuort. 't Wie hiel ier yn 'e moarn. Ik wie allinnich thús mei twa berntsjes. Doe fornaem ik ien oankommen. 't Wie in manspersoan, in skipper. Hy hie in brún pakje oan,...
nl.verhalenbank.20096
In helm dat is in wyt floers, dat it bern hielendal oer 't gesicht hinne hat, as it geboaren wurdt. Men mat der fluch by wêze, om 't der ôf to heljen, oars smoart it bern. Mem wie kreamheinster. Hja sei, Fokke Witteveen (nou yn Kanada) hie twa bern krigen, dy't allebeide mei de helm geboaren wienen.
nl.verhalenbank.24334
Ik lei op bêd. 't Wie hjir yn dit hûs. Ik seach in deakiste. Op dy kiste wie in kat. Dy kat sprong mei in plof op 'e groun. De kiste seach ik tige dúdlik. De hantfetten en alles koe 'k bêst ûnderskiede. Doe kaem der hwat by my op bêd. Ik lei op 'e rêch. Datselde kaem op 't fuottenein by my en gong sa by my op oan 'e hals ta. Ik koe net sjen hwat it wie....
nl.verhalenbank.22021
Myn âldste suster Harmke wie in nachtmerje. Ik ha oardel jier by har slept, mar ik krige gjin wink yn 'e egen. Sa'n lêst hie 'k fan har. Doe sei mem tsjin har: "Mast mar net wer by Klaske lizze." Ik hie tiden dan smoarde ik hast. Hja lei boven op my en knypte de hân om myn hals. Wy wienen mei ús tsienen fan susters, dêr wie Harmke de âldste fan. Hja is...
nl.verhalenbank.22030
Myn soan hat ek wol in nachtmerje hawn. Dan seach er de persoan wol njonken syn bêd stean. Dan woe er graech raze, mar hy koe net. Se knypte him de hals ticht.
nl.verhalenbank.29776
Yn Twizelerheide wenne in frou, dat wie Haeije Aefke. Dy krige in nachtmerje by har op bêd. Doe sei dy frou: "Hwat woestû? Woest my smoare?" It wie in frou dy't se wol koe. Letter hat se wol by dy nachtmerje to praten west. Mar sy woe tsjin net ien sizze, hwa't it wie. Mar dêrom wyt ik it wol. It wie Jochums Frouk. Dat wie de nachtmerje.
nl.verhalenbank.20578
Fan sawn famkes dy't op elkoar folgje is ien in nachtmerje. Fan sawn jonges, dy't op elkoar folgje is ien in wearwolf. Ien fan 'e famkes fan Wiger Hollander (=W. Veenstra) wie in nachtmerje seinen se altyd. (Wiger Hollander wenne op it Wytfean). Dy gong nachts fan 't bêd ôf en dan gong se de minsken op 't boarst sitten en dan knypte se dy minsken de hals...
nl.verhalenbank.32778
1