Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Stammerige Harm fan Twizelerheide is ris in kear oer de Swâdde smiten woarn troch de duvel. Hy hie in wikseldaelder en sadwaende altyd wol jild om hannen. Hy handele yn fodden ensa.
nl.verhalenbank.22957
It is us in kear op 'e Lange Wyk gebeurd, dat dêr ien oer de dyk smiten woarde. Dat wie in tige rûch man. Hy hie earst in skoft yn 'e kroech sitten en rare wurden brûkt. Dêr hied er de boel forsweard. Doe hat de duvel him opnom en oer 't wetter smiten.
nl.verhalenbank.22955
Yn 'e Westerein wenne in tsjoenster, dat wie Wibe Baeije. Sjoerd en Durkje hienen in bern, dat hie hja bitsjoend. Doe gong Durkje nei greate Wopke ta.
Wopke Minke joech har in drankje. "Mar pas op," sei Minke, "der komt jo ûnderweis ien foarby. Mar tink der om, dy mat net foarby oan 'e kant dêr't jo it drankje ha. Oars giet dat stikken. As soenen jo ek...
nl.verhalenbank.20010
Oan 't Heideloantsje yn Twizelerheide hâldde froeger in wyt spoek ta. Elkenien dy't dêr lâns kaem, moest oan kant gean, oars waerd er troch dat wite spoek in ein fuort smiten.
nl.verhalenbank.20014
Doe't ik noch sa'n jonge wie gebeurde 't op in kear dat in stik of acht, njoggen man, sa'n ploechje jongfolk, op in joun oan 't kuierjen wie. Sy kommen út 'e kroech en guon hienen 't raer opsein. Doe't se healwei Surhuzum en Stiensgea wienen, sahwat krekt by 't âlde pypke woarde der samar ien út it keppeltsje weismiten, boven oer de beammen hinne.
nl.verhalenbank.26214
Wibe Hut (= Alma; hy leeft noch) siet us yn 'e herberch op it Jachtfjild oan 'e Langewyk. Doe't hy der útkom, stie der hyltyd in kefhountsje, dat seach nei him. En doe hat dat kefhountsje him oer de wyk hinne smiten. Sy ha him net wer sjoen en 't kefhountsje ek net.
nl.verhalenbank.19488
By Sjoerde Durkje songen de katten op in joun psalm 84. Dy katten hâldden dêr in forgadering. Sjoerd hat de gripe der yn smiten en rekke Baeije, dy't har yn in kat foroare hie. De oare moarns koe Baeije net fan bêd komme. Dy hie in reis hawn. Dit gebeurde yn Sweagerbosk
nl.verhalenbank.18118