Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Dutch Keywords: smijten Place of Narration: Eastermar
Albert Alma (de man fan Tet) wie in raren-ien. Hy wenne yn 'e Harkema. Op in joun siet er yn 'e kroech by Japik Laverman op 't Jachtfjild. Hy sûpte en flokte en swetste en hy liet him ûntfalle: Ik bin fan gjin duvel bang. Doe't er let yn 'e joun de kroech forliet woardde er ûnderweis op 'e Skeankamp, dêr't nou bakker de Boer wennet, samar oer de dyk hinne...
nl.verhalenbank.12272
Knjillis en Albert Hut (Albert wie Tet har man) wienen oan 't boekweitterskjen by 't Bouwekleaster. Mar de beide mannen dienen oars neat as flokke en oangean en healwiizje. Dat der gebeurde neat, sy fierden gjin slach út. Dêr wienen se to ûndogens foar. Doe kom Hearke op 'e Rysloane stil to foarskyn. Hearke wie ek stille plysje. Hy krige Knjillis by 't...
nl.verhalenbank.20489
Hanne Ljibbes wenne op 't Heechsân. Beppe fortelde, hy hie forkearing hawn yn Droegeham. Doe sei beppe op in kear tsjin him: "Dû mast net wer nei de Ham ta, jonge, hwant sy loere op dy." Hanne sei: "Ik gean der àl wer hinne." Hy gong binnentroch. Hy wist dat se op him pasten. Doe trof er twa man. De iene sei: "Hjir is er." Doe sei Hanne: "Ja, hear, hjir...
nl.verhalenbank.36601
Boele en Baeije wennen oan 'e Skûlenburchster feart, tichte by de Hege Draei. Boele (Kuipers) wie in nuver man. Hy koe 't raer opsizze en 't wie slim sa't er spotte. Op in kear hat de duvel him ris topakken krige en dy hat him sa'n ein smiten, omtrint oan hûs ta.
nl.verhalenbank.29318
Us heit fortelde ek, dat hy hie forkearing hawn mei in faem yn Twizelerheide. Hy roan dan oer de Iest to Jistrum en dan gong er it Wyldpaed del. Op 'e weromreis, op 'e Iest, by de yngong fan 'e Spûkeloane (in stikje fan 'e âlde forbiningswei Ljouwert-Grins) hong altyd in wyt frommes oer de hekke hinne, fortelde er. Hy hie wolris mei in stien nei har...
nl.verhalenbank.28372
Willem Kooistra fan 'e Harkema wie in raren ien. Hy joech nergens om en sei, der bistie gjin opperwezen. Mar op in kear, doe't er fan 't Fean kaem, hat er 't wol oars leard. Hy is sabot smiten woarn ûnderweis, dat hy is kreupel thús kom. Ien skoech hat er mei 't smiten forspile. Wol in dei of fjouwer hat hy der siik fan west.
nl.verhalenbank.19958
In mynhear kuijere de wei del. Hy kom by in brêge, dêr stie in jonkje. Dat jonkje gûlde hiel bot, hy snokte it út. De mynhear sei: "Hwat skeelt der oan mei dy?" It jonkje sei: "Sy ha myn stik bôlle yn 'e feart smiten." "Och hea," sei de mynhear, "wie dat mei opset?" "Né," snokte it jonkje, "mei leverwoarst."
nl.verhalenbank.33830
Yn Eastemar, tichte by de Sawn húskes, woarde us ien fan 'e Koaten, dy't dêr lâns fytste by jountiid, fan 'e iene kant fan 'e wei nei de oare smiten. Mar it eigenaerdige wie, der hie neat to sjen west.
nl.verhalenbank.15771
Op 'e Kromelle dêr stie in herberchje. Dêr wie us op in joun in ploechje jongfolk fan 'e Harkema. Dy woenen dêr it heilich avondmaal fiere. It gong op in spotten fansels. Us heit wie der ek by. Dat wie doe in jonge fan sa'n achttsjin jier. Sy dienen healwiis en hienen de klean omstrûpt oan. Mar doe kom Hearke der yn, as stille plysje. Hy krige heit by 't...
nl.verhalenbank.20491
Doe't Mike Ruerd us fan in karweike werom kom, gong er de jouns oer de Skeltepaden nei hûs ta. Hy hie 't bakje mei timmergeridskip oer 't skouder. Doe stie der in swarte man op 't houtsje, dêr't Ruerd oer moest. "Ut 'e wei!" sei Ruerd. Mar de swarte bleau stean. "Ik bin net bang foar dy", sei Ruerd. Doe fleach der in ekster út 'e beam en joech in raer lûd...
nl.verhalenbank.20493
Sterke Hearke krige de sekken sied by de tûfen beet, sa smiet er se op 'e wein.
nl.verhalenbank.22086
Yn 'e Harkema wenne in timmerman, dy kom fan 't wurk. Der kom him in frommes achternei. Dy skopte him tsjin 'e fuotten oan. "Hwat wolle jo, frou, ik ha wol ien", sei de timmerman. Doe woarde er in hiel ein fuortsmiten. It iene stik ark fleach hjir hinne, it oare dêr. Doe't er wer oerein kom, woarde er noch us smiten.
nl.verhalenbank.23659
In muoike fan my - ek in skipperske hie op in joun in swarte kat oan board. Hja leinen by de draei yn Eastemar. Dy kat roun hyltyd mar wer foar 't skúfke fan it durkslûk lâns. Doe hat muoike dy kat pakt en him tsjin 'e peallen fan 'e draei oansmiten. De oare moarns roun dêr in âld minske, dat dêr wenne, mei de hân yn 'e doek.
nl.verhalenbank.31908
35